Springe nei ynhâld

Oedsmastate

Ut Wikipedy
Kaartsje mei de states om Marsum, Deinum, Boksum en Blessum hinne

De Oedsmastate ek: Juckemastate of Grut Oedsma wie in state yn Boksum, gemeente Menameradiel, yn de hoeke fan de Hegedyk en de Tiltsjedyk.

De oarspronklike stins waard grif al fier foar 1400 boud. Yn de noardwestlike hoeke fan de Hegedyk en de Tiltsjedyk lizze noch twa lege terpkes. Dêr soe neffens de atlas fan Eekhoff de Oedsmastate stien hawwe. K.J. van den Akker skriuwt yn syn boek “Van de mond der oude Middelzee” om 1940 hinne dat Wopke Eekhoff him fersind hat mei syn oanname dat Oedsma en Scheltema ien en deselde state west hawwe. Oedsmastate soe identyk wêze oan Juckemastate dat op it noardlike diel fan de doarpsterp stie. Sjoen de bewennersskiednis fan Oedsmastate wurdt hjirûnder Van den Akker folge.

Yn 1420 komt der yn Boksum in ? foar mei de namme Homme Oedsma. Homme Oedsma komt yn datselde jier tegearre mei Sija Sierdsma fan Deinum foar yn in “Suenbrieff” tusken “Sicke Syaerda, met sijn vrunden” en Okke tom Broek. Yn 1453 waard in nije klok getten foar de tsjerketoer fan Boksum, mei it opskrift “Liuwe Homma soen” “hoevelinck” te Boksum is.

1481: Ljouwerters “hebben Werp Lyuus huys toe Buxum gecregen ende gedistraheert”. Worp wie oant dat stuit de haadling fan it doarp. Dêrnei krige hy in stins fan Bocke Feikes Harinxma yn Wâldsein en yn 1486 sit er op in stins yn Harich om dêrwei de fetkeaper Ige Galama te befjochtsjen. Dy Worp wie yn 1487, doe Juckema neamd, de oanfierder fan it leger dat Ljouwert ferovere en besette nei oanlieding fan it bieroproer yn dy stêd. In pear Skieringer oanhingers waarden yn de stêd belage troch kroechbazen en it grau omdat se Haarlimmer bier dronken. Dat it ferbod op it drinken fan bier dat bûten de stêd broud wie al in jier lyn ôfrûn wie, woene de Ljouwerters harren neat fan oanlûke. De belage bierdrinkers flechten nei it Amelânhûs fan de skieringer Fan Cammingha’s, wêrnei't it hûs belegere waard. Dat koenen de skieringer haadlingen út de regio net oer har kant gean litte. Under lieding fan Worp Juckema binne se de stêd ynfallen, ha dêr in flink kontingint Ljouwerters om sjippe holpen en de stêd bot plondere sa't soks doe wenst wie en sa't de Ljouwerters dat sels mar al te faak dienen. Worp hat dêrnei in fiiftal jierren de stêd nochal strang regeard, of sa't de stedelingen dat sels fûnen “getiranniseerd”. Hy liet him ek 400 goudgûnen troch de stêd útbetelje foar de fernieling fan Oedsmastate. Om 1505 wie hy grytman fan Ferwerderadiel. Fan dat jild hat hy Oedsmastaate mooglik werboud, want as yn 1496 in oerienkomst mei Grins sluten wurdt, binne Wytse Laes fan Boksum en Feycke Zierdsma fan Deinum twa fan de ûndertekeners. Wytse wie grytman (rjochter) fan Menameradiel.

Yn de Boksumer tsjerke leit in grêfstien fan Wytze fan Juckema ta Oedsma, ferstoarn yn 1565, en syn frou Ynth Feitsma dy't sân jier earder (1558) stoarn wie. Yn in Latynske tekst is te lêzen dat Wytze om it leauwe ferfolge flechtlingen yn syn hûs opnaam. Op dy stien stiet ûnder oaren “ende leyt in Prussen begraven”. Dat hy hat úteinlik sels ek flechtsje moatten foar de Roomske Ynkwisysje.
Om 1640 wennet hjir noch in Walta Juckema. Yn it stimkohier fan dat jier wurdt syn namme skreaun by de stimmen 1, 2, 3 en 4. In bewiis dat de Juckema’s it yn Boksum lang foar it sizze hân hawwe.

Yn 1670 is “Vrouwe Lucia van Walta, wed. van de Heere van Sommelsdijk”, eigenaresse. It hûs is dan ôfbrutsen en it terrein fan 5 pûnsmiet wurdt yn meardere stikjes ferhierd. Yn it stimkohier fan 1698 wurdt by stim 1 te Boksum de namme “Juckema-state” neamd, dat doe eigendom fan Assuerus fan Groustins wie. Dêrby stiet ek de oantekening “zijnde de huysinge afgebrooken”.

Yn syn eigen eksimplaar fan syn “Geographisch Woordenboek” hat Van Burmania oantekene: ”De overblijfselen v. de gragt, die weleer Juckema-State omvangen heeft, vind me bezijden ’t kerkhof. Het slot is in de 17e eeuw afgebroken. 1757 was ’t hoornleger een stuk greide”. In iuw letter leit it der noch krektlyk hinne neffens master Radelaar (1857). De drûge grêften binne der noch en de boaiem siet grôtfol stiennen.

  • 1420 Homme Oedsma
  • 1453 Lieuwe Hommes Oedsma
  • 1481 Worp Lieuwes Juckema
  • 1496 Wytse Laes
  • 1565 Wytze fan Juckema ta Oedsma en syn frou Ynth Feitsma
  • 1640 Walta Juckema

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Van de mond der oude Middelzee, rige artikels yn it Friesch Landbouwblad fan 1922 - 1942 troch K.J. van den Akker, yn boekfoarm útbrocht yn 1971
  • Menaldumadeel, 2000 jaar leven in een Friese grietenij troch David Hartsema, 1981
  • Skiednis fan Menameradiel red. Oepke Santema en dr. Y.N. Ypma, 1972
  • Stinzen yn Fryslân