Wiener Neustadt

Ut Wikipedy
Wiener Neustadt
Lokaasje Wiener Neustadt yn Neder-Eastenryk
Flagge Wapen
Polityk
Lân Eastenryk
Dielsteat Neder-Eastenryk
Sifers
Ynwennertal 47.106 (1 jan. 2022)
Oerflak 60.94 km²
Hichte 265 m
Oar
Stifting 1194
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 47° 49′ N, 16° 15′ E
Webside wiener-neustadt.at

Wiener Neustadt is in stêd yn de Eastenrykske dielsteat Neder-Eastenryk. De stêd is in statutêre stêd mei in eigen bestjoer en tagelyk it bestjoersintrum fan it distrikt Wiener Neustadt. Yn de stêd stiet ien fan de âldste militêre akadeemjes fan 'e wrâld, dy't troch keizerin Maria Theresia yn 1752 stifte is om Eastenrykske offisieren op te lieden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wiener Neustadt waard yn 1194 om politike en strategyske redenen stifte troch de Babenbergske hartoch Leopold V yn it saneamde Steinfeld, it meast súdlike diel fan it Weenske bekken, 50 kilometer súdlik fan de hjoeddeiske federale haadstêd Wenen. It ûntwerp foar de oan te lizzen stêd wie neffens it foarbyld fan in romeinsk kamp. De plattegrûn fan de stêd kaam oerien mei in rjochthoeke fan 620 meter oan de súdlike kant en 685 meter oan de westlike kant. De stêd waard troch fjouwer haadstrjitten yn fjouweren dield, dy't neffens de fjouwer wynstreken nei de stedspoarten lieden. De stêd krige in fiif meter hege en ien meter dikke stiennen muorre, mei op de hoeken foarse tuorren. Om de stedsmuorre hinne rûn in grêft, dy't troch ferskillende wetterkes folle waard. It losjild, dat hartoch Leopold V krige foar kening Richard I nei't dy op de weromreis fan de krústocht by it doarpke Erdberg finzen set waard, brocht it needsaaklike kapitaal om de Neustadt (Nova Civitas) te bouwen. De tafoeging "Wiener" oan Neustadt waard pas yn de 17e iuw yn de namme opnommen.

Keizerlike boarch foar 1768

Under hartoch Freark V fan Eastenryk, de lettere dútsk-roomske keizer Freark III, wie Neustadt sûnt it midden fan de 15e iuw njonken Graz de stêd dêr't it hôf residearre. Yn 1453 fûn sels in Ryksdei plak, dy't lykwols mar min besocht waard troch de foarsten fan it Hillige Roomske Ryk.

Yn augustus 1487 waard Neustadt (Hongaarsk: Bécsújhely ) nei in belegering fan twa jier oermastere troch de Hongaarske kening Matthias Corvinus. De kening joech de ferdigeners in frije ôftocht en fanwegen de ridderlike tradysjes krige de stêd fan Corvinius in 81 sintimeter hege bokaal fan ferguld sulver, dy't hjoeddedei as Corvinus-beker yn it stedsmuseym stiet te pronkjen. Nei de dea fan Corvinus waard de stêd sûnder slach troch kening Maksimiliaan I werom ferovere.

Militêre Akadeemje fan Wiener Neustadt

De stêd ferlear yn de 16e iuw de betsjutting as keninklik-keizerlike residinsje, mar bleau in wichtich bolwurk tsjin de tanimmende driging fan de Turken.

Sûnt it ein fan de 18e iuw groeide Wiener Neustadt út ta in yndustrieel knooppunt yn it Theresianisches Industrieviertel, dêr't û.o. lokomotiven boud waarden. Op 8 septimber 1834 waard de stêd foar in grut part troch in grutte stedsbrân ferneatige. De brân wie yn skuorren súdlik fan de stêd ûnstien en oanfjurre troch in stoarm oerslein op de opsteapele houtfoarrieden foar de Neunkirchner Tor. Dêrnei sloech de brân oer op de stêd sels. By de brân gyngen 500 gebouwen ferlern en 47 minsken liet it libben.

