Springe nei ynhâld

Dionigi di Borgo San Sepolcro

Ut Wikipedy
Dionigi di Borgo San Sepolcro
geastlike
echte namme Dionigi di Borgo San Sepolcro
nasjonaliteit Florentynsk
bertedatum ±1300
berteplak Sansepolcro (Toskane)
stjerdatum 31 maart 1342
stjerplak Monopoli (Apúlje)
etnisiteit Italjaansk
biskop fan Monopoli
amtsperioade 13401342
foargonger ûnbekend
opfolger ûnbekend

Dionigi di Borgo San Sepolcro (Italjaanske útspr.: [ɟo'ni.ʤi di 'bɔrɡo san se'pɔlkro], likernôch: "dzjo-ny-dzjy dy bor-go san see-pòl-kro"; Sansepolcro (Toskane), ±1300Monopoli (Apúlje), 31 maart 1342) wie in Italjaansk augustynsk mûnts dy't benammen bekend wurden is fanwegen syn gedoente mei inkele grutte nammen út 'e Italjaanske literatuer. Hy wie nammentlik de bychtheit fan Francesco Petrarca en in learaar fan Giovanni Boccaccio. Dionigi waard letter beneamd ta biskop fan Monopoli, yn súdlik Itaalje, mar ear't er yn dy funksje in soad berikke kinnen hie, kaam er te ferstjerren.

Dionigi di Borgo San Sepolcro waard omtrint 1300 berne yn it plak wêrfan't er letter it toponym as efternamme oannaam, Borgo San Sepolcro, it hjoeddeistige Sansepolcro yn Toskane. Syn bertenamme wie Dionigi de' Roberti (Dionigi is de Italjaanske foarm fan 'Dennis', ôflaat fan it Latynske Dionysius). Hy joech him al jong as mûnts by it augustynske kleaster yn Borgo San Sepolcro, dat yn 1281 stifte wie yn 'e delling fan 'e rivier de Spoleto. Hy koe sa goed leare, dat er nei Parys stjoerd waard om teology te studearjen oan 'e Sorbonne, dêr't er yn 1318 syn stúdzje ôfrûne. Omtrint 1324 behelle Dionigi in doktoraat yn 'e teology, en oant 1328 wied er as heechlearaar oan 'e Sorbonne ferbûn.

Yn dyselde tiid wie Dionigi yn Parys ek aktyf as astrolooch. Dêr wie neat nuvers oan, mei't de astrology doedestiden as in renommearre wittenskip beskôge waard en net as de pseudowittenskip dy't men it hjoed de dei wit te wêzen. Yn syn hoedanichheid as astrolooch foarsei er it ferstjerren fan generaal Castruccio Castracani: doe't Giovanni Villani him skreau in mei it lêste nijs út Itaalje, wêrby't er oanjoech soargen te hawwen oer wat Castracani en de hillige roomske keizer Loadewyk de Beier yn 't sin hiene, skreau Dionigi werom dat er net yn noed hoegde te sitten. Net ien fan dy dingen soe foarfalle, mei't Castracani op it punt stie te ferstjerren. En dat barde krekt sa't er it foarsein hie.

Ear't er de Universiteit fan Parys (de Sorbonne) ferliet, berikte Dionigi de rangen fan diffinitor en magister sacrae paginae. Neitiid reizge er in protte. Sa gied er yn 1329 op in diplomatike missy foar kardinaal Napoleone Orsini, dêr't fierders neat oer bekend is. Yn 1332 hold er ta yn Feneesje, wylst er yn 1333 in soad tiid trochbrocht yn Avignon, dêr't er yn 'e kunde kaam mei Francesco Petrarca. Hy joech dêr les oan it kolleezje fan 'e Augustynske Oarder. Yn 1335 wie Dionigi yn Grasse, yn 1337 ferbleau er yn Florâns, en yn oktober 1338 reizge er ôf nei Napels. Hy soe de oerbleaune fjouwer jier fan syn libben ûnôfbrutsen yn it Keninkryk Napels trochbringe.

