Springe nei ynhâld

Naomi van As

Ut Wikipedy
Naomi van As
sporter
Naomi van As (2009)
Naomi van As (2009)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Naomi Frances van As
bynamme Bami
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 26 july 1983
berteplak De Haach
etnisiteit Nederlânsk
Yndonezysk
Sineesk
lingte 1.79 m
gewicht 64 kg
sportive ynformaasje
sport hockey
O.S. Peking 2008
Londen 2012
Rio de Janeiro 2016
debút 2003
karriêre-ein 2017
wichtige prestaasjes
Olympyske Spullengoud 2008, 2012
Olympyske Spullensulver 2016
WK 2× goud 2006, 2014
WK 1× sulver 2010
EK 3× goud 2005, 2009, 2011
EK 2× sulver 2007, 2015

Naomi Frances van As De Haach, 26 july 1983) is in earder Nederlânsk hockeyspylster fan mingd Nederlânsk, Yndonezysk en Sineesk etnysk komôf, dy't trije kear meidie oan 'e Olympyske Simmerspullen en twa kear ta it Olympysk kampioensteam hearde. Yn totaal spile hja 229 ynterlânwedstriden foar it Nederlânske frouljushockeyteam, en makke hja dêrby 45 in doelpunten. Nei't Van As yn 2017 in ein makke oan har sportkarriêre, begûn se in nij wurkpaad as presintatrise op 'e Nederlânske tillefyzje. Se is ek bekend as de freondinne fan 'e Fryske hurdrider Sven Kramer.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van As waard yn 1983 berne yn De Haach. Oer har komôf sei se yn in fraachpetear: "myn iene beppe is Sineesk en myn oare beppe is in lyts bytsje Yndysk".[1] De Sineeske beppe makke diel út fan 'e Sineeske minderheid yn Yndoneezje en kaam út in woltierich maatskiplik fermidden, folle se letter yn itselde fraachpetear oan. Nei de Twadde Wrâldoarloch wiene beide beppes nei Nederlân ta kommen.[1]

Omreden fan har Yndysk komôf krige Van As letter as hockeyspylster de bynamme 'Bami' (fan it Sineesk-Yndyske gerjocht bamy). Se spile doe yn in team mei in spylster dy't Noëmi hiet, en doe waard troch de oare leden fan it team betocht dat 'Noami' op 'bamy' rymt, dat sadwaande. Dat guon minsken sa'n bynamme rasistysk fine, sa't de ynterviewer har fertelde, woe har suver net oan.[1]

Van As trochrûn it basisûnderwiis oan 'e Montessoriskoalle Waalsdorp en it middelber ûnderwiis oan it Aloysius Kolleezje, beiden yn De Haach. Dêrnei folge se in HBO-oplieding ta mûlhygiêniste oan 'e Hegeskoalle fan Utert, dy't se lykwols net ôfmakke.

As hockeyster begûn Van As mei seis jier yn 1989 by hockeyklub HMHC yn De Haach. Letter ûntjoech se har ta profesjoneel hockeyspylster by HDM, foar't se yn it seizoen 2001-2002 oerstapte nei stedsgenoat HC Klein Zwitserland. Yn juny 2010 feroare se op 'e nij fan klub, diskear om oer te stappen nei de Goaiske klub LMHC út Laren. It grutste part fan har karriêre hie Van As de funksje fan oanfalster, hoewol't se by LMHC op it middenfjild opsteld waard.

Van As stie bekend om har grutte manûvrearberheid, keppele oan in ferfine technyk en in ûnfoarsisbere faasje. Yn it seizoen 2004-2005 waard se troch de treners fan alle haadklasseklubs keazen ta bêste spylster yn 'e Rabo Haadklasse. Yn 2006 waard se troch de Ynternasjonale Hockey Federaasje (FIH) nominearre foar de titel Worldhockey Young Player of the Year. Yn it seizoen 2006-2007 waard se beneamd ta op ien nei bêste spylster yn 'e Rabo Haadklasse, en yn 2009 waard se troch de FIH útroppen ta bêste spylster fan 'e wrâld, in priis dy't se diele moast mei de Argentynse Luciana Aymar, dy't likefolle stimmen krige. Yn febrewaris 2017 waard Van As troch de FIH jitris útroppen ta bêste spylster fan 'e wrâld foar it jier 2016.

