Springe nei ynhâld

Marleen van Iersel

Ut Wikipedy
Marleen van Iersel
sporter
Marleen van Iersel (2010)
Marleen van Iersel (2010)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marleen van Iersel
bynamme M (M&M)
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 7 jannewaris 1988
berteplak Breda
lingte 1.78 m
gewicht 69 kg
sportive ynformaasje
sport Follybal,
strânfollybal
O.S. Londen 2012,
Rio de Janeiro 2016
ekstra Ned. kampioen 2007, 2009 en 2010. World Tour oerwinning 8 en 22 maaie 2011
wichtige prestaasjes
3x goud EK ûnder 20 2005, 2007. WK ûnder 21 2008
1x sulver WK ûnder 19 2006
1x brûns WK ûnder 21 2006, 2007

Marleen van Iersel (Breda, 7 jannewaris 1988) is in Nederlânsk profesjoneel strânfollybalster en sealfollybalster. Hja is opgroeid yn Goirle en wennet no yn De Haach. Tegearre mei har hjoeddeistige partner Sanne Keizer, foarmet Van Iersel in topduo yn it projekt Beach Team Holland dat opset is troch it bûn NeVeBo.

Foar't Marleen van Iersel yn 2001 oergie nei it strânfollybal, hie hja al ferskate jierren yn de seal spile. Hja begûn mei it follybal yn 1995. Yn de seal hat van Iersel spile foar de klups VVC Vught en VC Weert dêrneist kaam hja út yn de jeugd fan Oranje. De earste twa jier as strânfollybalster spile hja mear foar it fertier. Yn 2003, doe't hja 15 jier wie, waard hja selektearre foar de Nederlandse Beachvolleybal School, dêr makke hja in soad yndruk op de treners. Yn 2003 spile hja mei Roos van der Hoeven ferskate wedstriden en helle it Wrâldkampioenskip ûnder de 18 jier. Op dat toernoai waard der spile mei Jennifer Waninge, it duo einige doe yn Tailân op it fiifde plak. Yn 2004 foarmje hja in duo mei Arjanne Stevens, mar hja kwalifisearre har foar it Wrâlkampioenskip ûnder de 18 mei Margo Wiltens. It duo helle yn Itaalje de heale finales, mar wist gjin medalje te heljen: it waard fjirde. Letter dat jier kwalifisearre hja har mei Stevens foar it Wrâldkampioenskip ûnder de 21 yn Portegal dêr't it duo alwer fjirde waard. Yn 2005 ûntwikkele Van Iersel har tegearre mei Marloes Wesselink rap, dat resultearre yn in súksesfol seizoen.

It duo spile earst op it heechste nivo strânfollybal yn Nederlân: yn de Earedivzyje foar strânfollybal. Yn Kallantseach waard it duo twadde en yn Assen waard it tredde plak helle. Harren earste World Tour evenemint spilen hja yn Gstaad, dêr waard it duo tusken de wrâldtoppers 57e. Yn Nederlân waard yn Rotterdam en Amstelveen in tredde plak helle, yn Gouda en Grins wie der it twadde plak. It duo die mei oan it Nederlânsk kampioenskip ûnder de 20 yn Almere, dat waard wûn. Yn de Earedivzyje waard it toernoai by Skeveningen wûn en by Monster waard in brûnzen plak helle. Folgjende stap wie it Europeesk kampioenskip ûnder de 20 yn Israel dêr't it duo eins de favoryt wie. De finale waard helle en dêryn wiene hja de bêste en sa waard de earste ynternasjonale gouden medalje wûn. In pear wiken letter waard yn Frankryk by it Wrâldkampioenskip ûnder de 19 in fiifde plak helle. Doe wie Wesselink al boppe de 18, dêrom die Van Iersel mei Angelique Vergeer mei oan it Europeesk kampioenskip ûnder de 18 yn Oekraïne dêr't in fjirde plak helle waard. Letter yn it jier waard meidien oan it Nederlânsk kampioenskip foar senioaren, dêr waard in fiifde plak helle. Harren lêste toernoai yn 2005 wie it Wrâldkampioenskip ûnder de 21 jier yn Brazylje, dêr't hja as sânde einigen. Yn 2005 krigen Van Iersel/Wesselink de priis foar de strânfollybaltalinten.

