Springe nei ynhâld

De 1200 Roe

Ut Wikipedy
De 1200 Roe
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Amsterdam
adres Haarlemmerweg 701
koördinaten 52°23' N 4°48' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 26,40 m
boujier 1632
oare ynformaasje
eigner Stadsherstel Amsterdam
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 1443
Webside
FB side
Kaart
De 1200 Roe (Amsterdam)
De 1200 Roe

De 1200 Roe is in poldermûne yn Amsterdam oan 'e Haarlemmerweg. De namme fan 'e mûne ferwiist nei de ôfstân dy't de mûne hat ta de Haarlimmerpoarte. Dy waard eartiids mei roeden oantsjut. Yn it gefal fan 'e mûne is dat goed fjouwer kilometer.

De 1200 Roe is in mealreeë mûne, mar hat gjin funksje mear en wurdt ynklamme troch heechbou en de Haarlimmerdyk. Wol wurdt de mûne regelmjittich op frijwillige basis oan it draaien set.

De bou fan 'e mûne sil ferbân holden ha mei it oanlizzen fan 'e Haarlimmertrekfeart yn 1631. Dy nije feart snie de âlde polder midstwa, sadat it súdlike diel, de likernôch 595 ha grutte Osdorper Binnenpolder, gjin ôfwettering mear hie. Yn 1632 waard de 1200 Roe boud om dat gebiet op de nije trekfeart te bemeallen. Oarspronklik hie de mûne in skeprêd, mar yn 1871 waard it rêd troch in fizel ferfongen. Yn 1931 waard in elektromotor yn 'e mûne set.

De 1200 Roe yn 1961 mei skier op 'e eftergrûn de 1100 Roe.

Yn 1951 ferlear de mûne syn funksje mei't in grut part fan 'e polder ûnder it sân fan 'e Amsterdamske útwreiding Westelike Tuinsteden ferdwûn en de hiele omjouwing fan 'e mûne folslein feroare. De gemeente waard eigner fan 'e mûne. Plannen om de mûne te ferhûzjen nei it doarp Sloten binne net trochgien en de mûne bleau oars as de 1100 Roe op syn histoaryske lokaasje.

Yn 1971 waarden de roeden ferwidere mar fierder feroare der neat. Yn 'e jierren 1977-1979 waard de mûne hielendal restaurearre.

Sûnt 2003 krige de mûne in nije bewenner, dy't de mûne wer regelmjittich draaie liet. De mûne is net te besichtigjen en de hjoeddeiske eigner is Stadsherstel Amsterdam.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wynmûnen yn 'e gemeente Amsterdam
De 1100 RoeDe 1200 Roed'AdmiraalDe BlomGemeenschapsmolenDe GooyerDe OtterRiekermûneMûne fan Sloten
· · Berjocht bewurkje