Springe nei ynhâld

Krytmûne d'Admiraal

Ut Wikipedy
Krytmûne d'Admiraal
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Amsterdam
adres Noordhollandsch-
kanaaldijk 21
koördinaten 52°24' N 4°55' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje krytmûne
flecht 17,1 m
boujier 1900 (1792)
oare ynformaasje
eigner Stifting Krytmûne D'Admiraal
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 6609
Webside
krijtmolen.nl
Kaart
Krytmûne d'Admiraal (Amsterdam)
Krytmûne d'Admiraal

D'Admiraal is in kryt- en trasmûne oan it Noardhollânsk Kanaal yn Amsterdam (Stedsdiel Noard). De mûne is de lêste fan syn soarte.

De mûne waard yn 1792 troch Symon Krol boud yn opdracht fan 'e widdo Elizabeth Admiraal, dy't doe 90 jier wie. Ynearsten waard de mûne brûkt om tras te meitsjen troch it meallen fan dowestien út de Eifel. De tras waard mei kalk mingd ta mortel.

Yn 1896 waard der in stoommasine by set, sadat de mûne ek sûnder wyn wurkje koe. Om 1900 waard der kryt mealle foar de farveyndustry.

Oant likernôch 1940 bleau de mûne op wynkrêft meallen. Yn 1954 kaam der in ein oan it bedriuw yn 'e mûne, dy't it jier dêrop ferkocht waard oan in sân- en grindhannel, dy't de mûne foar opslach yn gebrûk hie. Al gau waarden de wjukken ferwidere en de brekfallige mûne wie stadichoan ryp om ôfbrutsen te wurden.

Nei't de Stifting Krytmûne d'Admiraal de mûne oerdroegen krige, waard yn 1966 mei in grutte restauraasje útein set. Op 4 novimber 1967 waard de mûne offisjeel wer iepene.

Mei't de mûne yn 2020 nije reidbedekking krige, binne der ek reparaasjes oan it achtkant útfierd.[1]

De mûne draait regelmjittich en somtiden ek foar de produksje. D'Admiraal wurdt bewenne troch de Nederlânske regisseur Harm-Ydo Hilberdink en syn man, dy't dêr ek mûnder is.[2][3]

D'Admiraal is in houten, achtkante reiddutsen stellingmûne. Eartiids stiene op 'e stelling twa liuwkes, dy't ferwiisden nei de namme fan 'e man fan widdo Elisabeth Admiraal, dy't Roelof de Leeuw hjitte. Yn 2009 binne nije liuwkes op 'e stelling set. De houten skuorre dêr't de mûne op stiet hat merbaubynten, om't de doetiidske eigner yn merbauhout hannele.

De flecht fan 'e mûne is 17,1 m en de wjukken ha it systeem Fauël mei stekburden op beide roeden. Oant 1995 hie de mûne in neutekruiwurk, sûnt in Ingelsk kruiwurk mei 32 izeren rollen. Op it burd stiet 1792 en op it efterburd d'admiraal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wynmûnen yn 'e gemeente Amsterdam
De 1100 RoeDe 1200 Roed'AdmiraalDe BlomGemeenschapsmolenDe GooyerDe OtterRiekermûneMûne fan Sloten
· · Berjocht bewurkje