Sankt Pölten

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Sankt Pölten
Map at sankt pölten.png
Flagge Wapen
Gjin Flagge (Bekend).PNG AUT Sankt Poelten COA.svg
Sifers
Ynwennertal 55.514 (1 jan. 2020)
Oerflak 108,44 km²
Hichte 267 m
Polityk
Lân Flag of Austria.svg Eastenryk
Dielsteat Flag of Lower Austria (state).svg Neder-Eastenryk
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.st-poelten.at

Sankt Pölten (regionaal: St. Pödn) is de haadstêd fan de Eastenrykske dielsteat Neder-Eastenryk. Mei 55.514 ynwenners (1 jannewaris 2020) is de stêd de njoggende stêd fan it lân.

Sankt Pölten is as in statutêre stêd (in selsstannich stêd) sawol in gemeente as in distrikt. Sûnt de stientiid wurdt de lokaasje al bewenne en Sankt Pölten heart yn alle gefallen ta de âldste stêden fan Eastenryk.

Stedsyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sankt Pölten is ferdield yn alve stedsdielen. Yn in stedsdiel kinne meardere plakken en/of buorskippen lizze.

St.Pölten Karte Stadtteile mit Beschriftung.svg
  • I: Harland: Harland, Altmannsdorf, Windpassing
  • II: Ochsenburg: Ochsenburg en Dörfl (by Ochsenburg)
  • III: Pottenbrunn: Pottenbrunn, Pengersdorf, Wasserburg, Zwerndorf
  • IV: Radlberg: Radlberg, Oberradlberg, Unterradlberg
  • V: Ratzersdorf an der Traisen
  • VI: Spratzern: Spratzern, Matzersdorf, Pummersdorf, Schwadorf, Völtendorf
  • VII: Stattersdorf
  • VIII:St. Georgen am Steinfelde: St. Georgen am Steinfelde, Eggendorf, Ganzendorf, Hart, Kreisberg, Mühlgang, Reitzersdorf, Steinfeld, Wetzersdorf, Wolfenberg, Wörth
  • IX: St. Pölten: St. Pölten, Hafing, Nadelbach, Teufelhof Waitzendorf, Witzendorf
  • X: Viehofen: Viehofen, Ragelsdorf, Weitern
  • XI: Wagram: Wagram, Oberwagram, Oberzwischenbrunn, Unterwagram, Unterzwischenbrunn

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opgravings op it Domplatz

Fynsten tsjûgje der fan dat it hjoeddeiske Sankt Pölten al sûnt de 3e iuw foar Kristus bewenne wie. Ek binne der spoaren fan de brûnstiid, de izertiid en de Kelten fûn. Sûnt de 1e iuw nei Kristus oant likernôch 450 lei de romeinske stêd Aelium Cetium op it plak fan de âlde midsiuwske binnenstêd fan Sankt Pölten. Aelium Cetium wie ien fan de belangrykste plakken fan de romeinske provinsje Noricum. Fanút Aelium Cetium wie it in dei marsjearen nei de grinsstêden fan it Ryk oan de Donau. Yn grutte halen is it bekend hoe't de stêd der útsjoen hat en wêr't de grinzen leine. Yn de twadde helte fan de 4e iuw rekke Aelium Cetium yn it neigean, de lêste oanwizing fan de romeinske bewenning is in grêf mei in kaai út it jier 450. Oant de 8e iuw bleau it gebiet op wat lytsere tydlike delsettings, sûnder in soad betsjutting, nei in ferlitten gebiet.

Sûnt 791 sette de tsjerklike organisaasje fan Neder-Eastenryk útein en yn dy tiid ûnstiene nije kleasters en delsettings. Nei alle gedachten gau dat ek foar it sûnt dy tiid permanint bewenne Sankt Pölten. Wis is dat der yn de iere midsiuwen op it grûngebiet fan de hjoeddeiske binnenstêd it Hippolytuskleaster stien hat. It kleaster foarme mei de dêr om hinne groeiende delsetting it begjin fan it ûnstean fan de midsiuwske stêd.

Sankt Pölten (Georg Mätthaus)

Tusken 1253 en 1286 waard om Sankt Pölten in stedsmuorre boud en tsjin 1367 wie it gebiet binnen de muorren foar it earst hielendal beboud. Aelium Cetium droech by oan de ûntwikkeling fan de stêd troch't it materjaal fan de ferfallen romeinske ruïnes by de bou op 'e nij brûkt waard en in pear âlde romeinske bouwurken mei oanpassings fierder brûkt waarden. Ek in pear nije strjitten en pleinen út de midsiuwen lizze op krekt itselde plak, dêr't earder romeinske strjitten en pleine leine. De biskop fan Passau ferliende Sankt Pölten yn 1159 stedsrjochten en dêrmei is Sankt Pölten yn alle gefallen ien fan de alderâldste stêden fan it lân.

Domtsjerke

De stedsmuorren fan Sankt Pölten diene harren tsjinst doe't yn 1529 en 1683 de Turken it lân binnenfoelen.

