Mitchell Museum fan de Amerikaanske Yndiaan
Mitchell Museum fan de Amerikaanske Yndiaan Mitchell Museum of the American Indian | ||
museum | ||
Lokaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Illinois | |
plak | Evanston (Illinois) | |
adres | 3001 Central Street | |
koördinaten | 42°03′53″N 87°43′5″W | |
Algemiene gegevens | ||
ôfkoarting | Mitchell Museum | |
type | skiedkundich | |
wurkmêd | Yndiaanske kultuer en skiednis | |
oprjochting | 1977 | |
Offisjele webside | ||
www.mitchellmuseum.org | ||
Kaart | ||
Lokaasje yn 'e stêdekloft fan Chicago.
|
It Mitchell Museum fan de Amerikaanske Yndiaan (Ingelsk: Mitchell Museum of the American Indian), faak simpelwei it Mitchell Museum neamd, is in museum wijd oan 'e kultuer, skiednis en keunst fan 'e Yndianen yn Noard-Amearika. It stiet yn Evanston (Illinois), in wichtige foarstêd fan Chicago, dêr't it fêstige is oan 3001 Central Street. It Mitchell Museum waard yn 1977 oprjochte en wie oant 2005 fêstige yn in gebou op 'e kampus fan it Kendall Kolleezje. De kolleksjes fan it museum omfiemje fjouwer permaninte en twa wikseljende útstallings. It Mitchell Museum is lid fan 'e Chicago Cultural Alliance, in konsortium fan 25 kulturele sintra en museä mei etnyske tema's yn 'e stêdekloft fan Chicago.
Kolleksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kolleksje fan it Mitchell Museum bestiet út mear as 9.000 foarwerpen dy't datearje fan it Paleo-Yndiaanske Tiidrek oant de dei fan hjoed. Der binne fjouwer permaninte útstallings oer de ferskate kultueren fan:
- de Grutte Flakten en it Plato;
- it Amerikaanske Súdwesten
- de Noardwestkust en it Arktysk Gebiet, en
- it wâldlân fan 'e Grutte Marren oant Nij-Ingelân, en it Amerikaanske Suden.
Dêrnjonken binne der twa wikseljende útstallings, dy't hieltyd in beskaat tema hawwe en mar in healjier te sjen binne.
Spesjaliteiten fan it Mitchell Museum binne:
- (keunstmjittich) lokies foar angelfiskjen út 'e krite fan 'e Grutte Marren;
- tradisjonele en hjoeddeistige Yndiaanske poppen út hiel Noard-Amearika;
- njoggentjinde-iuwsk en tweintichste-iuwsk kraalwurk út 'e krite om 'e Grutte Marren hinne en fan 'e noardlike Grutte Flakten;
- kuorren út 'e krite fan 'e Grutte Marren, it Amerikaanske Súdwesten, Kalifornje en fan 'e Noardwestkust;
- weve tekstyl fan 'e Navaho;
- kachina-poppen út it Amerikaanske Súdwesten, datearjend fan 'e lette njoggentjinde en iere tweintichste iuw;
- útkervings op stien, ivoar en bonke út it Arktysk Gebiet, datearjend fan 'e prehistoarje oant no.
Permaninte Galeryen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wâldlângalery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Wâldlângalery (Woodlands Gallery) leit him ta op 'e Yndiaanske folken dy't oarspronklik eastlik fan 'e Mississippy libben, yn 'e krite fan 'e Grutte Marren en dêrwei nei it easten ta, oant en mei Nij-Ingelân. In sintraal plak nimt dêrby in bjirkebastene kano fan wiere grutte yn. Fierders binne te sjen: drinkreau en itensiedersbakjes makke fan bjirkebast, sieraden makke fan glêzene kralen en oerzonstikels, en elandhierren borduerwurk. In aparte útstalling yn deselde romte giet oer de folken fan it Amerikaanske Súdeasten, wêrûnder de Seminoalen (Seminole), Sjeroky (Cherokee) en Tsjoktou (Choctaw). Fan harren is ûnder mear in seldsum ferwielen big shirt fan in Seminoalske man te sjen, dat opmakke is út alderhanne lapkes. De Wâldlângalery omfiemet ek in model fan in tradisjoneel langhûs en fotografyske essays oer it meitsjen fan in kano en it rispjen fan wylde rys.
Flaktegalery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Flaktegalery (Plains Gallery) ûndersiket de libbenswize fan 'e Yndiaanske folken fan 'e Grutte Flakten en it oangrinzgjende Plato. Op moccasins, tekkens en in ferskaat oan draachpûden binne de ûnderskate patroanen fan kraleriuwen te sjen fan 'e Lakota, Sjajinnen (Cheyenne), Swartfuotten (Blackfeet) en Krieën (Crow). Poppen, wêrûnder twa makke troch de hjoeddeistige Lakota-ambachtslju en -keunstners Charlene en Rhonda Holy Bear, litte detaillearre foarbylden sjen fan manljus- en frouljusklean. De jacht- en krigerstradysjes fan 'e Flakten wurde fertsjintwurdige troch in fearretoai fan earnenfearren, in ferskaat oan wapens en in skyld. Ek omfiemet de útstalling in stikmannich stiennene pipekoppen.
Súdwestgalery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Súdwestgalery (Southwest Gallery) yllustrearret de kultuer en keunst fan 'e ûnderskate folken fan 'e Pueblokultuer út Nij-Meksiko en Arizona, mar ek fan 'e Navaho, Papago en Pima. Utstallingkasten binne wijd oan it pottebakken fan 'e Pueblo-Yndianen, fan prehistoarysk diggelguod fan 'e Anasazy oant hjoeddeistich wurk, wêrûnder ferskate stikken fan 'e ferneamde pottebakster Maria Martinez út 'e Pueblo fan San Ildefonso. Fierders binne der sulveren en turkoaizene juwiellen te sjen fan 'e Navaho, Sûny en Hopy en út 'e Pueblo fan Santo Domingo. Ek mear as fjirtich ferskillende kachina-poppen, datearjend fan 'e lette njoggentjinde en iere tweintichste iuw, dy't ôfkomstich binne út 'e Pueblo fan Acoma en de Pueblo fan Laguna, hearre ta de kolleksje, krekt as in grut ferskaat oan weve tapiten fan 'e Navaho.
Noardwestkust- en Arktyske Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Noardwestkust- en Arktyske Galery (Northwest Coast and Arctic Gallery) jout ynsjoch yn 'e libbenswize fan 'e Yndiaanske folken en de Eskimo's fan 'e Noardwestkust en it Arktysk Gebiet, d.w.s. de kusten fan 'e Stille Oseaan fan 'e Amerikaanske steaten Oregon, Washington en Alaska en de Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, en it noarden fan Alaska en Kanada. Kuorren, maskers en oare foarbylden fan houtfykjen binne te bewûnderjen, krekt as in dûnsskerm op folle grutte, dat foar it museum beskildere is troch in hjoeddeiske Tlingit-keunstner. Ek te sjen binne in Tsjilkat-tekken, weve fan geitehier en sederbast. Fierders omfiemet de galery in wiid ferskaat fan it ark en reau dat troch de Inûyt en Atapaskyske folken fan it Arktysk Gebiet brûkt waard of wurdt by it deistich libben, wêrûnder in sniebril makke fan rindierhoef, bonke en hout, en in parka út 'e iere tweintichste iuw, makke fan 'e terms fan in walrus. Ferskate poppen litte de tradisjonele dracht sjen fan 'e krite om Kotzebue hinne en fan 'e bewenners fan it eilân St. Lawrence, yn 'e Beringstrjitte.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |