Springe nei ynhâld

Neder-Eastenryk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Leech-Eastenryk)
Neder-Eastenryk
Flagge Wapen
Lokaasje
Geografy
Soarte gebiet dielsteat (Bundesland)
Lân Eastenryk
Haadstêd Sankt Pölten
Oerflak 19.179,5 km²
Befolking
Ynwennertal 1.684.287 (2020)
Befolkingstichtens 88 / km²
Bûtenlanners 10,3 % (2020)
Polityk
Landeshauptmann Johanna Mikl-Leitner (ÖVP)
Regearjende partijen ÖVP, FPÖ, SPÖ
Ferdieling sitten yn
   dielsteatsparlemint

   (Landtag, 56 sitten)
ÖVP: 29 fan 56

SPÖ: 13 fan 56 FPÖ: 7 fan 56
Grüne: 6 fan 56
NEOS: 3 fan 56
Fraksjeleas: 1 fan 56
Lêste ferkiezings 28 jannewaris 2018
Folgjende ferkiezings 2023
Sitten yn Federale Ried 12
Oar
Stifting 1919
Folksliet O Heimat, dich zu lieben
ISO 3166-2 AT-3
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Webside www.noe.gv.at

Neder-Eastenryk (Dútsk: Niederösterreich) is de grutste fan de njoggen dielsteaten fan Eastenryk. Haadstêd is Sankt Pölten mei likernôch 52.000 ynwenners. It is tagelyk it grutste plak fan de dielsteat. Neder-Eastenryk, dat de dielsteat Wenen omklammet, wurdt fakentiden de kearn fan Eastenryk neamd.

It foarlân fan de Alpen waard al yn de âldheid bewenne troch Keltyske stammen en stadichoan troch it Romeinske Ryk oermastere. Dêr ûnstiene de wichtichste delsettings fan Latina, it doedestiidske Eastenryk, nammentlik Vindobona (it hjoeddeiske Wenen) en Carnuntum. It Romeinske Ryk rekke sûnt de 5e iuw syn ynfloed op it gebiet mei de folksferhûzings kwyt. Nije kolonisten lykas de Slaven, Bajuwaren en Avaren ferdrongen de Romeinen.

De ruïne fan it 12e-iuwske kastiel Aggstein

Yn 788 naam Karel de Grutte it eartiidsk ûnôfhinklike gebiet op yn it Frankyske Ryk. Eastlik dêrfan stifte er om 800 hinne it saneamde Avaremark en súdlik de Mark Carantania, dêr't letter it hjoeddeiske Karinsje út ûntstie. It East-Frankyske Ryk wie yn de 10e iuw betiizge yn in lange striid tsjin de Hongaren, dy't harren fanút it easten opkrongen yn Sintraal-Europa. Mei de Slach op it Lechfjild makke Otto de Grutte yn 955 in ein oan de Hongaarske agresje.

It Hûs Babenberg hearske as de eastlike prefektuer fan it Hartochdom Beieren (Latyn: Marcha orientalis) tusken 975 en 1246 oer it gebiet. Dat gebiet, dat fierder bestie út noch wat oermastere Hongaarske gebieten, stie yn it Aldheechdútsk bekend as Ostarrîchi. Ut dy namme ûnstie de hjoeddeiske namme Eastenryk.

Nei de Slach op it Marsfjild yn 1278 kaam it gebiet ûnder Habsburgske hearskers. Stadich ûntwikkele it ta it kearnlân fan de dynasty. Sûnt de lette midsiuwsen hie it lân te meitsjen mei in soad geweld: de Habsburgske súksesjekrigen, de hussitenkriten en ynvaazjes fan de Hongaarske kening Matthias Corvinus. Yn 1349 waard it gebiet troffen troch de Swarte Dea en in fyfte fan de folsleine befolking waard troch de epidemy útroege.

De Turken jouwe yn 1532 it belis fan Wenen op (Juan de la Corte (1585-1662))

Oan it begjin fan de 16e iuw wiene der twa saken dy't grutte ynfloed op it lân krige. Yn dy iuw makke de reformaasje opgong en benammen yn Neder-Eastenryk krige it protestantisme in soad oanhing. Tagelyk wreiden de Turken harren besetting fan Súdeast-Europa út nei Sintraal-Europa. Neder-Eastenryk waard slim troffen troch it earste belis troch de Turken fan Wenen yn 1529. De 20.000 man sterke Osmaanske rutertroepen fan de Akıncı besochten it gebiet moardzjend en plonderjend en feroarsaken in drastyske ôfname fan it ynwennertal. Sûnt 1570 soarge de katolike kontrareformaasje foar it ôfnimmen fan de protestantske ynfloed. By de Slach op de Wite Berch bûten Praach yn novimber 1620 wist in katolyk bûn de protestantske striidkrêften fan kening Freark fan Bohemen in grutte nederlaach ta te bringen. De befolking moast yn de jierren 1620 wer it katolisisme oannimme. Protestantske eallju dy't net meidiene oan de opstân tsjin de roomsk-dútske keizer mochten bliuwe, mar de rest fan de protestantske adel krige de kar tusken it lân út of wer katolyk wurde. Yn dy tiid waarden grutte kleasters lykas it stift Melk, Klosterneuburg en it stift Göttweig boud of nij libben ynblaasd.

Stift Melk

Lange tiid kige de Tritichjierrige Kriich gjin fet op de kontrijen, allinne oan it begjin fan dy lange striid waarden in pear doarpen plondere doe't greve Heinrich Matthias fan Thurn mei in leger fan it opstannige Bohemen nei Wenen teach. Tsjin it ein fan de kriich waard it lykwols slimmer. By Jankau yn Bohemen, likernôch 60 kilometer súdlik fan Praach, fûn de lêste grutte slach fan de Tritichjierrige Kriich plak. Op 6 maart 1645 wist in Sweedsk-protestantske leger ûnder fjildmaarskalk Lennart Torstensson de keizerlik-habsburgske troepen ûnder fjildmaarskalk Melchior fan Hatzfeldt te ferslaan. Mei de Sweedske oerwinning lei it paad nei Wenen iepen en Sweedske troepen ferneatigen grutte dielen fan Wenen en ferskate kastielen lykas Staatz en Falkenstein binne sûnt dy tiid ruïnes. It tsintwurdige Gaweinstal waard krekt lykas Stockerau hielendal platbaarnd. Ek stêden as Krems, Korneuburg en Stein hiene slim fan de Sweedske oanfallen te lijen en ek by it werom feroverjen troch de keizerlike legers brochten nije ferliezen.

Bestoarming fan it Weenske Löwelbastion troch de Turken, 1683

Nei de Slach by Mohács yn 1526 en de oermastering fan grutte dielen fan Hongarij en Kroaasje troch de Turken waard Neder-Eastenryk it grinsgebiet fan it Hillige Roomske Ryk en dat bleau sa oant 1683, doe't de Ottomanen nei in mislearre twadde belis fan Wenen weromkrongen waarden. Om't in grut diel fan de befolking fan Neder-Eastenryk troch it hast 300.000 man sterke Turkske leger útroege wie, waard it gebiet neitiid mei boeren en arbeiders út Stiermarken, Boppe-Eastenryk, Tiroal, Beieren en Swaben op 'e nij befolke.

Yn de Frânske Tiid en it konflik mei Prusen yn 1866 hie de befolking op 'e nij te lijen ûnder plondering en geweld. Tsjin it midden fan de 19e iuw waard it spoar oanlein dy't de regio mei de haadstêd Wenen as administratyf en ekonomysk sintrum ferbûn. Neder-Eastenryk helle syn foardiel út de geografyske lizzing mei Wenen as it kulturele sintrum fan de dûbelmonargy.

It âlde bestjoergebou fan de dielsteat yn Wenen - Palais Niederösterreich - foar de ferhûzing nei Sankt Polten
It Semmeringspoar wie it earste spoar yn 'e wrâld dat yn 1854 troch ingenieur Carl von Ghega yn in bergeftich lânskip waard oanlein. It ferbynt oer 41 km Gloggnitz mei Mürzzuschlag en is yn 1998 ta wrâlderfgoed fan UNESCO ferklearre

Mei de militêre nederlaach yn de Earste Wrâldkriich en de ûntbining fan Eastenryk-Hongarije yn 1922 waard Neder-Eastenryk de meast befolke steat yn de nije Republyk Eastenryk. Nei de Anschluss waard de namme fan Neder-Eastenryk feroare yn Reichsgau Niederdonau. Ek feroaren de grinzen troch de yndieling fan gemeentes fan Neder-Eastenryk by Wenen, dat neffens Hitler's winsk analooch oan Grut-Berlyn tenei offisjeel de namme Grut-Wenen krige. Nei de Twadde Wrâldkriich foel Neder-Eastenryk ûnder de Sovjet-Russyske besettingssône, wylste Wenen yn fjouwer sektoaren ferdield waard. Krekt lykas yn de troch de Russen besette dielen fan Dútslân waarden masjines yn fabriken nei de Sovjet-Uny stjoerd. De ekonomyske weropbou fan de eastlike dielsteaten fan Eastenryk duorre dêrom langer as de troch de Frânske, Britske en Amearikaanske besette westlike dielsteaten en koe pas yn de jierren 1970 wer ynhelle wurde.

