Noortje Herlaar
Noortje Herlaar | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Noortje Herlaar | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 22 april 1985 | |
berteplak | Flaardingen (Súd-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
jierren aktyf | 2003 – no | |
offisjele webside | ||
www.noortjeherlaar.nl |
Noortje Herlaar (Flaardingen, 22 april 1985) is in Nederlânsk toaniel-, tillefyzje-, film-, musical- en stimaktrise. Hoewol't se al sûnt 2003 as aktrise aktyf wie, waard se yn 2010 bekend by in breder publyk doe't se de finale wûn fan 'e talintejacht op tillefyzje Op Zoek naar Mary Poppins. Dêrtroch mocht sy de titelrol op har nimme yn 'e musical Mary Poppins, dy't yn 2010 en 2011 yn it Circustheater yn Skeveningen te sjen wie.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Herlaar waard yn 1985 berne yn it Súdhollânske Flaardingen. Hja groeide op yn Maasslûs en siet dêr fan har fjirde ôf op 'e pleatslike balletskoalle. Se gie nei de middelbere skoalle oan it Stedsk Gymnasium Skiedam, dêr't se yn ferskate skoallefoarstellings spile. Underwilens folge se yn har frije tiid seis jier lang lessen oan 'e Jeugdteäterskoalle Hofplein yn Rotterdam. Yn 2003 begûn Herlaar oan in oplieding oan 'e Muzykteäterakademy fan it Rotterdamsk Konservatoarium. Se studearre dêre yn juny 2007 ôf mei har solofoarstelling La Vie en Rose, dêr't se û.m. mei te sjen wie yn it Comedy Theater yn Amsterdam.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Toaniel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it ôfrûnjen fan har stúdzje gie Herlaar as aktrise oan it wurk by it toanielselskip Theater Terra, dêr't se har earste rol hie yn 'e omreizgjende famyljefoarstelling Matroos in de Doos, nei in boek fan Daphne Deckers. Yn 2008 waard se cast as Lisa Houseman yn 'e musical Dirty Dancing, fan Joop van den Ende Theaterproducties. Dy rol soe se mear as in jier spylje yn it Beatrix Theater te Utert. Yn septimber en oktober 2009 wie se te sjen yn ien fan 'e haadrollen fan 'e musical Urinetown – Zeikstad.
Yn 2010 wûn Herlaar de troch de AVRO op 'e tillefyzje útstjoerde talintejacht Op Zoek naar Mary Poppins, wêrby't in haadrolspylster foar de musical Mary Poppins fan Joop van den Ende Theaterproducties socht waard. Dêrtroch mocht sy de titelrol op har nimme yn dy musical, dy't yn 2010 en 2011 yn it Circustheater yn Skeveningen te sjen wie. Op 7 juny 2010 waard bekendmakke dat Herlaar foar har rollen yn Urinetown en Mary Poppins de John Kraaijkamp Musical Award wûn hie yn 'e kategory oanstoarmjend talint.
Mei û.o. Johnny Kraaijkamp jr. spile Herlaar yn 2011 yn 'e musical De Producers, dy't lykwols flopte en in wike nei de premiêre stopset waard. Yn 2012 hie se de rol fan Stephanie Mangano yn Saturday Night Fever, op 'e nij in musical fan Joop van den Ende Theaterproducties. En yn 2014 en 2015 fetolke se de titelrol yn 'e musical Agnes van God, in produksje fan Albert Verlinde.
Tillefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 'e tillefyzje wie Herlaar al sûnt har stúdzjetiid te sjen yn reklamespotsjes fan û.m. Reebok, Danone en KPN. Yn 2009 liende se har stim oan ien fan 'e personaazjes yn 'e tekenfilmsearje My Little Pony: Vriendschap is Betoverend. As live-action-tillefyzje-aktrise makke se har debút yn 2010, mei in gastrol yn 'e searje ’t Spaanse Schaep. Yn 2012 waard se bekend by in breder publyk troch har rol as Jeanne van Woerkom yn 'e populêre rige Moeder, Ik Wil bij de Revu. Dêrfoar waard se yn 2013 nominearre foar in Gouden Keal.
Foar har fertolking fan sjongster Liesbeth List, yn 'e minysearje Ramses, út 2014, wûn Herlaar yn 2015 ien fan De TV-Beelden. Oare tillefyzjesearjes dêr't Herlaar yn spile, wiene û.m. Bloedverwanten, Het Sinterklaasjournaal en De Zaak Menten. Yn 2016 spile se de rol fan 'e dokter yn 'e searje De Mannen van Dokter Anne. Fierders spile se yn febrewaris 2016 mei û.o. Jeroen Spitzenberger yn 'e telefilm Bouquetreeks De Film: Trots en Verlangen. Fierders wie se ek te sjen yn 'e searjes De 12 van Oldenheim (2017) en Zuidas (2018).
