Springe nei ynhâld

Monumint foar it Swarte Leger (Reims)

Ut Wikipedy
Monumint foar it Swarte Leger
Monument à l'Armée Noire
bouwurk
lokaasje
lân Frankryk
regio Grutte Easten
departemint Marne
plak Reims
koördinaten 49°14′24″ N 4°03′27″ E
bysûnderheden
type bouwurk tinkteken
subtype byldhouwurk
boujier 1922-1924, 1958-1963
sloopjier 1940
kaart
Monumint foar it Swarte Leger (Reims)
Monumint foar it Swarte Leger

It Monumint foar it Swarte Leger (Frânsk en offisjeel: Monument à l'Armée Noire) is in tinkteken foar de Earste Wrâldoarloch, dat yn it Parc de Champagne yn 'e Frânske stêd Reims stiet. It betinkt de ynset fan 'e (negroïde) soldaten út 'e Frânske koloanjes yn Afrika besuden de Sahara, dy't fan 1914 oant en mei 1918 yn 'e rinfuorgen fan it Westfront yn 'e neite fan Reims fochten en sneuvelen.

It oarspronklike Monumint foar it Swarte Leger waard nei de Earste Wrâldoarloch oprjochte op 'e hoeke fan 'e Boulevard Henry Vasnier en de Avenue du Général Giraud. De earste stien waard op 29 oktober 1922 lein troch André Maginot, de Frânske minister fan Oarloch, dy't letter syn namme jaan soe oan 'e ferneamde Maginotliny. By dy gelegenheid hold de Senegaleeske lieder Blaise Diagne in taspraak. It tinkteken waard in sekuere replika fan in selse soarte monumint dat yn jannewaris 1924 yn Bamako, yn Maly, ûntbleate waard. It bestie út fiif figueren fan Afrikaanske Frânske soldaten mei in findel, dy't útseagen oer it slachfjild.

Yn july 1924 waard it tinkteken ynhuldige troch de Frânske minister fan Koloanjes Édouard Daladier, by in plechtichheid dy't mankgie mei grutte festiviteiten. De foarsitter fan it komitee dat it tafersjoch oer de oprjochting fan it tinkteken hie, wie generaal Louis Archinard. By de ûntbleating fan it monumint joech dyselde yn in taspraak benammen omtinken oan 'e rol dy't de Afrikaanske troepen fan it 1e Koloniale Ynfanterykorps yn 1918 spilen by de ferdigening fan Reims tsjin 'e Dútsers. Hja stiene benammen bekend om harren taaie ferdigening fan it Fort de la Pompelle, in fêsting eastlik fan 'e stêd (dêr't hjoed de dei in museum oer de Earste Wrâldoarloch fêstige is). De ûntbleating fan it tinkteken waard bywenne troch in mannichte fan 10.000 minsken.

It oarspronklike monumint út 1924.

Nei't noardlik Frankryk ûnder de Twadde Wrâldoarloch, yn maaie 1940, by de Slach om Frankryk troch nazy-Dútslân beset wie, bliezen de besetters it Monumint foar it Swarte Leger yn septimber fan dat jier op. Yn septimber 1958, doe't de Afrikaanske ferdigening fan Reims ûnder de Earste Wrâldoarloch persiis fjirtich jier lyn wie, sette men útein mei de bou fan in nij monumint. Dat waard op 6 oktober 1963 ûntbleate troch de Frânske minister fan Definsje Pierre Messmer, de minister fan Feteranesaken Jean Sainteny, siktaris-generaal fan it departemint Afrikaanske en Malagassyske Saken Jacques Foccart en generaal Georges Catroux, de grutkânselier fan it Légion d'Honneur. Yn 2008 waard by it monumint in grutte plechtichheid holden ta gelegenheid fan 'e 90e betinking fan 'e ferdigening fan Reims, bywenne troch steatssiktaris fan Feteranesaken Jean-Marie Bockel, steatssiktaris fan Bûtenlânske Saken en Minskerjochten Rama Yade en boargemaster fan Reims Adeline Hazan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: dizze tekst.