Francesco Petrarca

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Petrarca)
Jump to navigation Jump to search
Francesco Petrarca
Livro preto.svg skriuwer
Portret fan Petrarca troch Altichiero.
Portret fan Petrarca troch Altichiero.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Francesco Petracco
nasjonaliteit Flag of Florence.svg Florentynsk
berne 20 july 1304
berteplak Arezzo (Toskane)
stoarn 19 july 1374
stjerplak Arquà (Feneto)
etnisiteit Flag of Italy.svg Italjaansk
wurk
taal Latyn, Italjaansk
sjenre poëzij, brieven, essays,
oare non-fiksje
perioade Iere Renêssânse
streaming humanisme
bekendste
  wurk(en)
Il Canzoniere
Il Trionfi
Beklimming fan de Mont Ventoux
jierren aktyf 13231374

Francesco Petrarca (Italjaanske útspr.: [fran'tʃesko pe'trarka], likernôch: "fran-tsjes-ko pee-trar-ka"; Arezzo, 20 july 1304Arquà, 19 july 1374) wie in Italjaansk dichter, filosoof en wittenskipper út 'e Iere Renêssânse. Hy wie ien fan 'e ierste humanisten en wurdt faak beskôge as de grûnlizzer fan 'e Renêssânse, dy't begûn wêze soe mei syn werûntdekking fan in samling brieven fan 'e Romeinske senator Markus Tullius Sisero yn 1345. Yn syn eigen tiid stie Petrarca benammen bekend om syn gedichten, dy't er net inkeld yn it Latyn skreau, sa't doedestiden gebrûklik wie, mar ek yn it Italjaansk. Yn 'e sechstjinde iuw soe Pietro Bembo de moderne Italjaanske standerttaal foarmjaan op basis fan 'e geskriften fan Petrarca en Boccaccio, en, yn mindere mjitte, dy fan Dante Alighieri. Petrarca syn sonnetten ûntjoegen har ta in model foar lyryske poëzij, dat yn 'e Renêssânse oeral yn Jeropa neibeard waard. Tsjintwurdich stiet Petrarca behalven om syn gedichten ek fral bekend om syn brieven, wêrfan't de meast ferneamde Beklimming fan de Mont Ventoux hjit.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Petrarca waard yn 1304 berne yn 'e stêd Arezzo (yn it hjoeddeiske Toskane), dy't doedestiden diel útmakke fan 'e Florentynske Republyk. Hy wie de soan fan 'e pleatslike notabele Ser Pretracco en dy syn frou Eletta Canigiani. Syn wiere namme wie Francesco Petracco, mar de efternamme waard letter latinisearre ta Petrarca. De grutte skriuwer Dante Alighieri, auteur fan La Divina Commedia, wie in freon fan Petrarca syn heit, en sadwaande ek in bekende fan Petrarca sels.

Petrarca brocht syn iere jonkheid troch yn it doarp Incisa in Val d'Arno, net fier fan Florâns, dêr't syn jongere broer Gherardo yn 1307 te wrâld kaam. Omtrint 1310 ferfear de húshâlding Petracco nei Avignon, yn súdlik Frankryk, dêr't paus Klemins V yn 1309 de haadstêd fan 'e Pauslike Steat hinne ferpleatste. Mei't de Petracco's oanhingers fan Klemens wiene, folge it gesin him dêrhinne. Sadwaande groeide Petrarca op yn Avignon en it dêr deunby leine Carpentras.

La Casa del Petrarca yn Arezzo. Yn dit hûs soe Petrarca berne wêze.

Under twang fan syn heit, dy't sels notaris wie, studearre Petrarca rjochten oan 'e Universiteit fan Montpelier, fan 1316 oant 1320, en dêrnei oan 'e Universiteit fan Bologna, fan 1320 oant 1323. Hy waard yn dy tiid beselskippe troch Guido Sette, mei wa't er syn hiele libben lang befreone bliuwe soe. Petraca, dy't gjin belangstelling foar de wet hie mar nammenste mear foar skriuwen en Latynske literatuer, beskôge de sân jier fan syn stúdzje as fergriemde tiid. Letter soed er boppedat úthâlde dat him nei it ferstjerren fan syn âlden troch manipulaasje fan 'e wet troch syn fâden in beërf oan ûnreplik goed yn Florâns ûntfytmanne wie. Dêrtroch boaze syn ôfkear fan it rjocht noch sterker oan.

Iere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it ferstjerren fan harren âlden fêstigen Petrarca en syn broer Gherardo harren yn 1326 wer yn Avignon. Petrarca wurke dêr as klerk foar ferskate wurkjouwers. Dat libben joech him in oansjenlike mjitte frije tiid dy't er wije koe oan skriuwen. Mei syn earste grutte wurk, Africa, in epysk gedicht yn it Latyn oer de grutte Romeinske generaal Skipio Afrikanus, waard Petrarca daliks ferneamd. Op 8 april 1341 waard er foar it Romeinske Kapitoal as twadde hofdichter sûnt de Aldheid mei de lauwerkrâns kroane troch de Romeinske senators Giordano Orsini en Orso dell'Anguillara.

