Springe nei ynhâld

Krieë Yndianereservaat

Ut Wikipedy
Krieë Yndianereservaat
Crow Indian Reservation
De prêrje yn 'e neite fan it Slachfjild oan de Little Bighorn yn it noarden fan it Krieë Yndianereservaat.
De prêrje yn 'e neite fan it Slachfjild oan de Little Bighorn yn it noarden fan it Krieë Yndianereservaat.
polityk
haadplak Crow Agency (Montana)
stamme Krieë Stamme
lân Feriene Steaten
steat Montana
county Big Horn County
Yellowstone County
Treasure County
sifers
ynwenners 6.900 (2000)
oerflak 9.340,9 km²
bef.tichth. 0,7 / km²
oar
stifting 1868
tiidsône UTC –7
simmertiid UTC –6
webside www.crowtribe.com
kaart
De prêrje yn 'e neite fan it Slachfjild oan de Little Bighorn yn it noarden fan it Krieë Yndianereservaat.
Yndianereservaten yn 'e steat Montana: it Krieë Yndianereservaat is werjûn yn read.

It Krieë Yndianereservaat (Ingelsk: Crow Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Krieë Stamme (Crow Tribe) yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana. Dit reservaat waard yn 1868 stifte as útfloeisel fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie. It omfiemet û.m. it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn, ien fan 'e wichtichste toeristyske trekpleisters fan Montana. Behalven de Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, fûn op it grûngebiet fan it reservaat yn 1887 ek de Krieë-Oarloch plak. Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling út 2000 wennen der doe likernôch 6.900 minsken yn it reservaat. It haadplak is it doarp Crow Agency.

It Krieë Yndianereservaat leit yn it súdlike part fan 'e Amerikaanske steat Montana, en omfiemet benammen dielen fan 'e countys Big Horn en Yellowstone, mei bûtenreservaatsk beheargebiet yn Treasure County. De stêd Billings leit likernôch 16 km noardwestlik fan it reservaat. It Krieë Reservaat hat in totaal oerflak fan 9.340,9 km², wêrfan't 9207,3 km² út lân en 133,6 km² út wetter bestiet. Dêrmei is dit Yndianereservaat it grutste yn Montana en it op fjouwer of fiif nei grutste fan 'e Feriene Steaten (ôfhinklik fan 'e fraach oft it oerflak oan wetter meirekkene wurdt wikselet it fan plak mei it Standing Rock Yndianereservaat yn 'e Dakota's).

It Krieë Yndianereservaat omfiemet de noardlike úteinen fan it Bighorn-berchtme, it Wolveberchtme en it Pryor-berchtme. De rivier de Bighorn streamt der fan it suden út trochhinne en floeit by Hardin, oan 'e grins fan it reservaat, gear mei de Little Bighorn. Yn it suden grinzget it reservaat oan 'e steat Wyoming, en yn it easten oan it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat. Yn it súdwesten wurdt it Krieë Reservaat djip ynsnien troch it Bighorn Canyon Nasjonaal Rekreaasjegebiet, dat ûnder tafersjoch stiet fan 'e Amerikaanske National Park Service. It haadplak fan it reservaat is it doarp Crow Agency, dat yn deunby de noardgrins leit.


Binnen de grinzen fan it Krieë Reservaat leit ek it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn, it plak dêr't op 25 juny 1876, as ûnderdiel fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876, de ferneamde Slach oan de Little Bighorn útfochten waard tusken it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer oan 'e ien kant en in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho ûnder lieding fan 'e opperhaden Sittende Bolle en Mâl Hynder oan 'e oare kant. Dy fjildslach rûn út op in grutte oerwinning foar de Yndianen. (By dit barren fochten ek guon Krieën mei, mar oan 'e side fan Custer, mei't hja as ferkenners tsjinst nommen hiene yn it Amerikaanske Leger.)

Doarpen yn it Krieë Reservaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Krieë Yndianereservaat waard yn 1868 neffens de ôfspraken fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie foar de Krieën oprjochte. Yn it lêste fearn fan 'e njoggentjinde iuw setten de measten fan harren har dêr nei wenjen. Oarspronklik wie it reservaat in stik grutter, en fan 1869 oant 1874 wie it Yndiaansk agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA) fêstige yn Fort Parker, op in lokaasje sa'n 13 km eastlik fan wêr't no Livingston (Montana) leit. Yn it reservaat setten de Krieën harren fierhinne nomadyske libbenswize fuort, ek al brocht harren dat út en troch yn botsing mei harren tradisjonele fijannen, de Lakota, dy't de it streamgebiet fan 'e Powderrivier behearsken.

Pauline Small, langjierrich bestjoerster fan 'e Krieë Stamme, giet foarop mei de Krieë-flagge yn 'e hân by de optocht dêr't de Krieë-Merke mei iepene wurdt.

Doe't der yn 1874 goud fûn waard oan 'e westlike râne fan it Krieë Reservaat, yn it Absaroka-berchtme, en blanke goudsikers it gebiet ynkrongen, waard it reservaat yn 1875 ferlytse. Mei't Fort Parker yn it ôfnommen lân lei, waard der 106 km fierder nei it easten ta, oan 'e rivier de Stillwater, yn 'e delling fan 'e Yellowstone, in nij agintskip stifte. De folgjende tsien jier fûnen der grutte feroarings plak. Nei de grutte Grutte Sû-Oarloch fan 1876 wie it dien mei de macht fan 'e Lakota, mei as gefolch dat de kolonisaasje fan it gebiet troch de blanken begjinne koe. Dêrûnder hiene ek de Krieën te lijen doe't troch blanke hûdejagers moedwillich de bizons útrûge waarden dêr't de Flakte-Yndianen ôfhinklik fan wiene.

Yn 1884 late de kolonisaasje fan it lân om it Krieë Reservaat hinne ta de twadde en definitive ferhuzing fan it Yndiaanske agintskip, diskear mear as 160 km nei it easten ta, dêr't der úteinlik it doarp Crow Agency omhinne groeide. Yn 1887 fûn yn dyselde krite de Krieë-Oarloch plak. Yn 1918 organisearren de Krieën in grutte pow-wow om harren eigen kultuer út te dragen, en nûgen dêr ek oare stammen foar út. Dizze gearkomste, dy't bekendstiet as de Krieë-Merke (Crow Fair) wurdt tsjintwurdich, noch hieltyd mei dielname fan oare Yndiaanske folken, op jierlikse basis holden yn it trêde wykein fan augustus. It hat him ûntjûn ta ien fan 'e wichtichste Yndiaanske gearkomsten fan 'e Grutte Flakten.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 hie it Krieë Reservaat doe 6.894 ynwenners. Dêrûnder binne sa'n 6.600 etnyske Krieën, mei't der ek lytse oantallen blanken en Latino's binnen de grinzen fan it reservaat wenje. De befolkingstichtens yn it Krieë Reservaat leit op 0,7 minsken de km². De grutste wenkearn is it haadplak Crow Agency, dat in befolking fan goed 1.600 ynwenners hat.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.