Noarderbegraafplak (Ljouwert)

Ut Wikipedy
Noarderbegraafplak
Yngong fan it Noarderbegraafplak oan Skieppedykje 4.
Yngong fan it Noarderbegraafplak oan Skieppedykje 4.
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
adres Skieppedykje 4
koördinaten 53°12′50″ N 5°46′22″ E
bysûnderheden
type begraafplak algemien begraafplak
yn gebrûk 1919
útwreiding(s) 1956, 1972, 1988
oerflak 11,3 ha
tal grêven 26.000 (2019)
eigner Gemeente Ljouwert
kaart
Noarderbegraafplak (Ljouwert)
Noarderbegraafplak
Lokaasje yn Ljouwert.

It Noarderbegraafplak is in begraafplak yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert mei in oerflak fan 11,3 ha. It is in gemeentlik, algemien begraafplak, dat yn 1919 yn gebrûk nommen waard. Anno 2019, doe't it hûndert jier bestie, leine der 26.000 deaden, ûnder wa bekende en ûnbekende Ljouwerters, Fryske fersetsstriders, Dútske soldaten, moslims en deaberne poppen. It Noarderbegraafplak is it grutste begraafplak fan Fryslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Noarderbegraafplak waard ein 1918, begjin 1919 oanlein oan 'e noardwestkant fan 'e stêd Ljouwert en op 4 augustus 1919 yn gebrûk nommen. Dat waard dien om it âlde stedsbegraafplak oan 'e Spanjertsleane te ûntlêsten, dat yn 1833 yn gebrûk nommen wie en sa stadichoan smoarfol lei. Wylst it stedsbegraafplak romantyske slingerpaadsjes hie, waard it nije Noarderbegraafplak oanlein neffens in strak geometrysk roaster, mei kearsrjochte paden. It begraafplak hie ynearsten in oerflak fan 4 ha, dat, sa waard ornearre, genôch wêze moatte soe foar 5.130 grêven, sadat men der fyftich oant santich jier mei takoe.

Dat wie lykwols bûten it wetter rekkene. Al rillegau die nammentlik bliken dat de grûn net genôch ophege wie, sadat der by in soad rein daliks wetteroerlêst ûntstie. Dêrtroch koe der yn elts grêf mar ien lichem begroeven wurde, wat betsjutte dat it nije begraafplak al yn 1936 fol lizze soe. In djoer drainaazjeprojekt wie sadwaande net oan te ûntkommen, en waard yn 1928 útfierd.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden likernôch 400 sneuvele soldaten fan 'e Dútske besettingsmacht op it Noarderbegraafplak byset. Yn dyselde snuorje fûnen ek 15 sneuvele of terjochtstelde leden fan it Fryske ferset der harren lêste rêstplak, op in hoekje dat yn 1948 as earebegraafplak ynrjochte waard.

It Oldenammenbeamskip fan Gerrit Terpstra.

Geandewei de tweintichste iuw waard it Noarderbegraafplak ferskate kearen, yn 1956, 1972 en 1988, útwreide, earst yn eastlike rjochting en letter nei it noarden ta. De lêste útwreiding gie om in soarte fan 'boskbegraafplak' oan 'e noardkant. Yn 'e 1960-er jierren waard it klassesysteem dat de grêven yn fiif ûnderskate klassen ferdielde, ôfskaft. Tagelyk waard der doe ek in aula yn 'e midden fan it hôf boud. Fan 1919 oant 1985 waarden op it Noarderbegraafplak deaberne poppen, yn totaal sa'n 1.700, anonym begroeven. Op it diel fan it hôf dêr't dat barde, waard yn 2005 in monumint pleatst ta betinking.

Omreden fan tanimmende fraach fan 'e moslimmienskip yn Fryslân waard yn 1985 op it Noarderbegraafplak in islamityske grêffjild iepene, mei romte foar 200 grêven. Dat wie ien fan 'e earsten fan syn soarte yn Nederlân. Op dat diel fan it begraafplak binne de grêven yn in oare rjochting pleatst, sadat de ferstoarnen yn 'e rjochting fan 'e hillige stêd Mekka lizze. Ek is op dat diel fan it Noarderbegraafplak in oerdutsen opbiertafel oanwêzich, dêr't de deaden foarôfgeande oan 'e beïerdiging ritueel wosken wurde kinne.

Yn 'e 2010-er jierren waard in diel fan it Noarderbegraafplak oanwiisd as 'kalamiteitefjild' foar needbegraffenissen yn gefal fan in ramp.

Bekende begroevenen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jonker, Ines, Rustplaats van 26.000 doden, yn: de Ljouwerter Krante, 18 novimber 2019, s. 18.