De keale top fan 'e Mont Ventoux, dy't yn 1336 troch Petrarca beklommen waard.

Petrarca skreau withoefolle brieven, en korrespondearre mei in ferskaat oan promininte persoanen, ûnder wa Giovanni Boccaccio, Dante Alighieri en syn bychtheit Dionigi di Borgo San Sepolcro. Hy doarme troch hiel Jeropa en wurdt wol 'de earste toerist' neamd, om't er gauris om gjin oare reden reizge as om't er der nocht oan hie. Rekreaasje wie ek wêrom't er op 26 april 1336 mei syn broer en twa tsjinstfeinten nei de top fan 'e berch de Mont Ventoux klom, yn 'e Provâns, dy't in hichte hat fan 1.912 m. Oer dat barren skreau Petrarca in tige bekend brief oan Dionigi di Borgo San Sepolcro, dat bekend stiet as Beklimming fan de Mont Ventoux. Dêryn seid er dat er ta de beklimming ynspirearre wie troch de beklimming yn 'e Aldheid fan 'e Haemo troch Filippus V fan Masedoanje.

Under yn reizen samle Petrarca oanhâldend âlde Latynske manuskripten dy't oan it ferkrommeljen wiene, en hy wie ien fan 'e driuwende krêften efter de werûntdekking fan 'e kennis fan skriuwers út it âlde Rome en Grikelân. Sa fitere er Leontius Pilatus oan by dy syn oersetting fan in manuskript fan Homearus, dat dyselde kocht hie fan Bocaccio, hoewol't Petrarca tige kritysk wie oer it resultaat. Sels hied er ek in manuskript fan Homearus yn besit, mar dat fertroude er Leontius net ta, ek al koed er der sels neat mei. Hy wie nammentlik it Gryksk net machtich, en sa kaam er by de bekende útspraak dat Homearus stom foar him wie, en hysels dôf foar Homearus.

In portret fan Francesco Petrarca.

Yn 1345 ûntdiek Petrarca eigenhandich in samling brieven fan 'e Romeinske senator Markus Tullius Sisero yn 'e Biblioteca Capitolare fan 'e katedraal fan Verona, wêrfan't it bestean foartiid folslein ûnbekend wie. De ûntdekking fan dy samling, mei de namme Epistulae ad Atticum, wurdt wol oanwiisd as de ein fan 'e Midsiuwen en it begjin fan 'e Renêssânse, hoewol't dy grins yn 'e regel letter pleatst wurdt, omtrint 1450 of sels pas om 1500 hinne.

Lettere jierren en ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lettere jierren fan syn libben wie Petrarca oanhâldend op reis troch noardlik Itaalje as wittenskipper en diplomaat foar de Roomsk-Katolike Tsjerke. Hoewol't er gjin preester of mûnts wie, koed er fanwegen syn wurkpaad yn 'e Tsjerke likegoed net trouwe. Nettsjinsteande dat hold er him net oan it selibaat en krige er nei alle gedachten twa bern by in frou of froulju dy't fierders ûnbekend bleaun is of binne. In soan, Giovanni, kaam te wrâld yn 1337, en in dochter, Francesca, waard berne yn 1343. Allebeide waarden letter troch Petrarca erkend en wettige.

De wente fan Petrarca yn Arquà, dêr't er stoar.

Giovanni stoar yn 1361 oan 'e pest, itselde jiers dat Petrarca yn Monselice, by Padua, beneamd waard ta kanunnik. Francesca troude mei in Francescuolo da Brossano (dy't nei Petrarca syn ferstjerren syn eksekuteur-testamintêr wêze soe). Yn 1362, koart nei de berte fan in dochter dy't Eletta neamd waard, nei Petrarca syn mem, joegen Francesca en Francescuolo harren by Petrarca yn Feneesje om 'e pest te ûntflechtsjen dy't doe yn oare dielen fan Itaalje hearske. In twadde pakesizzer, de nei Petrarca sels ferneamde Francesco, waard berne yn 1366, mar ferstoar foar syn twadde jierdei.

Francesca en har húshâlding libben oant en mei 1367 yn Petrarca syn wente yn Feneesje, it Palazzo Molina, dat se yn dy tiid gauris foar harrensels hiene fanwegen syn oanhâldende reizgjen. Wierskynlik yn 1368 ferfearen Petrarca, syn dochter en har gesin nei it doarpke Arquà (dat letter de namme 'Arquà Petrarca' oannaam), yn 'e Euganyske Heuvels by Padua, dat doe in selsstannige stêdsteat wie. Dêr brocht Petrarca syn restearjende jierren troch yn religieuze kontemplaasje. Hy kaam dêr te ferstjerren op 19 july 1374, in dei foàr syn santichste jierdei. Syn wente yn Arquà is no in museum dat oan syn libben en wurken wijd is. Syn ferneamde bibleteek is dêr lykwols net te sjen, want dy waard nei syn dea yn beslach nommen troch it regear fan Padua, en de manuskripten binne sûnt fersille rekke oer hiel Jeropa.