Wenen waard yn 1920 as in ûnôfhinklike dielsteat stifte, mar tsjinne oant 1986 noch as it bestjoerlik sintrum fan Neder-Eastenryk. In referindum yn dat jier brocht de útslach dat Sankt Pölten de nije haadstêd fan Neder-Eastenryk wurde moast. It duorre lykwols noch oant 1997 doe't it regear fan de dielsteat nei de nije gebouwen yn Sankt Pölten ferhûzje koe.

Yn de rin fan de tiid naam it belang fan de lânbou yn ekonomy ôf en dat fan de yndustry en tsjinsten ta. De regio fan Neder-Eastenryk om Wenen hinne is ekonomysk sterker as de rest fan de dielsteat.

Waldviertel (Weitra)
Wynbou yn it Weinviertel (Ruppersthal)
De Schneeberg

Mei in oerflak fan 19.186,27 kante kilometer is Neder-Eastenryk de grutste dielsteat fan it Eastenryk. Likernôch 40% bestiet út lânbougrûn en bosk.

Neder-Eastenryk omklammet hielendal de federale haadstêd fan Eastenryk. Yn it noarden grinzget de dielsteat oan Súd-Bohemen en Súd-Moraavje (beide diel útmeitsjend fan Tsjechje), yn it noardeasten oan de Slovaakske regio's Tyrnau en Bratislava en, yn de grinzen fan Eastenryk, yn it súdeasten oan Burgenland, yn it suden oan Stiermarken en yn it westen oan Boppe-Eastenryk. Mei 414 km hat Neder-Eastenryk de langste ynternasjonale grins fan alle oare Eastenrykske steaten.

Regio ferdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neder-Eastenryk wurdt sûnt de 15e iuw tradisjoneel ferdield yn fjouwer saneamde Viertel (regio's of lânskippen).

Noardlik fan de Donau:

  • Grien: Viertel ober dem Manhartsberg
  • Read: Viertel unter dem Manhartsberg

Súdlik fan de Donau:

  • Giel: Viertel ober dem Wienerwald
  • Blau: Viertel unter dem Wienerwald
Noardlik fan de Donau
  • Waldviertel (Viertel ober dem Manhartsberg), in grut granytplato en de histoaryske grinskrite mei Bohemen en Moraavje
  • Weinviertel (Viertel unter dem Manhartsberg), in heuveleftich lânskip dat nei it easten ta flakker wurdt. De grûn is tige geskikt foar wynbou, dêr't it kertier syn namme oan tanket.
Súdlik fan de Donau
  • Mostviertel (Viertel ober dem Wienerwald), in kertier dat oerhearske wurdt troch de kalkstiennen útrinners fan de Alpen mei de Schneeberg, dy't mei in hichte fan 2076 meter de heechstse berch fan Neder-Eastenryk is.
  • Industrieviertel (Viertel unter dem Wienerwald), in regio dêr't lykas de namme seit sûnt de 18e iuw in soad tekstyl- en metaalyndustry sit.

De fjouwer regio's komme oerien mei in âlde bestjoerlike yndieling út de tiid fan de dûbelmonargy. Tsjintwurdich hat de opdieling gjin politike funksje mear. De Donau foarmet de grins foarmet tusken de noardlike en súdlike regio's.

Besjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sankt Pölten (domtsjerke)
Dürnstein in der Wachau
Abdij Göttweig

Statutarstädte

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei Statutarstädte wurde yn Eastenryk gemeentes ornearre dy't stedsrjochten hawwe en fierder net ûnder in distrikt falle, mar selstannich bestjoerd wurde.

