Springe nei ynhâld

De Bloem (mûne)

Ut Wikipedy
De Blom
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Amsterdam
adres Haarlemmerweg 465
koördinaten 52°23' N 4°51' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
oare ynformaasje
eigner Stadsherstel Amsterdam
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 1442
Kaart
De Bloem (Amsterdam)
De Bloem

De Blom is in Amsterdamske stellingmûne oan 'e Haarlemmerweg. De mûne stiet ek bekend as De Bloem en ek as de 400 Roe, om oan te tsjutten dat de mûne 400 roede fan 'e Haarlimmerpoarte stiet, itjinge oerienkomt mei likernôch oardel kilometer.

De Blom is in nôtmûne, dy't op frijwillige basis wurket. Yn 'e regel is de mûne net foar it publyk iepen, al wurdt er út en troch op spesjale dagen wol iepensteld.

De Singelgracht mei de Raampoarte en bolwurk Rijkeroord yn noardlike rjochting. Rjochts op it bolwurk De Blom, de foargonger fan 'e hjoeddeiske mûne.
Reinier Nooms (1623-1664)

Oarspronklik stie De Blom oan ien fan 'e paden west fan 'e Jan Roodenpoarte yn 'e hjoeddeiske Jordaan. Dy mûne ferhûze yn 1614 nei ien fan 'e nije bolwurken. Lykas wenst foar nôtmûnen wie dat yn dy tiid in standermûne, dy't yn 1768 troch de hjoeddeiske mûne ferfongen waard. Noch earder yn 'e 16e iuw stie de mûne op in stik lân bûten de Regulierspoarte, sadat de mûne teminsten trije kear ferhûze.

Fan 1768 oant 1878 stie De Blom op it bolwurk Rijkeroort, ien fan 'e bolwurken oan 'e Singelgracht yn it ferlingde fan 'e Bloemgracht. De mûne en de strjitte krigen harren namme troch de âlde namme fan it bolwurk, De Blom.

Mei't der plannen wiene foar de útwreiding fan it Westertsjerkhôf kocht de Nederlânsk Herfoarme tsjerke fan Amsterdam de mûne yn 1866 fan 'e doetiidske eigners Pieter en Hendrik Pouwels. De útwreiding gie lykwols net troch en de âlde eigners koene yn 1870 de mûne foar in lege priis werom keapje. Dy lege priis hie te meitsjen mei de plannen fan 'e gemeente om de Marnixstraat oan te lizzen en dêrby stie de mûne yn it paad. Yn 1877 waard de mûne dêrom ôfbrutsen en de ûnderdielen waarden opslein om de mûne letter wer op 'e hjoeddeiske lokaasje op te bouwen, dy't doe noch yn 'e gemeente Sloten lei. De werbou fûn yn 1878 plak mei in stiennen ûnderbou fan fjouwer meter heech, in ûnderachtkant en in boppeachtkant. De Blom krige oan it begjin fan 'e 20e iuw op beide roeden selsswichting. Nei de skea by in stoarm yn 1922 waard de selsswichting wer troch Ald-Hollânsk hekwurk ferfongen.

De mûne yn 1922.

Yn 1921 waard Sloten by Amsterdam foege en doe stie de mûne dus wer yn Amsterdam. De mûne waard yn 1927 ferkocht oan de gemeente Amsterdam en dy ferhierde de mûne oan ferskillende bedriuwen. Yn 'e rin fan 'e tiid waard in motoroandriuwing yn 'e mûne set, sadat ek sûnder wyn mealle wurde koe. De Blom bleau oant yn de jierren 1950 yn bedriuw, alhoewol't de lêste jierren in soad elektryske mealle waard.

Tusken 1963 en it begjin fan 'e jierren 1970 wie de mûne iepen foar besichtiging en wie der ûnder de mûne in horekabedriuw. Tusken 1967 en 1998 brûkte in speserijhannel de mûne.

Yn 'e nijjiersnacht fan 2014 rekke it reiden tek fan 'e de mûne skansearre nei 't der mooglik troch it ôfstekken fan fjoerwurk brân ûnstie. De mûne waard yn 2023 restaurearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wynmûnen yn 'e gemeente Amsterdam
De 1100 RoeDe 1200 Roed'AdmiraalDe BlomGemeenschapsmolenDe GooyerDe OtterRiekermûneMûne fan Sloten
· · Berjocht bewurkje