Vorarlberg
Vorarlberg | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje | |
Geografy | |
Soarte gebiet | dielsteat (Bundesland) |
Lân | Eastenryk |
Haadstêd | Bregenz |
Oerflak | 2.601,67 km² |
Befolking | |
Ynwennertal | 397.139 (2020) |
Befolkingstichtens | 153 / km² |
Bûtenlanners | 18,2 (2020) |
Polityk | |
Landeshauptmann | Markus Wallner (ÖVP) |
Regearjende partijen | ÖVP en Grüne |
Ferdieling sitten yn dielsteatsparlemint (Landtag, 36 sitten) |
ÖVP: 17 fan 36 SPÖ: 4 fan 36 FPÖ: 5 fan 36 Grüne: 7 fan 36 NEOS: 3 fan 36 FPÖ 5 fan 36 |
Lêste ferkiezings | 13 oktober 2019 |
Folgjende ferkiezings | 2024 |
Sitten yn Federale Ried | 3 |
Oar | |
Folksliet | ’s Ländle, meine Heimat |
ISO 3166-2 | AT-8 |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Webside | vorarlberg.at |
Vorarlberg (Dútsk: Vorarlberg; Allemannysk: Vorarlbearg; soms ferfryske ta Foararlberch) is de meast westlike dielsteat fan Eastenryk. Haadstêd is Bregenz. Oare grutte plakken binne Dornbirn en Feldkirch. It is op Wenen nei de lytste dielsteat en troch't Vorarlberg mear op Dútslân, Switserlân en Lychtenstein rjochte wie is it kultureel mear besibbe oan dy lannen dan oan Eastenryk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it ynstoarten fan de Habsburger monargy liet Vorarlberg yn 1918 him bestjoerlik fan it doedestiidske Tiroal ôfskiede. In referindum oer it begjinnen fan ûnderhannelings mei Switserlân foar oansluting by it Switserkse Eedgenoatskip koe yn 1919 rekkenje op in mearderheid fan goed 80% fan de befolking. Sa fier kaam it lykwols net; it provisoaryske bestjoer fan Vorarlberg en de Switserske Bûnsried wifken, benaud dat hja wiene foar de fersteuring fan it Fredesferdrach fan St. Germain en it lykwicht tusken talen en leauwe yn Switserlân mei de tafoeging fan in kanton fan Dútsktalige katoliken.
Mei de stifting fan de Republyk Eastenryk waard Vorarlberg in selsstannige dielsteat mei in eigen regear en grûnwet. Vorarlberg is de iennige Eastenrykske dielsteat dat him yn de grûnwet as in selsstannige steat omskriuwt.
By de Anschluss fan Eastenryk op 12 maart 1938 waard Vorarlberg mei de rest fan Eastenryk by it Tredde Ryk foege. Fuort nei de machtsoername troch de nasjonaalsosjalisten waard Vorarlberg mei Tiroal yn it Gau Tirol-Vorarlberg opnommen. Vorarlberg wie langer net mear selstannich. Yn Vorarlberg wennen net in soad joaden, allinne Hohenems hie sûnt de 17e iuw in joadske gemeente, dy't opheft waard en wêrfan't de leden nei de ferneatigingskampen stjoerd waarden. It kriichsgeweld bleau Vorarlberg fierder foar it measte bewarre. Flak foar it kriichsein yn de maaitiid fan 1945 skeaten de SS-ers op boargers, dy't by de naderjende Frânske troepen te betiid harren wite flaggen bûten hongen hiene.
Nei de kriich hearde Vorarlberg fan 1945 oant 1955 mei Tiroal (útsein East-Tiroal) ta de Frânske besettingssône.
Yn de jierren 1999-2005 soargen oerstreamings yn dielen fan Vorarlberg foar grutte skea.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dialekt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Vorarlberg wurdt oars as yn de rest fan Eastenryk in Allemannysk dialekt praat. Dat komt om't Vorarlberg kultureel mear besibbe is oan it oangrinzgjende Lychtenstein en Switserlân, dêr't ek Allemannysk praat wurdt, wylst yn de rest fan Eastenryk it Beiersk de fiertaal is. Ek Vorarlberg hat wer regionale ferskillen yn it dialekt.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sifers fan 2018 wize út dat 61% fan de befolking roomsk is. Yn 2001 wie dat noch 78%. Moslims foarmen yn 2018 13% fan de befolking (yn 2001 8%). De islamityske mienskip bestiet fral út Turken en Bosnyske Moslims, dy't fral yn it distrikt Dornbirn grutte mienskippen ha. Joech yn 2001 noch mar 6% fan de befolking op gjin leauwe te hawwen, yn 2018 wie dat persintaajze tanommen ta 17,8%. De protestanten en otterdoksen foarmje mei 2,9% en 4% lytsere mienskippen.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1869 | 1880 | 1900 | 1923 | 1939 | 1951 | 1971 | 1991 | 2011 | 2018 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwennertal | 102.702 | 107.373 | 129.237 | 139.979 | 158.300 | 193.657 | 277.154 | 331.472 | 369.938 | 391.741 |
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Vorarlberg is yn fjouwer ûnderskate bestjoersdistrikten ferdield. Dy drage allegear de nammen fan de distriktshaadstêd. Neffens grutte yn oerflak binne dat efterinoar: Bludenz, Bregenz, Feldkirch en Dornbirn.
Fierder is Vorarlberg yn 96 gemeentes ferdield; fiif dêrfan hawwe stedsrjochten (Bludenz, Bregenz, Dornbirn, Feldkirch en Hohenems) en nochris tolve drage de status fan Marktgemeinde.
Haadstêd fan de dielsteat is Bregenz.
Distrikten | ||||
---|---|---|---|---|
Distrikt | Ynwennertal 01.01.2020 |
Oerflak yn km² |
Befolkingstichtens (ynw. / km²) | |
Distrikt Bludenz | 108.133 | 278,31 | 389 | |
Distrikt Bregenz | 89.912 | 172,36 | 522 | |
Distrikt Dornbirn | 64.107 | 1.287,64 | 50 | |
Distrikt Feldkirch | 134.987 | 863,36 | 156 | |
Vorarlberg | 397.139 | 2.601,67 | 153 |
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dielsteat leit tusken de Bodensee en de Alpenryn yn it westen, de Arlberg en de Verwallgroep yn it easten, de berchtoppen fan de Rätikon en de Silvretta yn it suden en it Allgäu yn it noarden.
De Alpenryn is de belangrykse rivier yn Vorarlberg en foarmet de grins mei it oanbuorjende Switserlân. De Ill is de grutste sydrivier fan de Ryn en mûnet by Meiningen yn de Ryn. De Bregenzer Ache en de Dornbirner Ach mûne op de Bodensee út.
De 63 kilometer lange en maksimaal 14 kilometer brede Bodensee leit oan de westlike kant fan Vorarlberg. De mar leit tusken Dútslân, Switserlân en Eastenryk ynklamme mar hat gjin offisjele grins.
De heechste berg fan de dielsteat is de Piz Buin mei in hichte fan 3312 meter. Oare bekende bergen binne: de Zimba (Rätikon), de Schesaplana (heechste berch fan de Rätikon), de Rote Wand (Lechquellengeberchte), de Drei Türme (Montafon), de Drei Schwestern (by Frastanz/Feldkirch), de Diedamskopf en de Kanisfluh yn it Bregenzerwald, de Große Widderstein (heechste berch fan it Kleinwalsertal), de Karren yn Dornbirn, de Pfänder yn Bregenz. It bekendste berchmassyf is de Silvretta yn it súdeasten fan de dielsteat. Dêr binne ek de grutste gletsjers te finen. Oan de grins mei Switserlân yn it suden leit it Rätikon-geberchte mei steile hellings rjochting noarden. Yn it Bregenzerwald wurde de bergen nei it súdeasten ta 2650 meter heech.
-
Formarinsee yn it Lechquellengeberchte
-
Piz Buin
-
Dornbirn
-
Maaitiid yn Großwalsertal -
Brêge oer de Bregenzer Ache -
Bodensee
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vorarlberg fan Wikimedia Commons. |
Dielsteaten fan Eastenryk | ||
---|---|---|
Burgenland • Karinsje • Neder-Eastenryk • Opper-Eastenryk • Salzburg • Stiermarken • Tiroal • Vorarlberg • Wenen | ||
· · |