Yn 2006 besletten beide froulju harren folslein te rjochtsjen op it strânfollybal, hja woene mear en mear oefenje om mear ûnderfining te krijen. It earste toernoai yn dit seizoen wie yn Kijkduin, dêr't it duo twadde waard. Op it ynternasjonaal nivo begûn it duo mei te dwaan oan gruttere toernoaien, lykas de European Championship Tour. Yn Hamburch waard in 13e plak helle. Yn itselde wykein giene hja nei Assen om dêr it TopTeams Cup Assen te winnen. Yn oare Earedivzyje wedstriden waard it duo ienris earste, fjouwerris twadde en ienris tredde. Ek die it duo mei oan de FIVB World Tour yn Marseille dêr't it duo 41e einige. Op de European Championship Tour yn Falensia waard in 21e plak helle. Augustus 2006 waard foar Van Iersel/Wesselink in goede moanne. As earste reizgen hja nei Súd-Korea om dêr by in toernoai fiifde te wurden. In pear dagen letter waard in fjirde plak helle by de Europeeske kampioenskippen ûnder de 23 yn Eastenryk, wylst hja 18 en 19 jier âld wiene. It folgjende wykein die it duo mei oan de Nederlânske kampioenskippen dêr't, efter de trije topduo's fan Nederlân, in fjirde plak helle waard. Mei dy resultaten yn de efterholle reizgen hja ôf nei Poalen om dêr it Wrâldkampioenskip ûnder de 21 te spyljen. Der waard spile tsjin tsjinstanners dy't in stik âlder wiene as hja, mar dat wie yn de resultaten net te merken. Der waard nammentlik in brûnzen medalje meinommen nei hûs. Yn de heale finale waard ferlern fan de lettere kampioenen, dy kampioenen wiene lykwols earder yn it toernoai, nammentlik yn de groepsfaze, wól ferslein troch Van Iersel/Wesselink. Hja bleaunen yn Poalen, yn Warsjau waard in 33e plak helle op de FIVB World Tour. Yn Bermûda spile Van Iersel mei Daniëlle Remmers it Wrâldkampioenskip ûnder de 19 jier, dat mocht net mei Wesselink, omdat dy al boppe de 19 jier wie. It toernoai waard mei in pear dagen ferkoarte, omdat der in soad orkanen yn de buert wiene. Op dat toernoai wiene Van Iersel/Remmers tige op dreef, oant yn de heale finales wiene alle wedstriden mei 2-0 wûn. Ek de heale finale waard 2-0 wûn en sa wiene hja wis fan in finaleplak tsjin in duo út Austraalje. De earste set waard mei 21-17 wûn, de twadde waard mei 19-21 ferlern en ek de tredde gie ferlern: 10-15. Van Iersel/Remmers waarden net de nije wrâldkampioenen. Nei de wedstriden moasten alle follyballers fuort fanwege de orkaan, mar dy kaam flugger as ferwachte. Dêrtroch waard it fleanfjild sletten en moasten alle follyballers wachtsje oan de orkaan foarby wie.

Sanne Keizer, sûnt 2009 de nije partner fan Marleen van Iersel

Yn 2007 waard yn de Earedifyzje de wedstriden by St. Anthonis en Kijkduin wûn. Dêrnei folge der in perioade mei in soad ynternasjonale wedstriden, der waarden gjin top plakken helle. By de wedstriid yn Hengelo waard alwer it heechste plak helle. Doe folge it Nederlânsk kampioenskip op 16 augustus, dat waard in súkses: Van Iersel/Wesselink waarden foar it earst yn harren karriêre kampioen fan Nederlân. By it EK yn dat jier waard in 7e plak helle. It Europeesk kampioenskip waard ûnder de 20 waard krekt as yn 2005 wûn. Dêrnei kaam it WK ûnder de 21, dêr waard krekt as yn 2006 in brûnzen medalje helle.

Ek yn 2008 waarden der Earedifyzje wedstriden spile, dêr waarden ferskate earste, twadde en tredde plakken helle. Op it Europeesk kampioenskip waard, lykas it jier dêrfoar, it sânde plak helle. It grutste súkses fan it seizoen kaam by it Wrâldkampioenskip ûnder de 21: dat waard foar it earst wûn. Fierder waarden der trije njoggende plakken behelle op ynternasjonaal nivo: yn Gstaad, Klagenfurt en yn Noarwegen.

Yn 2009 kaam der in ein oan de gearwurking mei Marloes Wesselink, de nije partner fan Marleen van Iersel waard Sanne Keizer. Mei Keizer hat Van Iersel ferskate súksessen helle. Alle Earedifyzje wedstriden dy't yn 2009 troch it duo follyballe waarden, skreaunen Van Iersel/Keizer op harren namme, ek waard it duo Nederlânsk kampioen op 14 augustus. By de World Tour waard yn Japan in knappe tredde plak helle, yn Gstaad wie der in fjirde plak en yn Klagenfurt in fiifde plak. Yn 2009 die it duo foar it earst mei oan it Wrâldkampioenskip foar senioaren, dêr waard in fertsjinstlike fiifde plak berikt. Yn 2009 stie it duo op it 6e plak op de wrâldranglist, 8e op de Europeeske ranglist en earste op de Nederlânske list.

Yn 2010 waarden der mear en mear ynternasjonale wedstriden spile. It duo spile twa Earedifyzje wedstriden yn Nederlân, yn Amsterdam waarden hja earste en yn Skeveningen wie der sulver. Op it strân fan Skeveningen waard ek de Nederlânske titel wer ferôvere. Yn de World Tour waarden in pear knappe resultaten helle: yn Noarwegen wie in fiifde plak, yn Marseille, Tailân en wer Skeveningen waard in fjirde plak helle. By it Europeesk kampioenskip fan 2010 sieten hja ticht efter de medaljes: de wedstriid om it brûns waard ferlern en sa waard it duo fjirde. It duo stie yn 2010 8e op de wrâldranglist, 5e op de Europeeske list en noch hieltyd earste op de Nederlânske ranglist.

Yn 2011 waarden de earste twa World Tour wedstriden ôfsletten mei in njoggende plak. Op 8 maaie 2011 helle it duo in grut súkses, yn Sjanghai, Sina, waard foar it earst in World Tour evenemint wûn. Yn de finale wie it duo mei 2-1 (15-21, 26-24, 15-13) te sterk foar de wrâldkampioenen Ross/Kessy út de Feriene Steaten. Dat wie pas de twadde kear yn de skiednis dat in Nederlânsk duo in World Tour evenemint wûn. De earste kear wie yn 2003 troch Marrit Leenstra en Rebekka Kadijk. [1] Dat súkses waard twa wiken letter yn Poalen nochris oerdien. Op 22 maaie 2011 waard yn de finale waard mei 2-0 wûn fan Cicolari/Menegatti út Itaalje. [2]

It Wrâldkampioenskip yn Rome waard gjin súkses: it duo bleau stykjen yn de achtste finales.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Knappe zege Keizer en Van Iersel", NOS.nl, 8 maaie 2011
  2. "Keizer en Van Iersel winnen weer", NOS.nl, 22 maaie 2011