Miko Dai

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Miko Dai
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Miko Dai.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Layla Mynxx, Layla Mynxxx
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Flag of the People's Republic of China.svg Sineesk
Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 16 july 1989
berteplak ûnbekend (Sina)
etnisiteit Flag of China (1889–1912).svg Sineesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2014 – no
offisjele webside
mikodai.mypornstarblogs.com

Miko Dai, echte namme ûnbekend (yn Sina, 16 july 1989), is in Sineesk-Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Sineesk etnysk komôf. Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenamme Layla Mynxx of Layla Mynxxx. Dai sette yn 2014 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn tsientallen films.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dai waard yn 1989 berne yn Sina, en kaam as bern mei har âlden yn 'e Feriene Steaten. Se hat sawol de Sineeske as de Amerikaanske nasjonaliteit. Dai brocht har tinerjierren troch yn Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia, dêr't se in bachelorgraad yn ekonomy behelle oan 'e Emory Universiteit. Ek studearre se in jier rjochten oan 'e Steatsuniversiteit fan Georgia.

Yn 2009, doe't se 20 jier wie, begûn Dai yn in pleatslike stripklub yn Atlanta te dûnsjen as stripper. Yn augustus 2014, doe't se 25 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se tsjin mids 2018 yn mear as tritich ûnderskate pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Evil Angel, Digital Sin, Adam & Eve, New Sensations, Elegant Angel en Jules Jordan Video.

Fierders hat Dai ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Score en Mile High Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings en Brazzers. Under har karriêre hat Dai gearwurke mei kollega-aktrises as Dillion Harper, en mei manlike tsjinspilers as James Deen, Manuel Ferrara, Sean Lawless, J. Mac, Toni Ribas, Criss Strokes en Mark Wood. Njonken har aktearwurk posearret Dai ek geregeldwei foar neakenblêden.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Miko Dai is mongolide, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.66 m lang, mei in gewicht fan 48 kg, en in natuerlike kupmaat 32A. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se ek in nâlpiercing. Fierders hat se tatoeaazjes op har rjochterheup, op har ûnderrêch en oan 'e binnenkant fan har lofterpols.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: