Geastmer Mar

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De Geastmer Mar is in mar yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De mar leit súdwestlik fan Dokkum en de Wâldfeart, yn de rjochting fan Rinsumageast. Eartiids waard de mar Dokkumermar neamd. By de mar, dy't yn in natuergebiet leit, wie in mûne fan 1968 oant 2014. Dy mûne waard de Marmearmin neamd en wie boud fan earder sloopte mûnen út Fryslân. Yn 2014 waard de mûne oerkocht troch in stifting en waard er ferhuze nei Damwâld.

De namme Geastmer Mar jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Geestmermeer.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • [1] - de mole Marmearmin