Mûne fan Sloten
Mûne fan Sloten | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Amsterdam | |
adres | Akersluis 10 | |
koördinaten | 52°20' N 4°47' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 26.40 m | |
boujier | 1990 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | provinsjaal monumint | |
Webside | ||
molenvansloten.nl | ||
Kaart | ||
De Mûne fan Sloten yn it doarp Sloten by Amsterdam is in ikehouten, reiddutsen achtkante stellingmûne op in stiennen ûnderbou. De mûne stiet oan 'e ringfeart fan 'e de Haarlemmermeer en soarget mei it Akergemaal foar de bemealling fan 'e Westelijke Tuinsteden, de Amsterdamske stedsútwreiding fan 'e jierren 1950 en 1960.
De mûne is ien fan 'e Noard-Hollânske mûnen dy hast alle dagen foar besikers iepen is. Yn 'e mûne is in soad te sjen oer de technyk fan mûnen en de skiednis fan Sloten en it âlde Osdorp. Dêrnjonken is der in presintaasje oer Rembrandt, mei û.o. bylden fan waaks. De mûne wurdt boppedat ek as troulokaasje foar it Amsterdamske stedsdiel Nieuw-West brûkt en hat in lift.
Sûnt septimber 2021 is de mûne in provinsjaal monumint.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste mûne fan Sloten wie de Riekermûne út 1636, mar dy ferhûze yn 1956 fanwegen de sânwinning yn 'e Riekerpolder nei de Kalfjeslaan by de Amstel. Yn 1991 krige it doarp wer in mûne mei't in âld achtkant fan 1847 út de Watergraafsmeer op in nije bakstiennen ûnderbou set waard. Ek de kape en de wjukken binne doe nij makke. Yn septimber 2021 waard de 30e jierdei fan 'e mûne fierd.[2]
De mûne waard yn 2023-2024 restaurearre en op freed 6 juny 2024 waard de mûne wer iepene troch prinses Beatrix. By de bou fan 'e mûne krige de mûne fokwjukken, mar by it oanbringen fan 'e nije roeden by de restauraasje binne de wjukken sûnt Ald-Hollânsk ophekt.
Museum en brouwerij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn april 2005 waard de mûne útwreide mei in kûperijmuseum, dêr't in soad te sjen wie fan it âlde ambacht fan 'e kûperij. Dat museum waard yn 2020 sletten en it sammele guod ferhûze nei it Brabants Museum Oud-Oosterhout, wylst it houten gebou de funskje fan skoalle krige. Yn april 2018 waard njonken de mûne de brouwerij 'De 7 Deugden' iepene.
Om't de mûne it hiele jier hast alle dagen iepen is en tichteby de Lofthaven Skiphol leit, is de mûne populêr by bûtenlânske toeristen dy't eefkes in koarte besite bringe wolle oan in wurkjende mûne by Amsterdam. De mûne stiet op likernôch 10 minuten te gean fan 'e ein fan tramline 2 yn Nieuw Sloten.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar oare boarnen op 'e Nederlânsktalige side nl:Molen van Sloten
|
Wynmûnen yn 'e gemeente Amsterdam | ||
---|---|---|
De 1100 Roe • De 1200 Roe • d'Admiraal • De Blom • Gemeenschapsmolen • De Gooyer • De Otter • Riekermûne • Mûne fan Sloten | ||
· · |