De Sionsberch

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Sionsberg is in gebou yn Dokkum, wêryn't in hûsdokterpost, ferskate paramedyske bedriuwen, in lunchroom en in stikmannich selsstannige behannelingssintra foar spesjalistyske medyske soarch fêstige binne. Oant 2014 wie it in sikehûs, dat mei 138 bedden it lytste fan Nederlân wie, mar dochs wol in folslein soarchoanbod omfieme foar de hiele noardeastlike regio fan de provinsje Fryslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It sikenhûs, dat ferneamd waard nei it kleaster Sionsberch ûnder Dokkum, bestiet sûnt 1956 en koe 15 juny dat jier iepene wurde troch ynbreng fan de bewenners en de tsjerken yn de omkriten. Dêrnei hat it him stadichoan ûntwikkele. Yn 1960 waard der in berneôfdieling iepene en yn 1974 kaam der in ferpleechhûs by. Sûnt 1997 wie it sikehûs part fan Talma Sionsberg, in kristlike organisaasje mei ferpleechhuzen yn Feanwâlden en Dokkum en op It Amelân.

Yn 2007 waard it part fan de nij oprjochte Soarchgroep Pasana, dêr't ek de ferpleechhuzen 'De Waadwente' (Dokkum) en Talma Hûs (Feanwâlden) en de fersoargingshuizen 'De Skûle' (Mitselwier), de 'Spiker' (Ternaard), 'Dongeraheem' (Dokkum), 'Talma Hoeve' (Feanwâlden) en 'De Stelp' (It Amelân) ta hearre. Fan doe ôf oan rekke it sikehûs hieltyd mear yn'e bedelte.

Yn 2011 waard de aksjegroep 'Red de Sionsberch' oprjochte en ein fan dat jier waard der in herstelplan oankundige . Anno 2012 waard besletten dat Soarchgroep Pasana en sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten gearfoege waarden en 1 jannewaris 2013 wie it safier. Sadwaande koe in fallissemint foarkomd wurde. Beide sikehuzen giene tegearre fierder, in wichtige stap foar it behâld fan sikehûssoarch yn Dokkum.

Op 1 febrewaris 2014 waard it sikehûs nei in ferbouwing fannijs iepene troch boargemaster Waanders fan Dongeradiel. De poliklinyk krige in nije fleugel. It sikehûs hat sûnt 5% mear pasjinteoanbod.
Op 24 novimber 2014 waard lykwols in pasjintestop ynsteld omdat goede soarch net langer garandearre wurde koe, en wiene der finansjele problemen en soe in tredde part fan it personiel fuort moatte.[1] In dei letter waard bekend dat it sikehûs ticht gie.[2] It die bliken dat der in skuld fan 40 miljoen euro wie.

Op 26 novimber 2014 hat it bestjoer fan Pasana it fallissemint oanfrege fan de hiele groep (sikehûs en fersoargingshuzen) en op 28 novimber hat de rjochtbank fan Ljouwert Pasana fallyt ferklearre.[3]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. = Fries ziekenhuis De Sionsberg in grote problemen, 5 novimber 2014, Nu.nl
  2. = Sionsberg Dokkum deze week failliet,25 novimber 2014, Dagblad van het Noorden
  3. Ziekenhuis De Sionsberg definitief dicht, 28 novimber 2014, NOS