Marijetsjerke (Krewerd)

Ut Wikipedy
Marijetsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Iemsdelta
plak Krewerd (Krewert)
koördinaten 53° 21' N 6° 50' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier Lêste fearn 13e iuw
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 9479
Webside
PKN Vredekerk Maarland
Kaart
Marijetsjerke (Grinslân)
Marijetsjerke

De Marijetsjerke is in romanogoatysk tsjerkegebou yn Krewerd yn 'e Grinslânske gemeente Iemsdelta. De tsjerke stiet op in wierde en op it iennige noch besteande mitsele doksaal fan Nederlân stiet it âldste oargel fan Grinslân, dat út 1531 stamt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de kronyk fan Blomhof is de tsjerke yn it lêste fearn fan 'e 13e iuw boud. De bou hinget gear mei de Steenhuizerboarch, dy't súdlik fan 'e tsjerke stie. De boarchrouwe Tyadeke soe neffens de oerlevering it ûnthjit dien ha om op har lân in kapel te bouwen as har soan Menko fan in slimme sykte better wurde soe. Har soan waard better, mar Tyadeke die net wat hja ûnthjitten hie. Ynstee dêrfan hold Tyadeke har dwaande mei it sykjen nei in goede frou foar Menko. Har soan troude mei Tete, in dochter fan deken Gayko fan Loppersum, dy't oan har sike heit eins ûnthjitten hie de sluier oan te nimmen.

Wijingskrús.

Menko ferstoar al gau nei't Tete swier rekke, mar Tete pakte te ier út en it bern ferstoar. Tete gie werom nei har mem Thialdis en Tyadeke kaam ta ynkear en frege yn 1280 tastimming om 'e kapel te bouwen as skinking oan it kleaster Blomhof fan Witewierrum en de Blomhofster abt soe by it hearren fan 'e skinking sein ha In nomine Jesu vivas et facias ("dat jo yn 'e namme fan Jezus libje en hannelje meie"). Mei de stifting waarden Krewerd en Arwerd ôfskaat fan de parochy Holwierde en in selsstannige parochy. Tyadeke liet de tsjerke oan de Jongfaam Marije wije en krige as stifter fan 'e tsjerke it kollaasjerjocht (it erflike rjocht om in geastlike te kiezen). Mooglik is it ferhaal ûntstien mei it doel om 'e minsken by te bringen dat God net mei Him spotte lit.

De tsjerke waard boud yn 'e opgong fan de romanogoatyske styl en is in foarbyld fan de Grinslânske fariant fan dy styl. De tsjerke is 25 by 8 meter en hat in rjochthoekich sletten preesterkoer. It bakstiennen gebou is trije traveeën lang, dy't troch steunbearen fan inoar skieden wurde. Alle finsters fan 'e tsjerke hawwe kraalprofilen. De finsters fan it earste en tredde travee boppe de spitsbôgen wurde ôfwiksele troch nissen mei siermitselwurk. Yn 'e eastlike muorre sitte trije ljochtfinsters. Oars as wenst waard de piskina net yn 'e súdeastlike, mar yn 'e noardeastlike hoeke fan it koer ynbrocht. Oan 'e noardlike kant fan it koer stie ek it ynboude sakramintshúske, wêrfan't allinne in drompel bewarre is.

Romanogoatysk ferwulft.

De tsjerke krige al gaueftich nei de bou meloenfoarmige koepelferwulften. De ferwulften waarden beskildere mei ferskillende patroanen fan siermitselwurk, dy't by in slútring by inoar komme. Yn 'e selde tiid waard ek it noch jimmeroan besteande doksaal mitsele.

Tsjin it ein fan 'e 14e iuw fûn in ferbouwing plak. It westlike ferwulft fan it skip waard doe yn in ienfâldige goatysk krúsribferwulft werboud, sadat de tsjerke sûnt noch twa romanogoatyske ferwulften hat. It goatyske ferwulft waard ienfâldich op in wite eftergrûn beskildere, mooglik datearje de wijingskrusen út dy tiid , mar dy kinne likegoed by in oare ferbouwing oanbrocht wêze.

Om 1400 hinne waard in goatyske toer oan 'e westlike kant boud. Nei alle gedachten waard de tsjerke nei de bou fan 'e toer wyt farve. Yn 1531 waard in oargel op it doksaal set.

Preekstoel út de protestantske tiid.

Nei de reduksje waard de tsjerke protestantsk. De plaat fan sânstien foar de yngong is mooglik in alterplaat, sadat it tsjerkefolk tenei mei de fuotten oer it symboal fan it roomske leauwe wâdzje koene. De tsjerklike gemeente foarme dêrnei in kombinaasje mei dy fan Jukwerd, mar nei likernôch 20 jier waard Krewerd wer in selsstannige gemeente.

Nei alle gedachten waard tsjin it ein fan 'e 18e iuw by in restauraasje it sealtek fan \ e toer ferfongen troch in piramidedak. Ek it oarspronklike oerwurk waard doe ferfongen troch in nijenien fan 'e oerwurkmakkerij Veenstra. Fierders krige de tsjerke de yngong oan 'e westlike kant. Yn 'e 19e iuw waard de eastlike topgevel fan 'e tsjerke by in fernijing fan it dak ôfbrutsen en ferfongen troch in skylddak. Om 1920 hinne waard it tsjintwurdige oerwurk set. Yn 1943 foardere de besetter de âlde klok fan 'e tsjerke. De omraande klok waard yn 1949 ferfongen troch in nije klok.

Yn 'e rin fan 'e 19e iuw rekke de tsjerke in soad leden kwyt, sadat de gemeente wer kombinearre wurde moast mei Jukwerd. Yn 1905 waard Krewerd op 'e nij in selsstannige gemeente. Mar it herfoarme tsjerkefolk naam yn tal fierder ôf om 't de sinjatuer fan de gemeente frijsinnich wie en in soad ynwenners krektoarsom rjochtsinnich wiene en oerstapten nei de Grifformearde tsjerke. It ûnderhâlden fan in dûmny soe foar de jimmeroan lytsere gemeente te djoer wurde en yn 1935 gyng de gemeente wer tegearre mei Jukwerd. Letter foarme de Herfoarme gemeente fan Krewerd-Jukwerd ek noch ien gemeente mei dy fan Appingedam. Yn 'e jierren 1960 wie it herfoarme ledetal sa bot tebekrûn, dat de tsjerke net mear brûkt waard. It ferfal sette yn en der wiene foarstanners om de tsjerke mar ôf te brekken en it oargel te ferkeapjen. Safier is it net kommen en in restauraasje folge tusken 1968 en 1971. Yn 1983 waarde de tsjerke oerdroegen oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De barokke preekstoel mei it doopstek datearret fan likernôch 1660. De hearebank is let 17e-iuwsk en draacht it wapen fan 'e Ripperda's . Oer de flier lizze seis 17e-iuwske grêfsarken fan dûmny's. De âldste sark is fan Carolus Reneman, dûmny fan 1615 oant syn dea yn 1646.

It mitsele doksaal bestiet út trije pleistere bôgen, wêrfan de middelste bôge iepen is en tagong jout ta it koer. Under de oare twa bôgen sille nei alle gedachten sydalters stien ha. Nei 1500 waard it doksaal ferlege om romte te meitsjen foar de bou fan in oargel.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel mei doksaal

Yn 1531 waard troch in ûnbekende oargelmakker in oargel boud yn in houten galerij op it doksaal. Nei alle gedachten kaam de bouwer út de omkriten. Ek beskildere hy de lûken mei piipwurk om it oargel sa grutter lykje te litten. Foar de bou makke de oargelbouwer gebrûk fan 15e-iuwske pipen.

Op 'e panelen by it oargel wurdt skreaun dat der yn 1620, 1687, 1731 en 1857 wurke is oan it oargel, mar der is faker wurke oan it oargel. Yn 1731 waard it oargel reparearre troch Nicolaas Adolf Willenbrock, yn 1775, 1807 en 1844 troch guon fan de famylje Lohman, yn 1857 troch Herman Eberhard Freytag en tusken 1972 en 1975 troch Albert Hendrik de Graaf. By dy lêste restauraasje waard yn 'e blaasbalge 15e-iuwske fragminten fan perkamint fan 15 by 20 sm mei teksten oer de hillige Blasius fan Sebaste ûntdutsen, mooglik ôfkomstich út in lectionarium. Yn 1987 reparearre Reil út Heerde it oargel.

It oargel is yn goede steat en wurdt regelmjittich brûkt foar konserten.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brosjuere Stifting Alde Grinslânske Tsjerken (Side SAGT)