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it wite doek makke Herlaar har debút yn 2014, yn 'e film Wonderbroeders. Oare films dêr't se yn te sjen wie, wiene Paradise Trips (2015), De Zevende Hemel (2016) en Toen Mijn Vader een Struik Werd (2016). Yn Knielen op een Bed Violen (2016), de ferfilming fan 'e bestseller mei deselde namme fan Jan Siebelink, en yn 'e Amerikaanske aksjekomeedzje The Hitman's Bodyguard spile Herlaar mei har freon Barry Atsma. Yn 2020 wûn se in Gouden Keal foar har rom as Margot yn 'e film Kapsalon Romy.
Fierders ferliende Herlaar as stimaktrise har meiwurking oan 'e Nederlânsktalige neisyngronisaasje fan tekenfilms as Toy Story 3 (2010), Hawaiian Vacation (2011), Gnomeo & Juliet (2011), Frozen (2013), La Belle et la Bête (2014), Rio 2 (2014), Kubo and the Two Strings (2016), Ralph Breaks the Internet (2018) en Frozen 2 (2019).
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Herlaar hat sûnt novimber 2015 in relaasje mei akteur Barry Atsma. It pear hat twa bern.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
2008 | Slim Pig | Muis | as stimaktrise |
2008 | Dibo, the Gift Dragon | Annie | as stimaktrise yn in bernesearje fan Nickelodeon |
2008 | The Saddle Club | Deborah | as stimaktrise, realitytillefyzjesearje fan Nickelodeon |
2009 | My Little Pony: Vriendschap is Betoverend | Cheerilee | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2009 | Phineas and Ferb | ûnbekend | gastrol as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2009 | The Troop | Hayley | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring fan |
2010 | ’t Spaanse Schaep | Debbie | gastrol, 1 ôfl. |
2012 | Moeder, Ik Wil bij de Revue | Jeanne van Woerkom | minysearje nom. Gouden Keal foar bêste byrol fan in aktrise yn in tillefyzjeprogramma |
2013 | Charlie | Melissa | gastrol; 1 ôfl. |
2014 | Ramses | Liesbeth List | minysearje |
2014 | Bloedverwanten | Sanne Mok | fêste rol yn seizoen 3 |
2014 | Crossing Lines | Anke Joosten | minysearje |
2016 | Sinterklaasjournaal | juf Katrijn | gastrol; 1 ôfl. |
2016 | De Zaak Menten | Betty Knoop | minysearje |
2016 | De Mannen van Dokter Anne | dokter Anne Hazenberg | haadrol |
2017 | B.A.B.S. | Renate (Noortje Herlaar-lookalike) | weromkearende rol; 4 ôfl. |
2017 | De 12 van Oldenheim | Peggy Jonkers | minysearje |
2018 | Zuidas | Lavinia Vermeer | weromkearende rol; 8 ôfl. |
2018 | Lois | Lois Elzinga | minysearje |
2020 | The Masked Singer | foks | tillefyzjekwis |
2022 | The Passion | Marije | tillefyzjespecial, musical |
films | |||
2006 | Het Kleine Spookje Laban | Labolina | as stimaktrise |
2010 | Toy Story 3 | Barbie | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2011 | The Muppets | resepsjoniste fan Miss Piggy | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2011 | Hawaiian Vacation | Barbie | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2011 | Gnomeo & Juliet | Juliet | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2013 | Frozen | Anna | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2014 | Wonderbroeders | Jessica | |
2014 | La Belle et la Bête | Belle | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2014 | Rio 2 | Gabi | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2015 | Hotwax | frou | koarte film |
2015 | Paradise Trips | Miranda | |
2016 | Knielen op een Bed Violen | Margje | |
2016 | De Zevende Hemel | Julia | |
2016 | Toen Mijn Vader een Struik Werd | Toda's mem | |
2016 | Trots en Verlangen | Dominique | |
2016 | Kubo and the Two Strings | de susters | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2017 | The Hitman's Bodyguard | griffier fan it ICC | |
2018 | Mary Poppins Returns | Mary Poppins | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2018 | Ralph Breaks the Internet | Anna | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2019 | Het Irritante Eiland | heks Amarantha | |
2019 | Kapsalon Romy | Margot | Gouden Keal foar bêste aktrise |
2019 | Frozen 2 | Anna | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2020 | Op Gepaste Afstand | Eef | koarte film |
2021 | Just Say Yes | Estelle | |
2022 | Soof 3 | dokter Dickhoff | |
2022 | The Takeover | Linde van Erp | |
2022 | Ome Cor | kassiêre fan 'e supermerk |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Noortje Herlaar
- (in) Folsleine filmografy fan Noortje Herlaar yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|