Ferdinand II fan it Hillich Roomske Ryk

Ut Wikipedy
Ferdinand II fan it Hillich Roomske Ryk

Ferdinand II (Graz, 9 july 1578 - Wenen, 15 febrewaris 1637) wie in pakesizzer fan Ferdinand I en soan fan Karel II fan Eastenryk en Marije fan Beieren. Ferdinand II wie Dútsk-Roomske keizer fan 1619 oant 1637 en kening fan Bohemen (1617–1619, 1620–1637) en fan Hongarije (1618–1637).

Syn âlden wiene fromme katoliken en stjoerde him yn 1590 nei it Jezuïtenkolleezje fan Ingolstadt om him foar lutherske ynfloeden te behoedzjen. Noch yn itselde jier erfde er Binnen-Eastenryk fan syn heit. Rudolf II stelde reginten oan om Binnen-Eastenryk te bestjoeren foar de doe noch minderjierrige Ferdinand.

Ferdinand II waard in sterke keizer, fral ek troch syn fjildhearen Jehan Tzerclaes en Albrecht fan Wallenstein. Oan it begjin fan de Tritichjierrige Kriich krige Ferdinand II te meitsjen mei in opstân fan protestanten yn Bohemen. Yn de Slach op de Wite Berch yn 1620 brocht er de opstannelingen in grutte klap ta. De protestanten moasten it lân ferlitte en Bohemen waard wer katolyk.

Ferdinand wie twa kear troud. Op 23 april 1600 troude er Marije Anna fan Beieren en hja krigen tegearre sân bern. Op 2 febrewaris 1622 troude er Eleonora Gonzaga en by har krige er gjin bern.