Nijseelânske kwartel
Nijseelânske kwartel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
In hoanne (foaroan) en in hin (efteroan). | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Coturnix novaezelandiae | ||||||||||||
Quoy & Gaimard, 1832 | ||||||||||||
IUCN-status: útstoarn (1875)
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Nijseelânske kwartel (wittenskiplike namme: Coturnix novaezelandiae) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e kwartels of echte kwartels (Coturnix). Dit bist wie lânseigen yn Nij-Seelân, dêr't er troch de Maoary oantsjut waard as de koreke. De Nijseelânske kwartel wie in op 'e grûn libjende fûgel, dy't in beskate mjitte fan seksuele dimorfy fertoande. Dizze fûgel waard 1832 foar it earst wittenskiplik beskreaun en stoar yn 1875 út, nei alle gedachten troch útlânske sykten dy't troch de Britske kolonisten yn Nij-Seelân yntrodusearre wiene fia wyld út Jeropa dat dêre útset wie foar de jacht.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Maoary, de lânseigen bewenners fan Nij-Seelân, neamden de Nijseelânske kwartel de koreke. De earste Jeropeänen dy't dizze fûgel seagen, wiene de leden fan 'e ekspedysje fan 1769–1770 fan 'e Ingelske ûntdekkingsreizger James Cook. Ien fan harren, de botanikus sir Joseph Banks, makke yn syn reisferslach melding fan 'e waarnimming. De Frânske biologen Jean René Quoy en Joseph Paul Gaimard fongen yn 1827 it earste eksimplaar fan dizze kwartelsoarte, en publisearren dêr yn 1832 in wittenskiplike beskriuwing fan.
Yn it ferline waard de Nijseelânske kwartel wol as ien soarte beskôge mei de yn Austraalje foarkommende stoppelfjildkwartel (Coturnix pectoralis). Dat soe dan in ûndersoarte fan 'e Nijseelânske kwartel wêze mei de wittenskiplike namme Coturnix novaezelandiae pectoris, om't de Nijseelânske kwartel earder beskreaun waard as de stoppelfjildkwartel. Mar troch de útkomsten fan modern ûndersyk nei it DNA fan 'e beide soarten bestiet der sûnt 2009 in wittenskiplike konsensus dat it om twa nau besibbe mar selsstannige soarten giet.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nijseelânske kwartel wie lânseigen op it grutste part fan sawol it Noardereilân as it Sudereilân fan Nij-Seelân, útsein yn 'e meast bercheftige kriten, mar kaam fierders nearne yn 'e wrâld foar.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nijseelânske kwartel hie trochinoar in totale lichemslingte fan 17–22 sm en in gewicht fan omtrint 200 g. It fearrekleed wie op 'e boppeste dielen fan it lichem (nekke, rêch, siden, wjukken en de boppekant fan it koarte sturtsje) dûnkerbrún. Op krún, nekke, rêch en sturt sieten dêr ljochtere spikkels trochhinne. Op 'e ûnderste lichemsdielen (hals, boarst, bealch en de ûnderkant fan 'e sturt) wiene de fearren sânkleurich mei dûnkerbrune spikkels dertrochhinne. De boppekant fan 'e kop wie dûnkerbrún mei bêzje streken fan 'e snaffel nei de nekke. In swarte streek rûn fan 'e snaffel oer it each nei de nekke. By Nijseelânske kwartels wie ynsafier sprake fan seksuele dimorfy dat by de hoanne it gesicht en de kiel readbrún of roastbrún wiene, wylst se by de hin deselde kleur hiene as de bealch. Ek wie de hoanne justjes foarser fan stal as de hin.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nijseelânske kwartels holden har ornaris op 'e iepen flakte op en mijden tichte wâlden en heechberchtmen.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Nijseelânske kwartel wie in fûgel dy't op 'e grûn libbe en alhiel net yn 'e beammen. It wie in herbivoar, dy't benammen sieden en gerzen friet. Oer de balts en pearing is net folle bekend. It nêst wie in ûndjip dobke dat de hin op in beskut plakje yn 'e ierde útskrabe. It lechsel bestie út 10–12 dûnkerbrún bespikkele, sânkleurige aaien, dy't nei in briedtiid fan 21 dagen útkamen. De piken wiene nêstflechters, dy't fuort nei't se út it aai krûpt wiene, ûnder begelieding fan 'e mem it nêst ferlieten om sels har kostje byinoar te sykjen.
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1865 gou de Nijseelânske kwartel op it Sudereilân noch as rûnom foarkommend. Trije jier letter, yn 1868, waard dêr foar it lêst in eksimplaar sketten, mei't Nijseelânske kwartels der doe seldsum wurden wiene. Yn 1869 waard foar it lêst in eksimplaar op it Noardereilân sketten. Yn 1873 fermelde sir Julius von Haast, de doetiidske direkteur fan it Canterbury Museum yn Christchurch, dat dêr (op it Sudereilân) doe noch mar twa lytse isolearre populaasjes bestiene. Nochris twa jier letter, yn 1875, waard de Nijseelânske kwartel foar útstoarn ferklearre.
It útstjerren fan 'e Nijseelânske kwartel wie dêrmei in proses dat tige fluch gie en mar kwealk tsien jier duorre. Dy gong fan saken stelde biologen lange tiid foar in riedsel. De fûgel waard wol bejage, sawol troch de lânseigen Maoary as troch de Britske kolonisten, mar net yn dy mjitte dat it útstjerren dêrtroch ferklearre wurde koe. Yn 'e njoggentjinde iuw waard ornearre, it platbaarnen fan it oarspronklik habitat fan 'e Nijseelânske kwartel om romte te meitsjen foar bougrûn wie de oarsaak. Mar nau besibbe kwartelsoarten hawwe alhiel gjin probleem om har oan it libjen op lânbougrûn oan te passen.
Letter waard tocht dat de komst, mei de Britske kolonisten, fan hûnen, katten en brune en swarte rotten (Rattus norvegicus, resp. Rattus rattus) alteast foar in diel it útstjerren fan 'e fûgel feroarsake hie. Mar de Nijseelânske kwartel wie gjin flechtleaze fûgel, en koe dus fuortfleane yn gefal fan need. En it oanfretten fan 'e lechsels troch rotten hold likemin stek, mei't de Polynezyske rôt (Rattus exulans) al iuwen earder yn Nij-Seelân oankommen wie mei de Maoary. In oare teory wie dat de troch de Britten yntrodusearre brune kwartel (Synoicus ypsilophorus) de Nijseelânske kwartel troch in gelikense libbenswize en in bettere oanpassing ferkrongen hawwe soe. Mar de brune kwartel wie inkeld op it Noardereilân ynfierd, dus dat soe foar de Nijseelânske kwartels op it Sudereilân gjin ferskil útmakke moatten hawwe.
Tsjintwurdich binne saakkundigen fan betinken dat de fazant (Phasianus colchicus) en de patriis (Perdix perdix), dy't troch de Britske kolonisten yn Nij-Seelân yn it wyld útsetten wiene as jachtwyld, ien of mear besmetlike sykten ûnder de lea hiene dêr't de Nijseelânske kwartel gjin ymmuniteit foar hie. Krekt sa't de sykten dy't de Jeropeänen nei 1492 nei de Nije Wrâld ta brochten in slachting ûnder de Yndianen oanrjochten, sa soene de fûgelsykten fan Jeropeeske fûgelsoarten de Nijseelânske kwartel fataal wurden wêze.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Literatur, op dizze side.
|