Springe nei ynhâld

Falinsia (autonome mienskip)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Falensia)
Falinsia
Valencia
Flagge Wapen
Lokaasje yn Spanje
Algemien
Haadstêd Falinsia
Oerflakte 23.255
Befolking 4.692.449
Befolkingstichtens 201,78
Oare ynformaasje
Heechste punt
Provinsjes

De autonome mienskip Falinsia (Spaansk en Falinsiaansk: Valencia) is ien fan de 17 Spaanske regio's, en is as sadanich oprjochte yn 1982. De haadstêd is Falinsia. Yn it Spaansk is de namme fan de regio folút Comunidad Valenciana, en yn it Falinsiaansk (de regionaal foarm fan it Katalaansk) Comunitat Valenciana Yn it noardeasten grinzet de regio oan Kataloanje, yn it noardwesten oan Aragon, yn it westen oan Kastylje-La Mansja en yn it suden oan Mursia.

De regio leit oan de Middellânske See. Troch de ynfloed fan de see is it klimaat ek frij myld neffens regio's as Madrid dy't fierder it lân yn lizze. De lange strannen en de sinne lûke alle jierren dan ek in soad toeristen.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De regio Falinsia is ûnderferparte yn trije provinsjes:

Provinsje Befolking Haadstêd Ynwenners
Alicante 1.732.389 Alicante 319.380
Castellón 543.435 Castellón de la Plana 167.455
Falinsia 2.416.628 Falinsia 807.396
Totaal 4.692.449
Flagge fan Falinsia op in wachttoer
autonome mienskippen fan Spanje Flagge fan Spanje
AndalûsjeAragonAstuerjeBaleärenBaskelânEkstremadoeraFalinsiaGalysjeKanaryske EilannenKantaabrjeKastylje en LeönKastylje-La MansjaKataloanjeMadridMoersiaNavarraLa Riocha
autonome stêden fan Spanje
CeutaMelilla
· · Berjocht bewurkje