Springe nei ynhâld

Martinytsjerke (Frjentsjer)

Ut Wikipedy
Martinytsjerke
Martinikerk
bouwurk
De Martinytsjerke yn 2011.
De Martinytsjerke yn 2011.
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
adres Bredepleats 2
koördinaten 53°11′12″ N 5°32′41″ E
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
subtype pseudobasilyk
boujier 1422
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15661 (tsjerke)
15662 (toer)
offisjele webside
pkn-franeker.nl
kaart
Martinytsjerke (Frjentsjer)
Martinytsjerke
De lokaasje fan 'e Martinytsjerke yn Frjentsjer.

De Martinytsjerke (Nederlânsk en offisjeel: Martinikerk) is in tsjerkegebou yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. It wie histoarysk sjoen de haadtsjerke fan 'e stêd, datearjend út 1422. De Martinytsjerke stiet yn 'e Frjentsjerter binnenstêd oan it Sint-Martinyplantsoen, dat mei in grutte bocht om it hiele gebou hinne rint. De toer en de haadyngong sjogge út oer de Bredepleats, in plein yn Frjentsjer dêr't de wykmerk holden wurdt. De Martinytsjerke hat de status fan ryksmonumint. Yn 2021 en 2022 waard in jier lang it seishûndertjierrch bestean fan 'e tsjerke fierd.[1]

It eigentlike tsjerkegebou fan 'e Martinytsjerke, it oargel, de tsjerkebanken, de stuollen, it sulverreau, de bibels en de rest fan it ynterieur is eigendom fan 'e Frjentsjerter gemeente fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân. De toer en de tsjerkklokken, lykwols, binne eigendom fan 'e stêd Frjentsjer, wêrfan't de rjochten fia de gemeente Frjentsjer (oant 1984) en de gemeente Frjentsjerteradiel (1984-2018) oergien binne op 'e gemeente De Waadhoeke.

De Martinytsjerke, ferneamd nei de hillige Martinus fan Toers, waard oan 'e ein fan 'e fjirtjinde en it begjin fan 'e fyftjinde iuw boud as haadtsjerke foar Frjentsjer. Tanksij politike tsierderij is persiis bekend yn hokker jier de tsjerke foltôge waard. Yn 1421 liet de stêd Grins nammentlik beslach lizze op twa skippen dy't beladen wiene mei op maat makke bynten foar de Frjentsjerter Martinytsjerke. Men giet derfan út dat dy nei it oplossen fan 'e rûzje datselde jiers noch teplak hyst binne en dat mei it lizzen fan 'e dakpannen yn 1422 de bou fan 'e tsjerke foltôge waard.[1]

Foartiid wie der in oare tsjerke yn Frjentsjer, de saneamde Gasthûstsjerke yn 'e Fiverstrjitte. Dy makke lykwols ûnderdiel út fan in doetiidsk kleaster, en sadwaande makken de mûntsen dêr de tsjinst út. It stedsbestjoer fan Frjentsjer woe lykwols sels mear yn 'e tsjerke yn te bringen hawwe, en liet dêrom in nij gebou oan 'e noardlike ein fan 'e Bredepleats sette. Troch de Reformaasje en de leechrin fan 'e kleasters kaam it stedsbestjoer yn dy twastriid yn 'e rin fan 'e sechstjinde iuw as winner út 'e bus.

De toer en de foarein fan 'e Martinytsjerke sjoen fanôf de Bredepleats (2012).
Finster yn 'e noardeastside fan it skip (2014).

