Springe nei ynhâld

Gaasp

Ut Wikipedy
De Gaasp by Driemond
Weespertrekfeart yn Diemen

De Gaasp is in rivierke tusken Driemond en Diemen en rint beëasten de Bijlmer. De Gaasp ferbynt it Gein mei de Diem, en rint westlik fan it Amsterdam-Rynkanaal.

De Gaasp begjint yn it doarp Driemond. De Gaasp is in ôfsplitsing fan it Gein. It Gein streamt fan Driemond fierder en mûnet út yn de Utertske Fecht. Dat kanalisearre part fan it Gein wurdt it Smel Weesp neamd en wurdt no trochsnien troch it Amsterdam-Rijnkanaal.

De Gaasp streamt no suver net mear. Oarspronklik hearde it by de grutte sompe dy't Hollân wie en roan it reinwetter fan it Gein troch de Gaasp yn de Diem en dêrnei yn de Sudersee. Letter is de Weespertrekfeart dold om yndyks in ferbining te hawwen tusken de Gaasp en de Amstel. Noch wer letter is it Amsterdam-Rynkanaal dwers troch de Diem oanlein. Sadwaande wettert de Gaasp no fia in stikje Diem ôf yn it Amsterdam-Rynkanaal.

Net fier fan de Gaasp leit de Gaasperplas.