Opper-Eastenryk

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Opper-Eastenryk

Oberösterreich / Owerésterraich

Flagge Wapen
Flag of Upper Austria (state).svg Oberösterreich Wappen.svg
Lokaasje
Oberösterreich in Austria.svg
Geografy
Soarte gebiet dielsteat (Bundesland)
Lân Flag of Austria.svg Eastenryk
Haadstêd Linz
Oerflak 11.982,52 km²
Befolking
Ynwennertal 1.490.279 (2020)
Befolkingstichtens 124 / km²
Bûtenlanners 13,2 % (2020)
Polityk
Landeshauptmann Thomas Stelzer (ÖVP)
Regearjende partijen ÖVP, FPÖ, SPÖ, Grüne
Ferdieling sitten yn
   dielsteatsparlemint

   (Landtag, 56 sitten)
ÖVP: 21 fan 56
FPÖ: 18 fan 56
SPÖ: 11 fan 56
Grüne: 6 fan 56
Lêste ferkiezings 27 septimber 2015
Sitten yn Federale Ried 11
Oar
Stifting 1945
Folksliet Hoamatgsang
ISO 3166-2 AT-4
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Webside www.land-oberoesterreich.gv.at

Opper-Eastenryk (Dútsk: Oberösterreich, Beiersk: Owerésterraich) is in Eastenrykske dielsteat mei as haadstêd Linz. De dielsteat grinzget oan de dielsteaten Neder-Eastenryk, Stiermarken en Salzburg en dielt de bûtegrins mei Dútslân en Tsjechje.Opper-Eastenryk hiet oant 1918 Österreich ob der Enns en van 1938-1945 Oberdonau.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de midsiuwen hearde in grutter diel fan Opper-Eastenryk foar lange tiid by it hartochdom Stiermarken. Kening Ottokar Přemysl skiede yn de 13e iuw in diel fan Stiermarken ôf en makke dêr it foarstendom Ob der Enns fan. Yn it jier 1264 dûkt de namme supra anasum (Ob der Enns, boppe de Enns) foar it earst yn in oarkonde op

Haadplein fan Linz mei de Trije-ienheidspylder

Nei 1490 krige it gebiet as Eastenryksk dielfoarstendom Ob der Enns in sekere foarm fan selsstannigens yn it Hillige Roomske Ryk en Linz waard it sintrum dêr't de ferskate stannen by inoar kamen. Njonken hearen, ridders en prelaten spilen ek de frije stêden in wichtige rol. It lân waard yn 1520 iepene foar de reformaasje en tritich jier letter wie de befolking yn mearderheid protestantsk. By de Habsburgske lânferdieling fan 1564 foel Boppe-Eastenryk tegearre mei Neder-Eastenryk oan de roomsk-dútske keizer Maksimiliaan II

Nei 1600 sette ûnder de keizer Rudolf II de kontrareformaasje yn. Dat brocht de stannen der ta in bûn te sluten mei de Boheemske lannen. De troepen fan karfoarst Maksimiliaan I wist yn opdracht fan keizer Ferdinand II de opstannige partijen lykwols del te slaan. Foar in pear jier waard it foarstendom troch karfoarst Maksimiliaan I bestjoerd en de protestantske adel krige de kar tusken bekearing ta it katolisisme of ferballing.

Nei de Beierske Súksesjekriich waard yn 1779 it eartiids ûnder Beieren fallende Innviertel neffens de bepalings fan it Fredesferdrach fan Teschen by Boppe-Eastenryk foege. Yn de Frânske Tiid waard Boppe-Eastenryk ferskillende kearen troch de Frânsen beset.

Yn 1918, nei de Earste Wrâldkriich en de delgong fan de dûbelmonargy, lei de Republyk Dútsk-Eastenryk de namme Oberösterreich as offisjele namme fan de regio fêst. In jier nei de Anschluss fan Eastenryk op 13 maaie 1938 waard ûnder nasjonaalsosjalistysk Opper-Eastenryk tegearre mei it troch folksdútsers bewenne Súd-Bohemen en it fan Stiermarken ôfskieden Ausseer Land it saneamde Reichsgau Oberdonau. De gebieten waarden nei 1945 wer yn de âlde grinzen werom brocht. Boppe-Eastenryk bleau súdlik fan de Donau tegearre mei it Ausseer Land oant 1955 ûnder de Amearikaanske besettingssône fallen. Noardlik fan de Donau foel Boppe-Eastenryk ûnder Russyske besetting.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gearstalling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas yn alle West-Europeeske lannen foarmje allochtoanen in jimmeroan grutter diel fan de befolking. De measte migranten stamme neffens sifers út 2020 út Dútslân (1,64%), út it eardere Joegoslaavje (likernôch 3%) en Turkije (1,03%). Sûnt de migraasjeweach fan 2015 binne ek de Afgaanske en Syryske mienskippen yn Boppe-Eastenryk grutter woarn. Yn it Mühlviertel wenje sûnt de midsiuwen in pear hûndert Sinti, wêrfan in lyts diel by tellings himsels ek ta dy befolkingsgroep rekkenet.

De Nije Dom fan Linz

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2001 neamde hast 79,4% fan de befolking him roomsk-katolyk, 4,4% rekkene himsels ta de lutherske tsjerke, wylst 4% himsels islamitysk neamde. 8,8% fan de befolking joech oan gjin religy oan te hingjen. Tsjin it ein fan 2019 wie noch mar 63% fan de befolking katolyk en it protestantske oandiel 3,2%.

