Kultuerhistoarysk Sintrum de Sûkerei

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Sûkerei
Bûtendoar, fûken
Binnendoar

It Kultuerhistoarysk Sintrum de Sûkerei is in kultuerhistoarysk museum oan de Trekwei yn Damwâld. It libben en wenjen yn de Fryske Wâlden om 1900 hinne stiet sintraal. De âlde sûkereidrûgerij komt út De Falom en is besikers- en eksposysjeromte. It hiele produksjeproses wurdt hjir útbylde. Der steane twa jisten ( ek drûchovens of "iesten" neamd).

Oanrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 18e iuw waard ûntdekt dat de woartel fan de sûkereiplant brûkt wurde koe om in surrogaat foar kofje te meitsjen. Troch ynternasjonale ferwikkelingen en oarloggen waard de ymport van kofje om 1800 behindere en waard de kofje djoer. Rûnom yn Nederlân ferriisden doe sûkereifabriken. Yn Dantumadiel, eartiids de grutste produsint fan sûkerei, stienen destiids tsjientallen sûkereifabriken. Elk doarp yn dizze gemeente hie wol in spesifike relaasje mei de sûkerei. Allinnich al yn Wâlterswâld stienen al trije sûkereidrûgerijen. De blauwe blom fan de sûkereiplant is werom te finen yn it doarpswapen en op de flagge fan Wâlterswâld. Yn Wâlterswâld stiet ek in monumint as oantinken oan it ferbouwen fan sûkerei. It sûkereifabryk op it museumterrein 'De Sûkerei' fan it museum stie besuden de Falomster Feart yn De Falom, tichtby de brêge. Begjin 2005 is it fabryk sloopt, wêrby't de materialen yn in seekontener opslein waarden. Fan 2006-2008 is it fabryk rekonstruearre en wurdt tsjintwurdich brûkt as de entree fan it museumkompleks.

Sûkerei yn Dantumadiel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûkereiplanten
Wylde sûkereiblom

Al fier foardat yn Europa kofje bekend wie, waarden al drankjes fan de woartel fan de sûkereiplant makke. Oan sûkerei waard in genêzende wurking taskreaun. “Het reinigt de lichaamssappen en je voelt je er prettiger door", sei de reklame fan de 19e iuw. Yn de achttjinde iuw waard de ferbou en it drûgjen fan sûkerei troch dûmny J.H. Nieuwold nei Fryslân helle. Yn de Fjirde Ingelske Oarloch (1781-1784) en dêrnei yn de Frânske perioade (1795 oant 1813) waard der net folle kofje ynfierd en waard de kofje djoer. De fraach nei kofje roan op en der waard hieltiten mear sûkerei ferboud. De kofje waard dronken as klearebare sûkereikofje of gewoane kofje waard mei sûkereikofje oanlinge.

Yn Dantumadiel wie it boargemaster Bergsma dy't dêr de sûkerei ynfierde. Dêrnei groeide Dantumadiel út ta it sintrum fan de ferbou en it drûgjen fan sûkerei. Fan de totale Nederlânske produksje kaam, yn de topperioade, hast 40% út Dantumadiel. Dêr stiene wol 20 sûkereidrûgerijen, dy't troch de befolking 'fabriken' neamd waarden. Yn de 20e iuw waarden de tiden better en koene mear minsken gewoane kofje betelje. It ferbouwen fan sûkerei hold op en de drûgerijen kamen leech te stean. It Kultuerhistoarysk museum De Sûkerei wol de kennis fan de tylt en it drûgjen fan de sûkerei bewarje. Troch it drûgjen en it baarnen komt der in karameleftige smaak oan de sûkerei, dêrom it earste diel 'sûker'ei. It ferbouwen wie in arbeidsyntinsyf wurk. Hûnderten ynwenners fan Dantumadeel fertsjinnen der in part fan it jier de kost mei.

Yn it boek Dantumadiel fan dr. J.J.Botke wurdt sekuer beskreaun hoe't sûkerei ferboud wurdt. Botke woe doe al de kennis fan it ferbouwen behâlde.

Museumkompleks[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op het terrein steane trije nij opboude wâldhúskes. De húskes fine harren oarsprong yn de eardere seaddehutten en lettere spitketen. De 'wâldhúskes' op it terrein stienen eartiids yn De Falom, De Westereen en Rinsumageast. Se binne dokumintearre en bewarre troch Stichting Doarpsherstel Dantumadiel. Elk húske hat in eigen tema:

  • Yn 'De Falom' leit de neidruk op fiskjen, jeien en streupen.
  • Yn 'De Westereen' is de situaasje útbylde fan in húshâlding dy't fan ambacht en hannel bestiet.
  • Yn 'Rinsumageast' is in 'wâldspultsje', in pleatske mei in húshâlding dat fee en bou hat.

Yn juny 2016 waard de restauraasje fan de mûne De Mearmin troch De Molenmakers B.V. út Tsjummearum foltôge. De mûne bemeallet it museumterrein en stie foarhinne oan de Geastmermar by Dokkum.[1]

Stichting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troulokaasje

De Stichting Dorpsherstel Dantumadiel stribbet al sûnt 1987 nei behâld fan karakteristike en byldbepalende bebouwing yn de gemeente Dantumadiel. Spesjaal foar de realisaasje fan it projekt is troch dizze stichting in nije stichting oprjochte: Stichting De Sûkerei, dy't it museum realisearje en eksploaitearje sil. It museum is neist en yn gearwurking mei Lânskiplike Aktiviteiten Sintrum Botniahiem opsetten en eksploaitearre. Op 4 april 2008 wie de iepening fan it museum. De oansluting by de sûkerei blykt ek út it nijsgjirrige eigen koekje, it “Sûkereike”.

Aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurde rûnliedings jûn, der binne projekten foar skoalbern en der is omtinken foar âlderein. By spesjale aktiviteiten wurdt ek de sûkereikeninginne as gastfrou ynsetten.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: