Madonna Thunder Hawk
Madonna Thunder Hawk | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Madonna Thunder Hawk | |
oare namme | Madonna Gilbert | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1940 | |
berteplak | it Jankton Sû Yndianereservaat (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Lakota-Sû | |
wurkpaad | ||
aktyf as | minskerjochte-aktivist | |
jierren aktyf | 1969 – no | |
offisjele webside | ||
Madonna Thunder Hawk op Twitter |
Madonna Thunder Hawk (berne as: Madonna Gilbert; yn it Jankton Sû Yndianereservaat (Súd-Dakota), 1940) is in Amerikaansk minskerjochte-aktiviste fan etnysk Yndiaansk komôf, dy't opkomt foar de rjochten fan 'e Sû (Sioux) en oare Yndiaanske folken. Hja hat bekendheid krigen as liedster fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM) en as ien fan 'e organisators fan 'e protesten tsjin de Dakota Access-oaljepiiplieding. Thunder Hawk is fierders ien fan 'e oprjochtsters fan 'e organisaasje Women of All Red Nations (WARN) en tsjinnet as tribaal ferbiningspersoan foar it Lakota People's Law Project (LPLP).
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Thunder Hawk waard yn 1940 berne yn it Jankton Sû Yndianereservaat, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, as Madonna Gilbert. Hja is in Lakota-Yndiaanse, dy't lid is fan 'e federaal erkende Cheyenne River Sû Stamme. Hja waard strang grutbrocht troch har mem, dy't sels har jonkheid yn 'e 1920-er jierren en 1930-er jierren trochbrocht hie op 'e kostskoallen foar Yndiaanske bern, dêr't besocht waard de Yndianen te assimilearjen yn 'e Amerikaanske maatskippij troch se harren kultuer, taal en godstsjinst ôf te nimmen. Ek Thunder Hawk sels brocht har tinerjierren troch op ferskate kostskoallen. Hja studearre letter sosjale wittenskippen en behelle dêryn in bachelortitel.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As studinte joech Thunder Hawk har by de Red Power-beweging en waard lid fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM), dy't opkomt foar rjochten fan 'e Yndianen yn 'e Feriene Steaten. Se die mei oan 'e Besetting fan Alcatraz, it finzeniseilân yn 'e Baai fan San Francisco, yn 1969-1970, dy't ta doel hie om 'e Amerikaanske federale oerheid ôf te bringen fan it Yndiaansk terminaasjebelied. (Dat wie derop rjochte om 'e stamme-organisaasjes en Yndianereservaten ôf te skaffen en de Yndianen ta assimilaasje te twingen.) Yn 1970 en 1971 wie Thunder Hawk behelle yn 'e beide besettings fan Mount Rushmore yn it diel fan 'e Black Hills dat yn 1877 troch de Amerikaanske oerheid oan 'e Lakota ûntnommen wie. Mei dy protestaksjes kanten de dielnimmers harren oan tsjin 'e oanhâldende ynbrek dy't it Amerikaanske regear makket op it Ferdrach fan Fort Laramie fan 1868.
Yn 1973 wie Thunder Hawk ek fan 'e partij doe't leden fan 'e AIM yn gearwurking mei pleatslike Oglala-Lakota-aktivisten út it Pine Ridge Yndianereservaat it plak Wounded Knee besetten, yn it súdwesten fan Súd-Dakota, dêr't yn 1890 it lêste Yndiaanske ferset op 'e Grutte Flakten troch it Amerikaanske Leger yn bloed smoard wie by it Bloedbad fan Wounded Knee. Under de Besetting fan Wounded Knee, dy't duorre fan 27 febrewaris oant 8 maaie 1973, wie Thunder Hawk in lid fan 'e saneamde Pie Patrol, in groep froulike aktivisten fan 'e AIM, dêr't ek Thelma Conroy-Rios, Theda Nelson Clarke, Lorelei DeCora Means en Mary Moore Crow Dog ta hearden. Nei ôfrin fan 'e besetting tsjinne Thunder Hawk fan desimber 1975 ôf as direktrise fan it Wounded Knee Legal Defense Offense Committee ("Komitee ta Juridyske Ferdigening en Oanfal oangeande Wounded Knee").