In bysûndere bloeitiid belibbe de stêd yn de 16e en 18e iuw. Jakob Prandtauer en Joseph Munggenast makken fan de stêd in sintrum fan barokke arsjitektuer. Yn dy tiid krige de stêd in barok oansjen mei hichtepunten lykas de domtsjerke, de Karmelitessentsjerke, it riedshûs en stedspaleizen. Oan de domtsjerke (1722–1750) wurken ferneamde keunsters lykas Daniel Gran, Bartolomeo Altomonte en Tobias Pock.

Yn it ramt fan de katolike herfoarmings waarden yn de 18e iuw nije kleasters stifte en yn 1770 telde de mar 29 hektare grutte stêd wol seis kleasters. Keizer Joazef II makke mei syn sekularisaasje in ein oan fjouwer fan de seis kleasters. Yn 1785 ferhûze de sit fan it bisdom fan Wiener Neustadt nei it wat earder ophefte koarhearenstift fan Sankt Pölten. Earste biskop fan it nije bisdom wie oant 1792 Johann Heinrich von Kerens.

Mei de ûntsluting fan Sankt Pölten troch it spoar yn de 19e iuw sette de yndustrialisaasje útein. Fral nei de iepening fan grutte bedriuwen oan it begjin fan de 20e iuw naam it tal ynwenners mei sprongen ta.

Ta neitins fan de slachtoffers fan de Twadde Wrâldkriich hat Sankt Pölten stroffelstiennen lein

Yn de Twadde Wrâldkriich kaam der in ein oan de likernôch 400 minsken tellende joadske mienskip fan de stêd. Op 7 oktober 1941 liet de boargemaster witte dat Sankt Pölten joaden- en sigeunerfrij wie. Dat wie net wier, want der binne trije gefallen fan joaden bekend, dy't yn Sankt Pölten it ein fan de kriich meimakken. Alhoewol't de monumintale jugendstil-synagoge yn 1938 skeind waard, bleau it gebou bestean en folge yn 1980 in restauraasje. De earste bommen op Sankt Pölten foelen yn juny 1944, de swierste oanfallen op de stêd wiene lykwols mei peaske 1945. Grutte dielen fan de ynfrastruktuer waarden troffen en likernôch 3.500 minsken rekken dakleas. 591 minsken kamen by de oanfallen om.

Nei de kriich waard Sankt Pölten troch de Russen beset. Yn augustus 1955 begûn de ôftocht fan de Sovjet-troepen en op 13 septimber ferlieten de lêste soldaten de stêd. Troch in weryndieling waard de gemeente Sankt Pölten yn 1972 grutter en skeat it ynwennertal foar it earst oer de 50.000-grins hinne.

Op 10 july 1986 waard Sankt Pölten nei in referindum op 1 en 2 maart fan dat jier de haadstêd fan Neder-Eastenryk.

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1848 1869 1890 1910 1934 1951 1961 1971 1981 1991 2001 2011 2020
Ynwennertal 4.540 14.470 19.184 35.648 46.304 44.005 46.520 49.664 50.419 50.026 49.121 51.956 53.445

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Synagoge
  • De barokke Marije-Himelfeartdom is oarspronklik in romaansk gebou, mar waard yn barokke styl ferboud.
  • It biskoplik paleis is in ierbarok kleastergebou (1636-1653) fan twa ferdjippings heech.
  • It riedshûs is ûntstien út twa âlde hûzen en fertsjintwurdiget ferskillende boustilen. It besit tige moaie stúkplafonds.
  • De Fransiskaanske tsjerke (1757-1768) mei it oanslutende kleaster stiet oan de noardlike kant fan it Radhausplatz.
  • It barokke Institut der Englischen Fräulein yn de Linzerstrasse waard yn 1706 yn de geast fan de oarderstiftster Maria Ward as kleaster en ûnderwiisynstitút foar aadlike fammen stifte. De earste stien foar de tsjerke waard yn 1715 lein.
  • De Karmelitessentsjerke oan de Prandtauerstrasse is in eardere kleastertsjerke út 1707-1708.
  • De yn 1938 ûntwijde synagoge waard yn de jierren 1980 restaurearre en wurdt tsjintwurdich brûkt troch it Ynstitút foar de Joadske Skiednis fan Eastenryk.
  • It Olbrich-Haus oan de Kremser Gasse is foar de leafhawwers fan Jugendstil-arsjitektuer tige it besjen wurdich.

Yn de omjouwing fan de stêd binne it Slot Ochsenburg, it Slot Viehofen en yn Pottenbrunn it Slot Pottenbrunn en de Wasserburg in besite wurdich.

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Museum Niederösterreich (webstee)
  • Diözesanmuseum St. Pölten (webstee)
  • Stadtmuseum St. Pölten (webstee)
  • Synagoge (webstee)
  • Museum zur Geschichte der Arbeiterbewegung und Sozialdemokratie im Raum St. Pölten - Museum im Hof

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side