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1869 1890 1910 1934 1951 1961 1971 1981 1991 2011 2018
Ynwennertal 736.856 786.498 853.595 902.965 1.108.720 1.131.623 1.229.972 1.269.545 1.333.48 1.412.640 1.473.576

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte ynwenners fan de dielsteat prate in middelbeiersk dialekt.

Geology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Almsee

Boppe-Eastenryk foarmet it oandiel fan trije gruttere lânskippen, werfan't de grinzen fan it noarden nei it suden rinne.

It lânskip fan it Mühlviertel noardlik fan de Donau mei noch fjouwer dielen súdlik fan de rivier foarmet in typysk middelgeberchte mei nei it noarden ta hegere toppen. Yn de kontrijen fan de noardwestlike grins fan Boppe-Eastenryk, de krite fan de trijelannenhoeke Dútslân, Tsjechje en Eastenryk, makket de dielsteat part út fan it Boheemske Wâld mei de op de Eastenryksk-Tsjechyske grins lizzende 1.378 meter hege berch Plöckenstein.

Súdlik fan de Donau is Boppe-Eastenryk foar in part it foarlân fan de Alpen (Oberösterreichisches Alpenvorland). Foar in diel is it heuveleftige lânskip mei greide ôfwiksele mei bosk.

It oandiel fan Boppe-Eastenryk yn de Alpen is te ferdielen yn twa regio's: de Salzkammergut en de regio Pyhrn-Eisenwurzen. De Salzkammergut is tige bekend by toeristen en it gebiet telt mear as 70 marren en markes tusken de bergen. Ferneamd binne de Traunsee, de Mondsee, de Attersee, Hallstätter See en Wolfgangensee. Al sûnt de prehistoarje wurdt der sâlt wûn yn it gebiet. Under de Salzkammergut falt ek it eastlike diel fan de Salzburger Alpen mei de Dachstein, Totes Gebirge en Höllengebirge. Yn it gebiet lizze de Dachsteinhöhlen, trije grottestelsels mei spektakulêre ûndergrûnske iisformaasjes.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boppe-Eastenryk is ûnderferdield yn trije Statutarstädte, stêden dy't selstannige distrikten foarmje, en 15 Bezirke (distrikten), dy't ûnderferdield wurde kinne yn 255 doarpen, 151 Marktgemeinden en 29 stêden.

Kaart bestjoerlike yndieling
Distrikten en selsstannige stêden
Nûmer Namme Oerflak (km²) Ynwenners (2020) Kentekenletter(s) Status
1 Linz 96,048 206.595 L Stêd en distrikt
2 Steyr 26,56 38.056 SR Stêd en distrikt
3 Wels 45,92 62.470 WE Stêd en distrikt
4 Braunau am Inn 1.041 105.553 BR Distrikt (46 plakken, dêrûnder trije stêden en fiif Markgemeinden)
5 Eferding 260 33.178 EF Distrikt (12 plakken, dêrûnder in stêd (Eferding), trije Marktgemeinden en acht gemeentes)
6 Freistadt 994 66.861 FR Distrikt (27 plakken, dêrûnder twa stêden en 17 Marktgemeinden)
7 Gmunden 1.432 101.859 GM Distrikt (20 plakken, dêrûnder trije stêden en sân Marktgemeinden)
8 Grieskirchen 485,34 64.875 GR Distrikt (33 plakken, dêrûnder twa stêden en 14 Marktgemeinden)
9 Kirchdorf 1.240 57.071 KI Distrikt (23 plakken, dêrûnder in stêd en seis Marktgemeinden)
10 Linz-Land 460 151.371 LL Distrikt (22 plakken, dêrûnder fjouwer stêden en sân Marktgemeinden)
11 Perg 614 68.968 PE Distrikt (26 plakken, dêrûnder twa stêden en 18 Marktgemeinden)
12 Ried im Innkreis 585 61.690 RI Distrikt (36 plakken, dêrûnder mei Ried im Innkreis in stêd en acht Marktgemeinden)
13 Rohrbach 818 56.545 RO Distrikt (37 plakken, dêrûnder in stêd en 15 Marktgemeinden)
14 Schärding 618 57.391 SD Distrikt (30 plakken, dêrûnder in stêd (Schärding) en 9 Marktgemeinden)
15 Steyr-Land 972 60.717 SE Distrikt (20 plakken, dêrûnder in stêd en seis Marktgemeinden)
16 Urfahr-Umgebung 660 86.005 UU Distrikt (27 plakken, dêrûnder trije stêden en tolve Marktgemeinden)
17 Vöcklabruck 1.085 137.297 VB Distrikt (52 plakken, dêrûnder trije stêden en 13 Marktgemeinden)
18 Wels-Land 458 73.777 WL Distrikt (24 plakken, dêrûnder in stêd en tsien Marktgemeinden)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Austria Bundesadler.svg Dielsteaten fan Eastenryk Flag of Austria.svg

Burgenland Landesflagge.PNG BurgenlandFlag of Carinthia (state).svg KarinsjeFlag of Lower Austria (state).svg Neder-EastenrykOberösterreich Dienstflagge.svg Opper-EastenrykFlag of Salzburg (state).svg SalzburgFlag of Steiermark (state).svg StiermarkenTirol Dienstflagge (Variation).png TiroalFlag of Vorarlberg (state).svg VorarlbergFlag of Vienna (state).svg Wenen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side