Yn novimber 2003 waard it grêf fan Petrarca iepene foar wittenskiplik ûndersyk fan syn stoflik omskot, troch wittenskippers fan 'e Universiteit fan Padua. Dat wie earder ek alris bard, yn 1873, troch perfester Giovanni Canestrini, ek fan 'e Universiteit fan Padua. Doe't it grêf yn 2003 iepene waard, trof men de plasse fan it skelet yn gruzeleminten oan, en DNA-undersyk wiisde út dat dy plasse net Petrarca sines wie. Men giet derfan út dat de wiere plasse fan Petrarca yn 1873 ûntfrjemde wêze moat. De rest fan it biente yn it grêf wie nei alle gedachten wol fan Petrarca, mei't der bewiis fûn waard foar beskate ferwûnings (lykas dy oprûn troch de skop fan in ezel doe't er 42 jier wie), dy't bekend binne út Petrarca syn brieven.

Wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Petrarca is it bekendst wurden fan syn Italjaansktalige poëzij, yn 't bysûnder Il Canzoniere ("De Sangen") en Il Trionfi ("De Triomfen"). Hy wie lykwols ek in entûsjast latinist, en skreau it meastepart fan syn wurk yn it Latyn. Ta syn oeuvre yn dy taal hearre filosofyske en oare wittenskiplike geskriften, yntrospektive essays, brieven en gedichten. Bekendheid hawwe:

It stânbyld fan Petrarca op it Uffizi Paleis yn Florâns.
  • Africa, in úteinlik ûnfoltôge bleaun epos oer de Romeinske generaal Skipio Afrikanus;
  • Secretum Meum ("Myn Geheime Boek"), in yntins persoanlike, skuldbeladen, ynbylde dialooch mei Augustinus fan Hippo;
  • De Virgis Illustribus ("Oer Ferneamde Minsken"), in rige morele biografyen;
  • De Otio Religiosorum ("Oer Religieuze Frije Tiid") en De Vita Solitaria ("Oer it Solitêre Libben"), wêryn't Petrarca it meditative libben priizget;
  • De Remediis Utriusque Fortunae ("Remeedzjes foar Lok en Ungelok"), in selshelpboek dat hûndert jier lang grutte populariteit hie;
  • Itinerarium ("Reisgids"), in ier soarte fan reisgids foar reizen nei it Hillige Lân;
  • Carmen Bucolicum, in kolleksje fan tolve pastorale gedichten.

Petrarca publisearre yn it Latyn ek smaadreden tsjin dokters, rivalisearjende wittenskippers en tsjin de Frânsen as etnyske groep. Fierders sette er in sântal psalmen oer, in samling dy't bekend kommen is te stean as de Boetepsalmen. It is hast net te dwaan om jiertallen ta te wizen oan syn publikaasjes, om't er syn hiele libben trochgie mei feroarings en ferbetterings oan te bringen yn earder wurk.

Fan syn withoefolle brieven publisearre Petrarca sels ek in grut tal, wêrûnder guon dy't er skreau oan lang lyn ferstoarne persoanen as Sisero, Firgilius en Seneka de Jongere. Dy brieven brocht er gear yn twa wichtige rigen boeken, mei as titels de Epistolae Familiares ("Brieven oer Famyljekwestjes") en de Seniles ("Brieven fan 'e Alderdom"). Hy stelde syn brieven op nei foarbyld fan 'e brieven fan Sisero, en publisearre se sûnder nammen, om 'e oanskreaune persoanen, dy't faak syn famyljeleden of freonen wiene, te beskermjen. Syn Brief oan it Neigeslacht, it lêste brief fan 'e Seniles, is feitliks in beheinde autobiografy en in gearfetting fan Petrarca syn filosofy. Dat brief moat er skreaun hawwe yn 1371 of 1372, in jier as twa, trije foar syn dea.

Filosofy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Petrarca wurdt tradisjoneel wol sjoen as de grûnlizzer fan it humanisme, en wurdt ek wol beskôge as 'de heit fan 'e Renêssânse'. Yn syn boek Secretum Meum wiist er derop dat sekuliere prestaasjes yn it libben net needsaaklikerwize in autentike relaasje mei God tsjinkeare. Ynstee riddenearret er dat God de minske syn grutte yntellektuële en kreätive potinsjeel jûn hat om hielendal brûkt te wurden. Dêrmei ynspirearre er de humanistyske filosofy dy't neitiid liede soe ta de yntellektuële bloei fan 'e Renêssânse.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.