Springe nei ynhâld

Sanne Keizer

Ut Wikipedy
Sanne Keizer
sporter
Sanne Keizer
Sanne Keizer
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 6 febrewaris 1985
berteplak Doetinchem
lingte 1.82 m
sportive ynformaasje
sport Follybal en strânfollybal
ekstra Ned. kampioen yn 2003, 2008 en 2010. World Tour oerwinning 8 en 22 maaie 2011

Sanne Keizer (Doetinchem, 6 febrewaris 1985) is in Nederlânsk profesjoneel strânfollybalster en sealfollybalster út De Haach. Yn it deistich libben is se plysje.

Sanne Keizer sette har sealkarriêre útein yn 1996 by de klup Orion Doetinchem. Oare ploegen dêr't hja by spile hat binne Longa Lichtenvoorde en Martinus Amstelveen. Fan 1997 oant 2002 spile hja by de Nederlânske ploech foar jongerein yn har leeftydskategory. Tegearre mei har hjoeddeistige partner Marleen van Iersel, foarmet Keizer in topduo yn it projekt Beach Team Holland dat opset is troch it bûn NeVeBo.

Keizer waard ynternasjonaal strânfollybalster yn 2002, doe't hja 17 jier wie. By de Europeeske kampioenskippen -18 jier helle hja de finale, mar ferlear dy. By de Wrâldkampioenskippen -18 jier yn Grikelân einige hja op it earste plak. Yn it strânfollybal hat hja mei in tal fan partners spile: yn 2002 mei Arjanne Stevens, yn 2003-2004 mei Merel Mooren, fan 2005 oant 2007 mei Marrit Leenstra, fan 2007-2009 mei de Friezinne Mered de Vries en fan 2009 ôf mei Marleen van Iersel. Yn 2003 waard Sanne Keizer mei Merel Mooren Nederlânsk kampioen strânfollybal en dêrmei waard de lange rige dy't Rebekka Kadijk, mei doetiids Marrit Leenstra, delsetten trochbrutsen. In pear jier letter, yn 2008, waard hja op 'e nij Nederlânsk kampioen, dat kear mei Mered de Vries. Yn 2010 waard Keizer mei Marleen van Iersel Nederlânsk kampioen. Yn 2009 stie it duo op de 6e plak op de wrâldranglist, yn 2010 wie dat it achtste plak. Op de Europeeske list stie it duo yn 2010 op it fiifde plak. Op de Nederlânske ranglist steane hja op it earste plak. As grutte doel hat it duo op de Olympyske Simmerspullen fan 2012 yn Londen te heljen.

Op 8 maaie 2011 helle it duo in grut súkses, yn Sjanghai, Sina, waard foar it earst in World Tour evenemint wûn. Yn de finale wie it duo mei 2-1 (15-21, 26-24, 15-13) te sterk foar de wrâldkampioenen Ross/Kessy út de Feriene Steaten. Dat wie pas de twadde kear yn de skiednis dat in Nederlânsk duo in World Tour evenemint wûn. De earste kear wie yn 2003 troch Marrit Leenstra en Rebekka Kadijk. [1]

Dat súkses waard twa wiken letter yn Poalen nochris oerdien. Op 22 maaie 2011 waard yn de finale waard mei 2-0 wûn fan Cicolari/Menegatti út Itaalje. [2]

It Wrâldkampioenskip yn Rome waard gjin súkses: it duo bleau stykjen yn de achtste finales.

Sanne Keizer hat it havo-diploma helle, dêrnei hat hja it diploma helle yn it HBO Kommersjele Ekonomy RTA. Hja siket op it stuit nei in master oplieding dy't goed te kombinearjen is mei it strânfollybaljen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Knappe zege Keizer en Van Iersel", NOS.nl, 8 maaie 2011
  2. "Keizer en Van Iersel winnen weer", NOS.nl, 22 maaie 2011