Ynternasjonaal makke Van As har debút as oanfalster doe't se op 20 juny 2003 ynfoel yn it duël tusken Nederlân en Súd-Afrika (0-3) op it seislannetoernoai yn Busan, yn Súd-Koreä. Dêr makke ek har klubgenoate Leonoor Voskamp foar it earst har opwachting yn in ynternasjonale wedstryd.

Van As yn 2015.

Van As die trije kear mei oan 'e Olympyske Simmerspullen as lid fan it Nederlânske nasjonale frouljushockeyteam: op 'e Spullen fan Peking, yn 2008, coacht troch Marc Lammers, op 'e Spullen fan Londen, yn 2012, coacht troch Max Caldas, en op 'e Spullen fan Rio de Janeiro, yn 2016, coacht troch Alyson Annan. Yn Peking wûnen Van As en de oare Nederlânske hockeysters de finale fan gastlân Sina en wûnen sa de gouden medalje. Van As sels tekene dêrby foar it iepeningsdoelpunt. Yn Londen wisten Van As-en-dy de Olympyske titel te prologearjen yn 'e finale tsjin Argentynje, dat krektlyk as Sina fjouwer jier earder mei in skoare fan 2-0 ferslein waard. Yn Rio de Janeiro ferlear it Nederlânske team de finale lykwols nei shoot-outs (3-3; 2-0) fan it Britske frouljushockeyteam.

Fierders wûn Van As mei it Nederlânske frouljusteam trije kear in gouden medalje yn 'e striid om 'e Champion's Trophy, twa kear in sulveren medalje en fiif kear in brûnzen medalje. Yn 2013 wûnen se de Hockey World League. Op it Jeropeesk kampioenskip behellen se yn 2005, 2009 en 2011 in earste plak en yn 2007 en 2015 in twadde plak. En op it wrâldkampioenskip wûnen se yn 2006 en 2014 it earste plak en yn 2010 it twadde plak. Nei it beheljen fan 'e wrâldtitel fan 2014 waard oan Van As de Stedspeinje fan De Haach útrikt. Nei ôfrin fan 'e Olympyske Spullen fan Rio de Janeiro, yn 2016, stoppe Van As mei hockey te spyljen yn ynternasjonaal ferbân. Se gie noch in skoftke troch mei klubhockey foar de LMHC yn Laren, oant se yn 2017 hielendal ophold.

Tillefyzjekarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Van As (lofts) mei Ellen Hoog.

Yn 2012 wie Naomi van As ien fan 'e dielnimmers oan it realitytillefyzjeprogramma Strictly Come Dancing. Mei har dûnspartner Remi Janssen einige se dêrby op it fjirde plak. Nei ôfrin fan har aktive sportkarriêre sette Van As útein mei in nij wurkpaad as presintatrise. Yn 2017 begûn se yn dy funksje by it programma Zappsport, fan 'e AVRO-TROS. Tegearre mei in oare âld-hockeyster, har eardere teamgenoate Ellen Hoog, makke se foar SBS6 it tillefyzjeprogramma 24 Uur Mandekking, wêryn't eltse ôflevering in oare manlike bekende Nederlanner in etmiel lang folge waard. Yn 'e earste ôflevering gie it dêrby om André Hazes jr., en yn folgjende ôfleverings om bgl. Johnny de Mol, Jandino Asporaat en Gerard Joling. Neffens sifers fan 'e Stichting Kijkonderzoek waard de earste ôflevering út 'e searje sjoen troch 665.000 minsken.

Yn desimber 2007 kaam Van As yn 'e kunde mei de Fryske hurdrider Sven Kramer. Op it Sportgala fan dat jier rekke se aardich boppe har teewetter, dat dyselde jûns noch folge de earste tút. De fonk sloech oer, en sûnt 15 febrewaris 2018, kwealk twa moanne letter, hawwe de beide sporters offisjeel in leafdesrelaasje. Op 'e fraach wat se yn Kramer seach, antwurde Van As yn in ynterview: "Hy hat leuke eagen en in boevekop. Mar ik fyn it fral leuk dat er sa dreaun is."[1] Sûnt de simmer fan 2016 wenje se yn Amstelfean. mei him hat van As in dochter en in soan.

Van As op it fjild yn 2007.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 Wiegman, Marcel, Héél Fanatiek, yn: de Ljouwerter Krante, 21 july 2018, s. 34-35.