Stêd Oerflak (2020) Ynwennertal (2020) Kentekenletter(s)
Krems 51,66 km² 25.036 KS
Sankt Pölten 108,44 km² 55.514 P
Waidhofen 131,52 km² 11.222 WY
Wiener Neustadt 60,94 km² 45.823 WN
Distrikt Haadstêd Oerflak (2020) Ynwennertal (2020) Kentekenletter (s)
Amstetten Amstetten 1.187,73 km² 116.520 AM
Baden Baden 753,64 km² 146.751 BN
Bruck oan de Leitha Bruck 703.11 km² 103.735 BL
Gänserndorf Gänserndorf 1.271,40 km² 104.782 GF
Gmünd Gmünd 786,39 km² 36.553 GD
Hollabrunn Hollabrunn 1.010,88 km² 51.033 HL
Horn Horn 784 km² 30.936 HO
Korneuburg Korneuburg 661,84 km² 91.254 KO
Krems-Land Krems 923,92 km² 56.487 KR
Lilienfeld Lilienfeld 931,65 km² 25.665 LF
Melk Melk 1.013,56 km² 78.191 ME
Mistelbach Mistelbach 1.291,72 km² 75.625 MI
Mödling Mödling 276,99 km² 119.115 MD
Neunkirchen Neunkirchen 1.146,92 km² 86.343 NK
Sankt Pölten-Land Sankt Pölten 1.286,88 km² 131.729 PL
Scheibbs Scheibbs 1.023,46 km² 41.414 SB
Tulln Tulln 734,42 km² 104.593 TU/KG
Waidhofen oan de Thaya Waidhofen 669,03 km² 25.682 WT
Wiener Neustadt-Land Wiener Neustadt 969,84 km² 78.307 WB
Zwettl Zwettl 1.399,90 km² 41.987 ZT

De distrikten binne yn 573 polityk selsstannige gemeentes ferdield (2020).

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynwennertal fan Neder-Eastenryk nimt ta troch oanhâldende ferhûzing út Wenen. Ek de kar op Sankt Pölten as haadstêd fan de dielsteat soarge foar in grutter ynwennertal. Lânskiplik wichtige dielen lykas it Wienerwald wurde yn de romtlike oardening fan de dielsteat beskerme tsjin it útwreidingsareaal fan de bebouwing.

Yn 2020 bestie 10,3% fan de befolking út bûtelanners, wylst 15,5% (2019) fan de befolking in migraasje-eftergrûn hie.

Jier 1869 1890 1910 1934 1951 1961 1971 1981 1991 2011 2018
Ynwennertal 1.077.232 1.213.471 1.425.238 1.446.775 1.400.471 1.374.012 1.420.816 1.427.849 1.473.813 1.611.981 1.670.668

Yn 2001 wie 79,3% fan de befolking roomsk-katolyk, 3,3% protestantsk, 3,2% islamitysk en 10,8% sûnder religy. Roomsk Neder-Eastenryk falt ûnder de twa bisdommen Sankt Pölten en it aartsbisdom Wenen, wêrby't twa fan de yn trije fikariaten fan it aartsbisdom yn Neder-Easnteryk lizze.

Kultureel erfgoed

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de dielsteat steane in soad kleasters en abdijen, dy't sûnt de stifting as kultuersintra foar it lân tsjinnen. It bekendst binne:

  • Stift Melk (sûnt 1089)
  • Stift Klosterneuburg (sûnt 1114)
  • Stift Heiligenkreuz (sûnt 1133)

Mear grutte kleasters binne der yn Altenburg, Dürnstein, Geras, Göttweig, Herzogenburg, Lilienfeld, Seitenstetten en Zwettl te sjen.

De boargen en kastielen tsjinje hjoeddedei it toerisme en wurde faak brûkt as konsertsealen en musea, lykas bygelyks de Schallaburg, it Slot Hof en de slotten Grafenegg, Thürntal, Wilfersdorf, Artstetten, Rosenau, Greillenstein, Eckartsau, Niederweiden, Laxenburg, Rohrau en Rosenburg am Kamp.

Niederösterreichische Landesmuseum yn Sankt Pölten
  • Krems oan de Donau: Karikaturmuseum (Webstee)
  • Krems oan de Donau: Landesgalerie Niederösterreich (Webstee)
  • Heldenberg: Radetzky-Gedenkstätte und Steinzeitdorf (Webstee)
  • Mistelbach: Urgeschichtemuseum MAMUZ (Webstee)
  • Petronell-Carnuntum: Argeologypark en museum Carnuntum (Webstee)
  • Pöchlarn: it Kokoschka-Haus (Webstee)
  • Sankt Pölten: Niederösterreichische Landesmuseum (Webstee)
  • Tulln: it Egon-Schiele-Museum (Webstee)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Dielsteaten fan Eastenryk
Burgenland Karinsje Neder-Eastenryk Opper-Eastenryk Salzburg Stiermarken Tiroal Vorarlberg Wenen
· · Berjocht bewurkje


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side