Tegearre mei Lorelei DeCora Means rjochte Thunder Hawk fierders de We Will Remember Survival School op, in soarte fan kostskoalle foar Yndiaanske bern fan wa't de âldelju foar aktivisme yn 'e finzenis kommen wiene, of dy't om 'e iene of oare reden sûnder diploma fan 'e middelbere skoalle gien wiene. Harren skoalle wie oansletten by de National Federation of Native-Controlled Survival Schools, in koepelorganisaasje ferbûn oan 'e AIM. Yn 1974 rjochten Thunder Hawk, DeCora en in hantsjefol oare Yndiaanske froulju ek de organisaasje Women of All Red Nations op. De namme betsjut "Froulju fan Alle Reade Naasjes" en is in backronym dat de ôfkoarting WARN opsmyt, Ingelsk foar "warskôgje". WARN woe in feministysk alternatyf biede foar it troch manlju dominearre aktivisme fan 'e Red Power-beweging en de AIM. De organisaasje lei him benammen ta op 'frouljuskwestjes', lykas ûnfrijwillige sterilisaasje, berne- en famyljerjocht en de bedriging fan lânseigen grûnbesit.
Thunder Hawk wie fierders ek ien fan 'e oprjochters en de wurdfierster fan 'e Black Hills-alliânsje, dy't tsjinkearde dat it Amerikaanske gemyconcern Union Carbide in uraniummyn iepenje soe yn 'e Black Hills, op lân dat hillich wie foar de Lakota. Ek oare lânûntwikkelders waarden troch Thunder Hawk-en-dy bûten de doar holden. Dêrta diene se ûndersyk nei de wetterfoarrieden yn it Pine Ridge Yndianereservaat, dêr't by oan it ljocht kaam dat dy sels al sûnder nije mynbou-aktiviteiten yn 'e krite in gefaarlik heech nivo fan radio-aktive strieling befette. Dy útkomsten joegen oanlieding ta de oanlis fan in nij wetterliedingstelsel yn it reservaat.
Yn 2004 sleat Thunder Hawk har oan by it Romero Ynstitút, doe't dat it Lakota People's Law Project (LPLP) oprjochte, it "Juridysk Projekt fan it Lakota-Folk". It doel dêrfan wie om 'e Amerikaanske oerheid oan te fiterjen ta it neilibjen en herfoarmjen fan 'e Wet op it Wolwêzen fan Yndiaanske Bern (Indian Child Welfare Act, ICWA). Dêrtroch moasten mear Yndiaanske bern opgroeie kinne by harren âldelju of teminsten op it lân fan harren foarâlden yn it eigen reservaat. As ferbiningspersoan fan it projekt mei de Yndiaanske befolking organisearre Thunder Hawk yn reservaten yn Súd-Dakota opfang foar bern út brutsen gesinnen troch de oprjochting fan saneamde 'beppe-rûnten' ("grandmother circles").
Yn 2016 wie Madonna Thunder Hawk ien fan 'e lieders fan 'e protesten tsjin 'e Dakota Access-oaljepiiplieding. Nei't presidint Donald Trump him neat fan 'e Yndiaanske wjerstân oanloek en gewoan piipliedings foar de trochfier fan ierdoalje oanlizze liet oer hillige Yndiaanske grûn hinne mei dêryn krappe en kwetsbere grûnwetterboarnen, waard Thunder Hawk ien fan Trump syn wichtichste tsjinstanners yn 'e Yndiaanske mienskip. Hja hat fierders meiwurke oan ferskate dokumintêres, wêrûnder Incident at Oglala (1992), William Kunstler: Disturbing the Universe (2009) en We Shall Remain Part V: Wounded Knee (2009). Ek wurke se as haadnaaister mei oan it meitsjen fan 'e kostúms foar de spylfilm Crazy Horse (oer it histoaryske Lakota-opperhaad mei dy namme), út 1996.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Madonna Thunder Hawk op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Madonna Thunder Hawk yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |