Springe nei ynhâld

Feldkirch

Ut Wikipedy
Feldkirch
Schattenburg
Flagge Wapen
Polityk
Lân Eastenryk
Dielsteat Vorarlberg
Sifers
Ynwennertal 34.210 (1 jan. 2020)
Oerflak 34,34 km²
Hichte 458 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.feldkirch.at

Feldkirch is de op ien nei grutste stêd fan de Eastenrykske dielsteat Vorarlberg. Tagelyk is de stêd it bestjoerlike sintrum fan de gemeente Feldkirch, de meast westlike gemeente fan it lân.

De namme Feldkirch stamt fan in lytse kapel noardlik fan de 631 meter hege Ardetzenberg, dy't yn it jier 842 neamd waard. Nei de bou fan de Schattenburg yn likernôch 1200 troch greve Hugo von Montfort ferskode de delsetting nei de hjoeddeiske binnenstêd oan de rivier de Ill. It midsiuwske sintrum fan de stêd mei syn stedspoarten, in kastiel en âlde huzen, bleau oant de dei fan hjoed goed bewarre.

Oan it begjin fan de 14e iuw waarden 30 oant 40 joaden yn Feldkirch ferbaarnd, om't de minsken harren derfan fertochten de útbraak fan de pest feroarsake te hawwen.

Feldkirch (1643)

De hannel mei Itaalje en it Hillige Roomske Ryk brocht de stêd in soad wolfeart. De rykdom fan de stêd makke ek in kulturele ûntwikkeling mooglik. Der wie genôch jild foar de stifting fan in Latynske skoalle, dy't dêr teminsten al yn 1399 stie.

Om 1500 hinne waard in nije stedsmuorre mei poarten en tuorren boud en sûnt dy tiid bleau de stêd iuwenlang ûnferoare.

Feldkirch waard yn 1925 grutter troch in anneksaasje fan de omlizzende gemeentes Levis, Altenstadt, Gisingen, Nofels, Tosters en Tisis.

Yn de Twadde Wrâldkriich hie hiel Vorarlberg mar fan ien bombardemint te lijen en dat wie op Feldkirch. De Messerschmitt-fabryk by Augsburg wie it doel fan de op 1 oktober 1943 fanút Tuneezje kommende Amerikaanske loftfloat, mar fanwegen it minne waar koene de fleantugen dat doel net helje. As ferfangend doel smiten de fyftjin bommewerpers harren lêst doe mar boppe Feldkirch út. By it bombardemint waard it sikehûs Antoniushaus rekke, wêrby't 104 minsken ferstoaren, wêrûnder 10 nonnen. By in treffer op de skoalle fan de Kongregaasje fan de Bruorren fan Kristlike Skoallen kamen 41 famkes tusken de 14 en 18 jier om en fierder ferstoaren der nochris 23 minsken op oare plakken.

Yn 2008 waarden dielen fan 'e James Bond-film Quantum of Solace yn Feldkirch opnommen.

De stêd leit oan it ein fan de Ill, dy't yn kanalisearre foarm in pear kilometer fierderop yn de Ryn útmûnet. Eastlik fan de stêd leit de brede delling fan de Walgau mei oan wjerskanten hege berchpiken. Feldkirch grinzget oan Switserlân en Liechtenstein.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It histoaryske Marktplatz
  • De stedsmuorre waard yn 1500 fernijd, mar yn 1826 op in soad plakken ôfbrutsen. Fan de fjouwer eartiidske poarten bleaune allinne de Mühle- of Sautor en de Churer- of Salztor oer. Oare oerbliuwsels fan de muorre om de stêd hinne binne fjouwer tuorren: de Katzenturm, de Pulverturm, de Wasserturm en de Diebsturm.
  • De Schattenburg stiet oan de râne fan de stêd. Yn de boarch is tsjintwurdich in museum ûnderbrocht mei in grutte histoaryske wapenkolleksje.
  • It Palais Liechtenstein is in barok stedspaleis, dat tsjintwurdich brûkt wurdt as stedsargyf/bibleteek en foar útstallings.
  • De oarspronklik romaanske Dompfarrkirche St. Nikolaus datearret fan 1287 mar waard nei stedsbrannen fan 1348, 1398 en 1460 as goatyske tsjerke wer opboud.
  • De Johanniterkirche oan de Marktgasse is in eardere tsjerke fan de Johanniters. De tsjerke datearret út de 15e-16e iuw, mar hat in âldere skiednis. Tsjintwurdich docht it gebou tsjinst as útstallingsromte foar hjoeddeiske keunst.
  • Bûten de histoaryske binnenstêd stiet it Kapusiserkleaster, dat yn 1605 stifte waard. De bibleteek hat mear as 22.000 wurken.
  • It tsjerkhôf mei de Peter und Paulskirche datearret fan healwei de 16e iuw. De toer is in hûndert jier âlder. Oan de muorre om it hôf hinne binne in soad fresko's en barokke grêven te sjen.
  • De Frauenkirche stiet súdeastlik fan de Poarte fan Chur en waard yn de jierren 1672-1678 ferboud.
  • De Hillich-Krúskapel mei syn âlde fresko's waard yn 1380 yn opdracht von Rudolf von Montfort boud, de lêste greve fan it skaai Montford-Feldkirch. De greve kaam werom mei in splinterke fan it Hillich Krús en woe foar it relyk in weardich ûnderkommen bouwe.
  • Yn it stedsdiel Tosters stiet de ruïne fan in hichteboarch út 1206.