Springe nei ynhâld

Mitra Nazar

Ut Wikipedy
Mitra Nazar
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Mitra Nazar
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 20 oktober 1980
berteplak Delfsyl (Grinslân)
etnisiteit Frysk
Perzysk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste, ferslachjouster
medium tillefyzje, radio
wurksum by NOS
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
Mitra Nazar op Twitter

Mitra Nazar (Delfsyl, 20 oktober 1980) is in Nederlânsk sjoernaliste fan Frysk komôf. Hja wurket as ferslachjouster foar de NOS.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nazar waard yn 1980 berne yn Delfsyl, yn 'e Nederlânske provinsje Grinslân, as de dochter fan in etnysk Fryske mem en in Iraanske heit. Har mem wurke dêr as ferpleechkundige, wylst har heit der as asylsiker Nederlânsk learde. Foar't Nazar ien jier âld wie, ferhuzen har âldelju mei har nei Ljouwert, om tichter by de famylje fan har mem te wenjen. De húshâlding bleau net lang yn 'e Fryske haadstêd, mar sette him ynstee nei wenjen yn Hurdegaryp, dêr't Nazar opgroeide. Doe't se trettjin of fjirtjin jier wie, ferhuzen se werom nei Ljouwert, dêr't se yn Camminghabuorren te wenjen kamen.

Nazar genoat basisûnderwiis oan Iepenbiere Daltonbasisskoalle De Fûgelflecht yn Hurdegaryp. Middelber ûnderwiis folge se oan 'e Iepenbiere Skoallemienskip De Delta (letter Piter Jelles) yn Ljouwert. Op 'e basisskoalle waard har ferteld dat se "in typysk MAVO-famke" wie, mar op De Delta die se ynstee it VWO. Doe't se yn 1999, op har achttjinde, slagge foar har eineksamens, en de measten fan har klasgenoaten nei Grins giene te studearjen, keas Nazar der ynstee foar om taal- en kultuerstudys te dwaan oan 'e Universiteit fan Utert. Dy stúdzje ferruile se nei twa jier foar pedagogyske wittenskippen mei as byfak sjoernalistyk.

Nei't se yn 2005 ôfstudearre, gie Nazar as freelance sjoernaliste oan it wurk. Se skreau artikels en makke reportaazjes foar û.m. nu.nl, de Wrâldomrop, RTV Utert, Het Parool, de BBC en it programma Bureau Buitenland fan 'e VPRO. Yn 2012 kaam se yn 'e tsjinst by de NOS. Foar dy omrop waard se yn 2017 bûtenlânkorrespondinte mei as wurkgebiet de Balkan. Nazar, dy't nei eigen sizzen in fassinaasje hat foar alles dat eastlik leit fan it eardere Izeren Gerdyn, sette har dêrfoar nei wenjen yn 'e Servyske haadstêd Belgrado. Se ferfolle de funksje fan Balkan-ferslachjouster trije jier lang, oant se per 1 april 2020 as Turkije-korrespondinte de opfolchster waard fan Lucas Waagmeester. Dêrfoar ferhuze hja nei Istanbûl.

Nazar wennet gear mei har Britske freon James, dy't ek sjoernalist is. Se troffen inoar doe't se allebeide in reportaazje makken yn Kosovo. Nazar en har freon hawwe in dochterke, Mila (2017). Fryslân docht Nazar tsjintwurdich inkeld noch oan om har âlden te besykjen, dy't op It Hearrenfean wenje.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Speerstra, Robert Jan, Op zoek naar meer, yn: de Ljouwerter Krante, 28 maart 2020, taheakke Sneon & Snein, s. 10-12.