Wâldfeart (Dokkum)
Appearance
De Wâldfeart is in feart yn de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân. De feart rint fan Rinsumageast nei it noardeasten en troch de Geastmer Mar; foarby it eardere sikehûs De Sionsberch en de iisbaan bûcht de feart nei it noarden ôf en komt út op de stêdsgreft fan Dokkum. Fanút it súdwesten komt de Ikkerwâldster Feart út op de Wâldfeart.
De namme Wâldfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Woudvaart.