Springe nei ynhâld

De Mearmin (Damwâld)

Ut Wikipedy
De Mearmin (Damwâld)
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Damwâld
adres Trekwei 8-A
koördinaten 53° 17' N 6° 00' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 15,20 meter
boujier 1968
oare ynformaasje
eigner Stifting De Sûkerei
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 467708
Webside
Side De Sûkerei
Kaart
De Mearmin (Fryslân)
De Mearmin

De Mearmin (earder: Geastmermarmûne of Marmearmin) is in poldermûne op it terrein fan it iepenloftmuseum 'De Sûkerei' yn Damwâld yn de gemeente Dantumadiel. De houten achtkante muonts, mei stiennen fjildmuorren, is dekt mei horizontale houten dielen en hat in flecht fan 15,20 m.

De Marmearmin yn 2001 oan de Geastmermar.

De Mearmin, in grûnsiler, waard yn 1968 boud foar it ynmeallen fan wetter foar de Geastmermar, in natuergebiet dat efkes súdwest fan Dokkum by de Wâldfeart leit. Hy waard gearstald út ûnderdielen dy’t fan oare sloopte Fryske mûnen kamen, wêrûnder in poldermûne fan 1892 út Readtsjerk. De mûne, dy’t partikulier eigendom wie, stie der yn 2008 ferfallen by, mei troch de “ferbosking” fan de Geastmermar.

Yn 2012 makke de stifting De Sûkerei bekend belangstelling te hawwen om it ferfallen ryksmonumint oan te keapjen.[1] Tsjin it sin fan de Rykstsjinst foar Kultureel Erfguod joech it gemeentebestjoer tastimming om de mûne ôf te brekken en wer op te bouwen op it terrein fan De Sûkerei yn Damwâld. [2]. De ferfallen mûne rekke hjirtroch de status as monumint kwyt.[3].

Yn juny 2016 waard de restauraasje fan de mûne troch De Molenmakers B.V. út Tsjummearum op it nije plak foltôge.[4]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: