Springe nei ynhâld

Maartje Roos

Ut Wikipedy
Maartje Roos
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Maartje Roos
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 10 jannewaris 1986
berteplak Noardburgum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as fotografe, byldzjend
keunstneresse
medium digitale fotografy
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
roosphotography.nl

Maartje Roos (Noardburgum, 10 jannewaris 1986)[1] is in Frysk fotografe en byldzjend keunstneresse dy't sûnt 2011 aktyf is. Se hat ferskate kearen yn û.m. de Feriene Steaten eksposearre en wurdt beskôge as "ien fan 'e meast talintearre Nederlânske fotografen"[2] fan dit stuit. Roos makket keunst troch eleminten út ferskillende foto's te kombinearjen ta ien byld. Yn 2016 wie se ferantwurdlik foar de omslach fan De Twa Tuorren, de Fryske oersetting fan it twadde diel fan Tolkien syn Lord of the Rings-trilogy.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Roos waard yn 1986 berne yn Noardburgum en gie fan 1998 oant 2003 nei de HAVO oan it Lauwers Kolleezje yn Bûtenpost. Dêrnei folge se oant 2006 in oplieding fotoanika en oanslutend helle se har propedeuze oan 'e keunstakademy ArtEZ yn Swol. Yn 2010 studearre se cum laude ôf oan 'e (eardere) Foto-akademy Grins. Neitiid wurke se earst fanút Hurdegaryp foar't se har bedriuw oan 'e Bredepleats yn Ljouwert fêstige. Yn 2011 naam Roos diel oan 'e groepseksposysje Dutch Delight, op it New York Photo Festival yn New York. Datselde jiers krige se in earfolle fermelding foar de Theo Brandsmapriis.

Yn 2012 wie Roos har wurk op it fotografyfestival PHOTOVILLE te sjen, yn 'e New Yorkske wyk Brooklyn, as ûnderdiel fan 'e goepseksposysje Wonder of Woman. Yn 2012 wie se ek ferantwurdlik foar de fotografy yn it jubileumboek Zijn we d'r al? fan 'e Efteling, dat útbrocht waard ta gelegenheid fan it 60-jierrich bestean fan it Brabânske ferdivedaasjepark. Yn 2013 eksposearre Roos op 'e nij op PHOTOVILLE, diskear as dielnimmer oan 'e groepsekposysje Keep on Dreaming, dy't yn 2014 ek te sjen wie yn Amsterdam en Tokio.

Roos wurke yn 2014 as ien fan 'e hûndert nijste Nederlânske fotografyske talinten mei oan it fotoboek New Photo: Dutch Photografy Talent 2014. Dat jiers waard se ek yn trije kear nominearre foar de 7th Annual Photography Masters Cup, yn 'e kategory reklame, foar Zijn we d'r al?, en twaris yn 'e kategory fine art, foar har oandiel yn Wonder of Woman en foar de fotosearje Oude tijden herleven – Drenthe. Ek naam Roos yn 2014 wer diel oan PHOTOVILLE, mei wurk dat ta de groepseksposysje Alive! hearde.

Yn 2015 makke Roos ûnderdiel út fan it nasjonaal fotografysk tiim fan Nederlân dat meitong nei de World Photographic Cup, mei wurk yn 'e kategoryen kommersjeel (mei as ûnderwerp Joaris en de draak, út 'e Efteling) en lânskip (mei as ûnderwerp de blauwe pau, Pavo cristatus). Yn 2016 helle hja jitris trije nominaasjes binnen op 'e 9th Annual Photography Masters Cup, ien yn 'e kategory reklame (Kerst vier je samen!) en twa yn 'e kategory fine art (Rietsnijders en Piano man).

De omslachôfbylding fan De Twa Tuorren, makke troch Maartje Roos.

Roos wurke yn 2016 fierders ek gear mei oersetter en predikant Liuwe H. Westra fan Lollum, by de publikaasje fan 'e Fryske fertaling fan De Twa Tuorren, it twadde diel fan 'e Lord of the Rings-trilogy fan 'e ferneamde Ingelske fantasyskriuwer J.R.R. Tolkien. Foar de hânbûne útjefte fan dat boek ûntwurp Roos de stofomslach, mei in ruter op in Frysk hynder dy't troch in Frysk lânskip fjouweret en twa tuorren, wêrûnder de tsjerketoer fan Tsjom, dat Westra syn berteplak is.

Fan mids novimber 2017 ôf eksposearre Roos yn 'e galery De Vier Pelikanen, oan 'e Twibaksmerk yn Ljouwert mei it projekt Leeuwarden Lonkt, dêr't se trije jier lang oan wurke hie. De tentoanstelling bestie út tsien yn sêne sette foto's fan ferneamde histoaryske Ljouwerters, lykas Willem Loadewyk, Saakje fan Uylenburgh, Marijke-muoi, Mata Hari, Piter Jelles Troelstra en Nynke fan Hichtum, en J.J. Slauerhoff. Alle foto's wiene opboud út tsientallen lagen, wêrby't Roos histoaryske dekôrs kombinearre hie mei kostumearre modellen, bisten en foarwerpen. Bij Leeuwarden Lonkt ynbegrepen wie in lespakket dat de tentoanstelling gaadlik makke foar skoalbern.[3]

Yn 2019 hie Roos in solo-eksposysje mei as namme Terug naar de Toekomst yn keunstromte Het Langhuis yn Swol. Yn 2019 waard se nominearre foar de 12th Annual Photography Masters Cup yn 'e kategory Fine Art, mei har wurk oer Willem Loadewyk fan Nassau. Sûnt 2020 lit Roos har fertsjintwurdigje troch Galery De Roos van Tudor yn Ljouwert en de Eduard Planting Gallery yn Naarden. Dat jiers waard se op 'e nij nominearre foar Photography Masters Cup yn 'e kategory Fine Art, mei har wurk Eartiids Earnewâld. Ek wie se foar Nederlân dielnimster oan World Photographic Cup. Yn 2021 folge in nije nominaasje yn 'e Fine Art-kategory fan 'e Photography Masters Cup foar Roos har wurk Anemone Coronaria. Ek wûn se doe de Talintpriis fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân. Yn 2022 hie Roos in solo-eksposysje by De Roos van Tudor mei fotobewurkings fan domestisearre bisten fan bedrige rassen, titele De Laatsten in Hun Soort. Yn septimber 2022 wûn Roos mei dy rige it goud yn 'e kategory Natoer/Húsdieren en de haadpriis yn 'e kategory Natoer fan 'e fotowedstryd PX3 foar de Prix de la Photographie yn Parys. Mei de priis wie in jildbedrach fan $500 muoid.[4]

Roos brûkt it medium fotografy om byldzjende keunst te meitsjen. Dat docht se troch eleminten út ferskillende foto's te kombinearjen en dêrút ien glêd yninoar oerrinnend gehiel gear te stallen. Op har eigen webside omskriuwt se dy wurkwize as "it fertellen fan ferhalen yn ien byld". Soks is yn sekere sin dreger as it wurk fan in keunstskilder, dy't eventueel in elemint dat er yn syn skilderij ynkorporearje wol, neiskilderje kinne soe fan in foto of oar byldmateriaal. Roos moat foar har wurk lykwols alle eleminten fotografearje en hechtet sa'n grut belang oan autensiteit dat se der by need it hiele lân foar ôfreizget. It meitsjen fan dit soarte fotokeunst is tige arbeidsyntinsyf en ferget yn 't foar ek in protte ûndersykstiid. De ûnderwerpen dêr't Roos har belangstelling nei útgiet, binne identiteit, natoer en skiednis.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berteplak en bertedatum troch skriuwer dizzes by Roos sels fia e-mail opfrege.
  2. Westra, Liuwe H., Tolkien Lotr II - Yn it Moaiste Frysk!, op Voordekunst.nl
  3. Brugman, Gitte, Levende Historie, yn: de Ljouwerter Krante, 20 novimber 2017, s. 26-27.
  4. ——, Fotoprijs voor serie zeldzame huisdieren, yn: de Ljouwerter Krante, 2 septimber 2022, s. 20.