Mei de Reformaasje gie de Martinytsjerke yn 1580 oer fan it roomsk-katolisisme nei it kalvinisme. It bestjoer fan 'e tsjerke berêste ek doe al by in tsjerkerie, mar oars as tsjintwurdich wie dat doe gjin selsstannich orgaan, mar in ferlingstik fan it stedsbestjoer. Dy sitewaasje duorre oant likernôch 1800. It stedsbestjoer bepaalde yn dy tiid û.m. wa't der oansteld waard as predikant, en wat sokken yn harren preken ferkundigen. Oant likernôch 1850 hoegden de leden fan 'e tsjerkfâdij gjin bining mei de tsjerklike gemeente te hawwen. Hja waarden troch it stedsbestjoer keazen út in relatyf beheind fermidden fan Frjentsjerter notabelen, en wiene sels faak net iens kalvinistysk, mar minnistysk, bûtentsjerklik, lutheraansk of sels roomsk.

It tsjerkebesyk yn 'e Martinytsjerke wie nea net sa grut, mei't it meastepart fan 'e Frjentsjerters fan âlds út minnisten bestie (der wiene foàr 1800 fjouwer bloeiende minnistegemeenten njonkeninoar yn 'e stêd). Fierders wie in lytse minderheid fan 'e stedsbefolking roomsk. Yn dy tiid preken der net inkeld dûmnys yn 'e Martinytsjerke, mar ek gauris perfesters teology fan 'e Universiteit fan Frjentsjer, de saneamde 'preekhearen' of 'akademyprekers'. Dy loeken, oars as gewoane predikanten, wol faak in folle tsjerke, om't teologen, dûmnys, studinten en oare belangstellenden út hiel noardwestlik Fryslân der foar nei Frjentsjer teagen.

Nei de Frânske Tiid waard it tsjerkegebou troch it stedsbestjoer oerdroegen oan 'e soargen fan 'e pleatslike gemeente fan wat doe sa stadichoan de Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke kaam te hjitten. Earder spriek men noch faak fan 'Grifformearde Tsjerke', mar dy term krige yn 'e njoggentjinde iuw in hiel oare betsjutting, doe't by de Ofskieding fan 1834 in rjochtsinnich diel fan 'e Herfoarme Tsjerke him ôfskate en nei ferrin fan tiid û.m. de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân foarme. Ek yn Frjentsjer barde dat, en de ôfskiedenen loeken doe yn in leechsteande roomske skûltsjerke oan 'e Sulverstrjitte, dy't se oant 1893 brûkten. Yn 1886 skate by de Doleânsje in twadde grutte groep rjochtsinnigen him ôf fan 'e Herfoarme Tsjerke. Yn Frjentsjer bouden dyselden in tsjerkegebou oan 'e Skylkampen, mar letter ferienen se har mei de grifformearden en bouden de beide groepen yn 'e mande de nije Grifformearde Tsjerke op it plak fan 'e eardere roomske skûltsjerke oan 'e Sulverstrjitte. Dat gebou bleau oant yn 'e ienentweintichste iuw yn gebrûk. Yn 1910 wie der yn Frjentsjer in trêde groep otterdoksen, dy't him net alhiel fan 'e herfoarme gemeente losmakke, mar dochs syn eigen wei gie mei in eigen tsjerke oan 'e Dykstrjitte. Dat wie de Herfoarme Gemeente Betel, dy't yn 1976 wer mei de herfoarme gemeente fan 'e Martinytsjerke weriene waard.

Under de Twadde Wrâldoarloch fûn der yn 'e jierren 1940-1942 in grutte restauraasje fan 'e Martinytsjerke plak, wêrby de tsjerkromte ynrjochte waard nei de liturgyske easken fan dy tiid. Yn 1952 waard de tsjerkfâdij ûnderdiel fan 'e tsjerkerie, en ferlear dêrmei in diel fan syn selsstannichheid. Fan 1998 ôf fûn der op 'e nij in grutte restauraasje fan 'e tsjerke plak, wêrby't hast it hiele dak fernijd en it houtwurk fan skealik ûngedierte ûndien waard. Yn 2018 waard oan 'e kant fan 'e Bredepleats, tsjin 'e tsjerkemuorre oan, de Oortfontein oanlein yn it ramt fan it projekt 11Fountains fan Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018.