Utsjoch oer Sansepolcro, dêr't Dionigi di Borgo San Sepolcro berne waard.

Yn 'e stêd Napels wenne Dionigi yn it augustynske kleaster dêre, en fungearre er op 11 oktober 1339 as tsjûge foar de offisjele skinking fan lân oan it kleaster troch in Napolitaanske ealman, bedoeld foar de bou fan in tsjerke. Mei syn astrology en syn kennis fan Klassyk Latyn wûn er de geunst fan kening Robert fan Napels. Dyselde liet him al yn 'e winter fan 1338 op 1339 in rûzje besljochtsje tusken de ferskillende partijen mank de boargerij fan 'e stêd l'Aquila. Op ynstigaasje fan Robert waard Dionigi op 17 maart 1340 wijd ta biskop fan Monopoli, yn Apúlje, dat ûnderdiel útmakke fan it Keninkryk Napels. Ut dy tiid oerlibbet in houliksfergunning mei Dionigi syn hantekening, datearre op 5 juny 1340, dy't letter weromfûn is tusken de korrespondinsje fan paus Benediktus XII. Dionigi kaam frij hommels te ferstjerren op 31 maart 1342, doe't er likernôch 42 jier âld wie. Hy waard begroeven op it tsjerkhôf fan Agostino alla Zecca, mei in sark dêr't Petrarca in grêfskrift foar skreau.

Gedoente mei Petrarca en Boccaccio

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dionigi wie wierskynlik yn 1333 yn Avignon mei Francesco Petrarca yn 'e kunde kommen, hoewol't der ek in teory bestiet dat se inoar al koene út Dionigi syn tiid yn Parys. Yn elts gefal fungearre Dionigi ûnder syn ferbliuw yn Avignon as Petrarca syn bychtheit. Neitiid skreau Petrarca trije brieven oan him, dy't alle trije bewarre bleaun binne. It meastepart fan wat tsjintwurdich oer Dionigi bekend is, komt út dy brieven. It wie Dionigi dy't Petrarca oanrette de Confessiones fan tsjerkfaar Augustinus fan Hippo te lêzen. Hy joech him sels in kopy fan dat wurk yn bûsformaat, dat Petrarca nei eigen sizzen neitiid altiten by him droech.

Neffens guon histoarisy komt de ynfloed fan Dionigi op Petrarca, dy't doe krekt yn in morele krisis ferkearde fanwegen syn ferealens op in frou dy't Laura hiet, del op in bekearing. Petrarca skreau syn meast ferneamd brief, Beklimming fan de Mont Ventoux, oan Dionigi (hoewol't der twifels binne oer de fraach oft dat brief wol ea oan Dionigi ferstjoerd is). Dionigi, fan syn kant, bewurkmastere dat kening Robert fan Napels ynstimde mei it takennen fan 'e lauwerkrâns (en dêrmei it hofdichterskip) oan Petrarca.

Mei Giovanni Boccaccio kaam Dionigi yn 'e kunde yn Napels. Boccacio wenne dêr al sûnt 1327, doe't er fjirtjin jier wie. Hy wie gauris te gast oan it hof fan kening Robert, dêr't er yn 1338 Dionigi trof, dy't him de grûnslach fan it humanisme bybrocht. Sa liet er him yn 'e kunde komme mei it wurk fan Augustinus fan Hippo, Seneka de Jongere en Petrarca. Der wurdt wol tocht dat Dionigi Boccaccio ek poëzij bybrocht. Boccaccio kearde oan 'e ein fan 1340 werom nei Florâns, dêr't er oardel jier letter, by it ferstjerren fan Dionigi, in brief skreau wêryn't de dea beskriemde fan syn "earwurde heit en learaar", waans ferskieden "him neat yn 'e wrâld oerlitten hie."

It grutste part fan 'e wurken fan Dionigi binne ferlern gien, mar bewarre bleaun binne:

Guon oare kommentaren binne oan Dionigi taskreaun, mar dêrfan is it ûnwis oft hy wol wier de auteur wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Endnotes en References, op dizze side.