Springe nei ynhâld

Harm-Ydo Hilberdink

Ut Wikipedy

Harm-Ydo Hilberdink (Grins, 25 april 1958) is in Nederlânske regisseur.

Hilberdink folge nei syn stúdzje oan de pedagogyske akademy yn Grins de rezjyoplieding oan de Hogeschool voor de Kunsten yn Amsterdam.

Hilberdinks teäterkarriêre begûn by de Rederikerskamer I.O.VI.V.A.T yn it Grinzer doarp Garnwerd. Yn earste ynstânsje as spiler, mar rillegau ûntduts er it rezjyfak, yntrodusearre nij repertoire en de groep trede ek ynternasjonaal op, ûnder oare yn Antwerpen. Under syn lieding spile de groep wurk fan ûnder oare Albee, Bredero, Carlo Goldoni, Arrabal, Gorki en Shakespeare.

Yn deselde perioade waard er rezjyassistint by teäterselskip 'De Voorziening' yn Grins û.o by Matthijs Rühmke, Franz Marijnen (Jules Verne Projekt) en Bernhard Goss. As akteur kaam Hilberdink telâne by Theatergroep Waark dêr 't er letter ek fêste regisseur wurde soe. Scholten Zienent (oer de Grinzer fabrikantefamylje Scholten), Ripperda en Laive Siebrand kamen ûnder syn rezjy ta stân.

Nei syn stúdzje oan de rezjyoplieding regissearre er earst foaral teäterproduksjes. Letter kaam dêr telefyzje by. Dramasearjes, mar ek amusemintsprogramma’s as De Uitdaging (mei Angela Groothuizen), Duel over de Grens (Yndia, Súd-Afrika) en it jeugdprogramma Zag. Fan 2000 oant 2003 regissearre Hilberdink de dramatisearre dokumintêresearje Finals foar BNN. De searje soarge foar opskuor om 't it foar de sjoggers net dúdlik wie oft it om fiksje of om werklikheid gie. Nei Finals makke er soartgelikense produksjes lykas de jongeresearjes Kicken (opnommen yn Nij-Seelân foar Yorin), Cut en BNN Family (BNN) en twa seizoenen fan West Side (AT5). Ek de searje Harde Klappen mei as tema húslik geweld makke er foar de Amsterdamske stjoerder AT 5 (2010). Yn de simmer fan 2007 en 2008 regissearre er de Grinzer regiosoap Boven Wotter dy 't útstjoerd waard troch RTV Noord en letter ek op Nederlân 1. Ek bleau er yn dizze perioade it teäter trou en regissearre ferskate produksjes. Yn de maitiid fan 2012 waard ûnder syn lieding it lokaasjeteäterprojekt De Nieuwe Man útfierd nei de roman fan Thomas Rosenboom.

Njonken regisseur is Hilberdink sûnt 1976 ek mûnder. Ynearsten op nôtmûne De Meeuw yn Garnwerd, mar sûnt 1989 fan de lêste kryt- en trasmole fan Nederlân; krytmûne d' Admiraal yn Amsterdam-Buiksloot.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]