Gemeenschapsmolen
Gemeenschapsmolen nû. 1 | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Amsterdam | |
plak | Driemond | |
adres | Lange Stammerdijk 20 | |
koördinaten | 52°18' N 5°0' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 26,5 m | |
boujier | 1708 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Hoogheemraadschap Amstel, Gooi en Vecht | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 504564 | |
Webside | ||
gaaspermolen.nl | ||
Kaart | ||
De Gemeenschapsmolen oan 'e Gaasp by Driemond is in poldermûne út 1708. De mûne wurdt ek wol as Gaaspermûne oantsjut, mar de Gaaspermûne stie eartiids oan 'e oare kant fan it wetter en bemealle de polder Gein en Gaasp.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne waard foar de bemealling fan 'e Gemeenschapspolder boud. Dy polder bestie earder út in stik of wat lytse polderkes mei elts in eigen mûne, dy't ôfbrutsen binne nei't de hjoeddeiske mûne foltôge waard. It die lykwols bliken dat de nije mûne it net oan koe en op it stee fan 'e eardere wipmûne fan 'e Stammerpolder waard noch in mûne boud, dy't wer Stammermûne of Gemeenschapsmolen nû. 2 neamd waard.
Ynearsten wie de mûne útrist mei in skeprêd, dat yn 1892 ferfongen waard troch in fizel. Yn 1926 naam in gemaal de funksje fan 'e mûne oer en dêrby waard it boppediel fan 'e mûne ferwidere.
Om't foar de oanlis fan in bosk yn 'e polder it wetterpeil leger moast en it gemaal dat lege peil net oan koe, moast dat gemaal fernijd wurde. Sa ûntstie by de lânynrjochtingskommisje it útstel om it gemaal ôf te brekken en de mûne wer mealree te meitsjen.
Op 25 april 2003 waard de foar in grut part werboude mûne offisjeel troch de Amsterdamske boargemaster Job Cohen iepene. Yn 'e mûne waard ek in elektryske oandriuwing set foar as de waarsomstannichheden bemealling op wyn ûnmooglik meitsje.
Eigner fan 'e Gemeenschapsmolen is it Hoogheemraadschap Amstel, Gooi en Vecht. De mûne wurdt bewenne en is net iepen foar publyk.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Wynmûnen yn 'e gemeente Amsterdam | ||
---|---|---|
De 1100 Roe • De 1200 Roe • d'Admiraal • De Blom • Gemeenschapsmolen • De Gooyer • De Otter • Riekermûne • Mûne fan Sloten | ||
· · |