Yn 2004 giene de Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke, de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en de Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn it Keninkryk fan de Nederlannen op yn 'e nije Protestantske Tsjerke yn Nederlân. Yn Frjentsjer late dat yn 2005 ta de tastânkomming fan in federaasje fan 'e herfoarme gemeente fan 'e Martinytsjerke en de grifformearde gemeente fan 'e Sulverstrjitte. Yn jannewaris 2010 waard dy federaasje op feestlike wize omset yn in uny, wêrby't de beide gemeenten tenei de Protestantske Gemeente Frjentsjer kamen te foarmjen. Neitiid waard it grifformearde tsjerkgebou oan 'e Sulverstrjitte ôftanke en tsjerke de hiele gemeente yn 'e Martinytsjerke.

De noardkant fan 'e Martinytsjerke (2018).

Yn 2021 en 2022 waard it seishûndertjierrich bestean fan 'e Martinytsjerke fierd mei in rige festiviteiten dêr't in jier foar útlutsen waard.[1]

De Martinytsjerke is in pseudobasilyk, mei tritich pylders tusken it middenskip en de sydbeuken, en tolve pylders (in getal ferwizend nei de tolve apostels) om it koar hinne. Op 'e pylders sitte fresko's mei ôfbyldings fan 'e hilligen Dominikus, Fransiskus, Lukas, Jakobus de Meardere, Sebastiaan, Adrianus, Hubertus, Rochus, Klotilde, Katarina fan Aleksanderje, Margareta en Apolloania fan Aleksanderje. De Martinytsjerke is de ienichste Midsiuwske tsjerke yn Fryslân mei in koaromgong. De yngongen fan 'e tsjerke befûnen har fan âlds oan 'e noardkant (foar froulju) en de súdkant (foar manlju).

De toer fan 'e Martinytsjerke mei op 'e foargrûn it Camminghahûs (2007).

Oarspronklik bestie it ynterieur fan 'e Martinytsjerke út trije dielen, want krekt as in protte oare tsjerken yn Fryslân, noardlik Dútslân en Poalen omfieme it gebou in dooptsjerke of baptistearium oan 'e westkant, in middentsjerke foar algemien gebrûk yn 'e midden, en in sakramintstsjerke (it koar) oan 'e eastkant. Dêrby kaam net tafallich it getal trije nei foarren, dat stiet foar godlikheid.

De middentsjerke wie fan oarsprong it meast brûkte diel fan 'e tsjerke. Dêr wie de preekstoel en dêr harke it tsjerkfolk nei de preek fan 'e pastoar en letter fan 'e dûmny. Mar der waarden ek gearkomsten, merken en konserten holden. En ûnder de flier waarden foaroansteande gemeenteleden begroeven. Yn 'e dooptsjerke waarden doopplechtichheden holden, mar dêr waard (foar de Reformaasje) ek de bycht ôfnommen en as men seinge wurde woe, barde dat ek yn dooptsjerke. De sakramintstsjerke wie it hillichste diel fan 'e tsjerke, dêr't de gewoane leauwenden net komme mochten, útsein by de betsjinning fan 'e eucharisty (yn 'e roomske tiid) en letter it hillich jûnsmiel (yn 'e kalvinistyske tiid). Fierders fûnen yn 'e sakramintstsjerke wijingsplechtichheden plak, fan preesters en letter fan predikanten, mar ek fan houliken.

De preekstoel hong oan in pylder oan 'e noardkant fan 'e tsjerke. Dêromhinne is de dooptún, yn 'e folksmûle "yn it stek" neamd, om't dat diel fan 'e tsjerke mei in stekje ôfsletten is fan 'e sitplakken fan it tsjerkefolk. Yn it stek wiene fierders fan âlds de sitplakken fan 'e tsjerkfâden en de âlderlingen. Deunby it stek wiene ferskate hearebanken dy't foarhinne eigendom wiene fan foaroansteande Frjentsjerter famyljes. Tusken 1590 en 1600 waarden ferskate liturgyske fernijings ynfierd, wêrby't de doop yn ferbân brocht waard mei de preek. Dêrfandinne waard doe yn it stek, ferbûn oan 'e preekstoel, in nije doopfonte makke. As gefolch dêrfan rekke de dooptsjerke bûten gebrûk. Yn 'e tsjerken fan bgl. Tsjom, Seisbierrum en Easterbierrum waard fan 'e dooptsjerke doe in berchromte makke; yn 'e Martinytsjerke waard de dooptsjerke lykwols by de middentsjerke lutsen.