De oan it begjin fan de 20e iuw boude wettertoer

Yn de Earste Wrâldkriich wie Wiener Neustadt in sintrum fan de wapenyndustry. Op de delgong fan de dûbelmonargy folge de delgong fan de yndustry fan Wiener Neustadt. It ôfsetgebiet wie yn it folle lytsere Eastenryk ferskrompele en in soad fabriken moasten de doarren slute. Fanwegen it Ferdrach fan Saint Germain moast der in ein kommen oan de fleantúchprodyksje en de feroarsake de mondiale krisis.

Lokomotyffabryk

Nei de Anschluss fan Eastenryk by it Dútske Ryk yn 1938 waard Wiener Neustadt op 'e nij in sintrum fan oarlochsyndustry. Al yn 1940 produsearren de fleantúchfabriken fan de stêd in fearn fan de hiele Messerschmitt-109-produksje yn it Reich. Yn de eardere Lokomotyffabryk waard sûnt 1943 ek mei de montaazje fan A4-raketten útein set. Fanwegen de konsintraasje fan dy wapenyndustry, mar ek om't de stêd in knooppunt foar it spoar foarme, waard de stêd troch likernôch fan 1943 oant 29 kear bombardearre en troch 50.000 bommen ferneatige. Fan de 30.000 gebouwen bleaune mar 18 sûnder skea en dêrmei is Wiener Neustadt ien fan de slimst troffen stêden fan it Tredde Ryk.

Foar de weropbou fan de stêd rôp de stedsried de befolking op om frijwillich mei te dwaan om de ûnbidich grutte hopen pún út de stêd te ferwiderjen. Doe't Eastenryk yn 1955 har souvereiniteit werom krige, wie ek de weropbou fan de ferneatige stêd foar it measte foltôge.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolkingsûntwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1869 1890 1910 1934 1951 1961 1971 1981 1991 2001 2011 2020
Ynwennertal 20.619 25.040 32.874 36.798 30.559 33.845 34.853 35.006 35.134 37.617 41.042 45.823
De domtsjerke
Museum St. Peter an der Sperr

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de folkstelling fan 2001 wie doe 62,3 % fan de ynwenners rooms, 7,6 % protestantsk, 6,1 % islamitysk, 2,2 % otterdoks, 18,2 % sûnder leauwe.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De let-romaanske, oarspronklik yn 1279 wijde domtsjerke fan Wiener Neustadt hat in 14e iuwsk goatysk koer en transept.
  • De út de 13e iuw datearjende Petrus oan de Sperr-tsjerke is yn de 19e iuw ûntwijd en tsjinnet no as museum.
  • De Theresiaanske Militêre Akadeemje (Theresianische Militärakademie) is oarspronklik in 13e-iuwsk kastiel mei fjouwer tuorren en waard troch Freark III brûkt as residinsje, dy't de Sint-Joariskapel (tsjintwurdich de katedraal fan it Eastenryksk Militêr Ordinariaat) tafoege. Yn 1752 waar it gebou troch de Militêre Akadeemje yn gebrûk nommen. Yn de Twadde Wrâldkriich waard it gebou ferneatige, mar it is neitiid rekonstruëarre.
  • It Stift Neukloster is in eardere sistersjinzerk kleaster. Tsjintwurdich is it in priorij fan it Stift Heiligenkreuz.
  • De oan it begjin fan de 20e iuw boude wettertoer is it symboal fan de stêd.
  • Yn de 13e-iuwske Martlertoer (Reckturm) is de noardwestlike hoektoer fan de eardere stedsmuorre en datearret út it begjin fan de 13e iuw. Yn de toer is in wapenkolleksje ûnderbrocht.
  • De Pest- of Marijepylder op it Haadplein (Hauptplatz) is in monumint út it begjin fan de 18e iuw.
  • De Kapusiner Jakobustsjerke waard al yn de 13e iuw neamd. Fan de oarspronklik bou bleaune it goatyske koer en bylden fan Marije en Jakobus oer, de rest fan it gebou is in 17e iuwsk barok bouwurk.
  • De midsiuwske muorren binne fragmintarysk bewarre bleaun.
  • De 21 meter hege goatyske Spinnerin am Kreuz yn in grienfoarsjenning op de hoeke Wiener Strasse/Kreuzgasse is in monumint út 1382-1384.

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Museum St. Peter an der Sperr (webstee)
  • Flugmuseum Aviaticum (webstee)
  • Turmmuseum im Dom
  • Industrieviertel-Museum (Beskriuwing)
  • Theresianische Militärakademie Wiener Neustadt (Beskriuwing)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side