Springe nei ynhâld

Skipio Afrikanus

Ut Wikipedy
Skipio

Skipio Afrikanus, yn it Latyn Publius Cornelius Scipio Africanus (236 f.Kr. - 183 f.Kr.) wie in Romeinske generaal en politikus dy't yn de Twadde Punyske Oarloch al op jonge jierren yn Spanje kriich fierde en úteinlik Hannibal yn Afrika fersloech. Hy beklaaide in rige wichtige amtlike funksjes, mar koe him yn de polityk net hanthavenje en moast him ûnder druk fan figueren as Kato weromlûke út it politike libben. Hy is foaral ferneamd as militêr sjeny (nea waard er ferslein yn in fjildslach) en de oerwinning op Hannibal makke him ta ien fan de grutste fjildhearen út de skiednis.

Skipio waard berne yn in foarnaam Romeinsk laach dat in wichtige rol spile yn de Romeinske polityk. Hy wie de soan fan Publius Kornelius Skipio I. Yn de kriich yn Illyrje hienen de Skipioanes in soad macht krigen en yn 218 f.Kr. waard de heit fan Skipio oanwiisd om de ynvaazje fan Hannibal Barkas ta stean te bringen.

De jonge Skipio, dy't ûnder syn heit tsjinne yn it Romeinske leger, ûnderskate him al yn syn jonge jierren by militêre aksjes. Yn 212 f.Kr. waard hy tegearre mei syn broer Lusius yn de âldens fan krapoan fiifentweintich jier ferkeazen as curule aedile, in hege publike funksje. It jier dêrnei laten de Romeinen in grutte nederlaach yn de Slach by de Boppe-Baetis, Hispania, tsjin de broer fan Hannibal, Hasdrubal Barkas. Yn dy slach waarden de heit fan Skipio en syn omke ferslein en deade. Al hiel gau like de oarloch yn Hispania in ferlerne saak. Doe't nimmen fan de âldere generaals harren frijwillich dêrnei ta sette woene, stelde Skipio himsels kandidaat.

Nettjinsteande it feit dat hy gjin magistraat wie en noch net praetor of konsul west hie, krige hy de prokonsulêre foegen mei deselde macht as in konsul, ek op militêr gebiet. Mei in leger fan krapoan tsientûzen ynfanteristen en inkelde tûzenen ruters gong hy fan board yn 210 f.Kr. tichtby by it Katalaanske Ampurias, wylst de Kartagers it lân besuden de rivier de Ebro sawat alhiel yn hannen hiene. Syn eardere ûnderfinings út de slaggen tsjin Hannibal hienen Skipio op nije ideeën brocht dy't er trochfierde yn it leger. De kohort as legerûnderdiel waard troch him yntrodusearre om de befelstruktuer te ferbetterjen en de bewapening fan syn ynfanteristen mei de koarte gladius. Ek sluet Skipio bûnskippen mei omhinne wenjende folken en joech opdracht ta it ferkennen fan de Kartaachske gebieten. Sa kaam hy derefter dat de Kartagers trije legers hienen dy't net goed gearwurken en gauris spul hienen, en dat Kartago Nova (it tsjintwurdige Kartagena) bewekke waard troch in lyts legerke fan mar tûzen man. Fan Tarrako ôf, tsjintwurdich de Katalaanske stêd Tarragona, set hy him yn 209 f.Kr. súdlik nei Kartago Nova dêr't er him troch de maritime float yn stypje liet en belegere de stêd. Omdat de baai by de stêd by ebbe sawat alhiel drûch foel, koe hy de Kartagers oer lân oanfalle en de stêd ynnimme. Dy oerwinning wie de omslach yn de Punyske oarloch. Yn in twatal slaggen dêrnei by de slach by Baekula en de slach by Ilipa, allebeide yn Spanje, fersloech er de Kartagers en ferjage harren foarfêst fan it Ibearysk Skiereilân. By Ilipa die bliken dat Skipio op taktysk flak Hannibal benei komd wie troch it tapassen fan in foarút-fariant fan Hannibal syn klassyk wurden dûbele tangebeweging yn de Slach by Cannae.

It protte fan de Romeinske senatoaren en oare hegerein hienen muoite mei de súksessen fan Skipio en besochten syn macht te beheinen. Sy koenen lykwols net foarkomme dat Skipio tastimming krige om Afrika it wengebiet fan de Kartagers oan te fallen. Yn 203 f.Kr. fersloech er tegearre mei de pro-Romeinske Numidyske lieder Massinissa yn de Slach by de Bagradas Kartaachske en Numidyske troepen ûnder befel fan Hasdrubal Gisko. Massinissa koe dêrop kening fan de Numydjers wurde dy't oant dan ta hieltyd bûnsmaten west hienen fan de Kartagers en yn ferskate fjildtochten fan Hannibal meidien hienen. De regearing fan Kartago waard ferfolgens twongen ta ûnderhannelings en Hannibal moast syn troepen út Itaalje wei helje om in nederlaach tsjin de Romeinen te foarkommen. De kriich yn Afrika gong fierder en resultearre yn in treffen tusken de legers fan Romeinen en Kartagers by Zema Regia tichtby Kartago, dêr't Skipio in ein makke oan de Twadde Punyske Oarloch troch Hannibal te ferslaan. Hy helle de oerwinning troch syn elitetroepen, taktyske fernimstigens en de sterke Numidyske ruters fan Massinissa. It jier dêrop tekene Kartago in troch Rome oplein fredesferdrach dat de ein betsjutte soe fan Kartago as serieuze rivaal fan Rome. Fan de Senaat krige Skipio de earenamme Afrikanus as earebetoan foar syn oerwinning yn Afrika.

Syn fierdere wurkpaad

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 199 f.Kr. waard Skipio as censor en princeps senatus keazen, yn 194 f.Kr. wie hy konsul. Skipio warskôge de Romeinen foar it gefaar fan de Hellenistyske steaten yn it easten. Hy wie legaat yn de kriich tsjin Antiochus III, kening fan de Seleusiden. By de Slach by Magnesia (189 f.Kr.) fersloech hy tegearre mei syn broer Lusius Antiochus III.

Pensjoen en ferstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marcus Porcius Cato ‘de Censor’ wie tsjinstanner fan de Scipiones en sette útein mei Lusius en Publius yn 185 f.Kr. te beskuldigjen fan korrupsje. Skipio waard net feroardiele, mar yntusken wie dúdlik wurden dat syn rol yn de polityk útspile wie. Hy luts him tebek op syn pleats yn Liternium, dêr't hy yn 183 f.Kr. op 53-jierrige leeftyd ferstoar, mooglik oan in sykte.

Skipio Afrikanus wie boaske mei Aemilia, de dochter fan Lusius Aemilius Paullus (de konsul fan Cannae). Syn dochter Kornelia soe de mem wurde fan Tiberius Sempronius Grakkus, waans herfoarmingen op it mêd fan lânferdieling einige yn it earste politike geweld fan Rome en syn dea ta gefolch hie. Syn soan, Publius neamd, soe letter de soan fan Lusius Aemilius Paulus Masedonikus adoptearre, mei de namme Publius Kornelius Skipio Aemilianus Afrikanus minor.