In lettere teologyske fernijing wie dat ek it hillich jûnsmiel ferbûn waard oan 'e preek, en dat dat sadwaande tenei fierd wurde moast oan lange tafels dy't yn 'e midden fan 'e gemeente yn 'e middentsjerke pleatst waarden. Dat makke ek de sakramintstsjerke oerstallich, en by in restauraasje yn 1870 waard ek dy romte by de middentsjerke lutsen. By de grutte restauraasje fan 1940-1943, nei plannen fan Herman van der Kloot Meijburg, waard de sakramintstsjerke lykwols foar in diel yn 'e âlde steat werombrocht. Dêrby waard fierders de preekstoel fan syn âlde plak oan 'e noardkant helle en ferpleatst nei de eastlike útein, sadat de tsjerke in ynrjochting yn 'e lingterjochting krige. It koar waard doe wer krekt as foarhinne it plak om it hillich jûnsmiel te fieren. As nij elemint waard in liturgyske tafel (alter) tafoege. Ek waard de doop wer losmakke fan 'e preekstoel en de doopfonte ferpleatst nei in plak njonken de tafel. By de restauraasje fan 1996 waard it ynterieur skildere. Yn 'e jierren dêrop waarden yn fazen de ruten fernijd en it meubilêr reparearre.

It oargel fan 'e Martinytsjerke (2007).

Oarspronklik waard der ûnder de tsjerketsjinsten mar in bytsje songen, en dat gie a kapella; it gebrûk fan muzykynstruminten foar religieuze doelen waard lange tiid as dwersferkeard beskôge. De Martinytsjerke hie yn 'e sechstjinde iuw al in oargel, mar dat waard inkeld brûkt foar wrâldske konserten.

Nei de trochfiering fan 'e Reformaasje, doe't de kalvinisten ôfweefden mei alles dat op roomske ôfgoaderij liek, stie yn 'e iere Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke sels it sjongen fan hymnen in skoft yn 'e kiif. Doe't omtrint 1590 besletten wie dat it sjongen fan psalmen ûnder de earetsjinst talitber wie, begûn men rûzje te meitsjen oer de fraach oft it sjongen begelaat wurde mocht mei oargelmuzyk. Dêroer waard jierrenlang fochten, yn Maasslûs sels letterlik. Uteinlik waard it oargel akseptearre.

Oant de midden fan 'e njoggentjinde iuw hie de Martinytsjerke mar in lyts oargeltsje. Doe't dat ynstrumint troch teologyske en liturgyske fernijings yn 'e rin fan dy iuw in hieltyd wichtiger plak yn 'e earetsjinst krige, waard besletten dat der in nij, grutter oargel komme moast. It hjoeddeistich oargel fan 'e Martinytsjerke datearret sadwaande út 1842 en waard boud troch Lambertus van Dam.

De Martinytsjerke wurdt tsjintwurdich net inkeld brûkt foar it hâlden fan earetsjinsten, houliken, dopen en útfearttsjinsten, mar ek (ferskate kearen jiers) foar it hâlden fan oargelkonserten. Fierders wurde der ek wol tentoanstellings en wittenskiplike promoasjes holden, en by 't simmer wurdt de tsjerke gauris iepensteld foar besichtiging en rûnliedings.

Ofbylden fan it ynterieur

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 (ned) ——, Martinikerk 600 jaar. Frjentsjerter Krante s. 11 (6 oktober 2021).