Koperfazant
koperfazant | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
hoanne hin | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Syrmaticus soemmerringii | ||||||||||||
Temminck, 1830 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De koperfazant (wittenskiplike namme: Syrmaticus soemmerringii), ek wol de sömmerringfazant of Sömmerrings fazant neamd, is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e langsturtfazanten (Syrmaticus). Dit bist komt foar yn dielen fan Japan, dêr't it in stânfûgel is. De koperfazant is in middelgrutte fûgel dy't in protte seksuele dimorfy fertoant. De wittenskiplike namme ferwiist nei de Dútske fysiolooch, anatoom, antropolooch, paleöntolooch en útfiner Samuel Thomas von Sömmerring. De IUCN klassifisearret de koperfazant as gefoelich.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koperfazant is lânseigen yn Japan, dêr't dizze fûgel bekendstiet as de yamadori (山鳥). Koperfazanten binne yn harren fersprieding beheind ta de heuvel- en berchwâlden fan 'e haadeilannen Honsjû, Sjikokû en Kjûsjû. Utsein op Sjikokû smyt dat in frijwat fragmintearre areaal op.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koperfazant is in mânske fûgel foar in fazant. De hoanne hat trochinoar in lingte fan 871/2–136 sm, de sturt ynbegrepen, dy't op himsels in lingte hat fan 65–98 sm. De hin is lytser, mei in lichemslingte fan 51–54 sm, op 'e nij de sturt ynbegrepen, dy't by de hin folle koarter is, likernôch 171/2–191/2 sm. De wjukspanne fan 'e koperfazant bedraacht 205–225 sm. It gewicht leit om 'e 900 g hinne, by de hoannen wat mear en by de hinnen wat minder.
It fearrekleed fan 'e hoanne is koperkleurich oant kastanjebrún mei wat dûnkerdere en ljochtere plakken dertrochhinne. De snaffel is gielich en om 'e eagen hinne sitte lellen dy't fel read fan kleur binne. De lange sturt is yn 'e breedterjochting streekt mei smelle dûnkerbrune en widere ljochtbrune en ljochtgiele bannen. De hin hat brune fearren dy't op it boppelichem útskaaie nei griis, wylst de bealch dûnkerbrún mei bêzje streken is. It ûntbrekken fan sawol de lange sturt as de felkleure lellen jout de hin in folle bettere skutkleur. Ek de koarte spoaren, dy't de hoannen oan 'e poaten hat, ûntbrekke by de hin.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koperfazanten libje yn nullewâlden en mingde wâlden op hichten fan omtrint de 1.500 m yn 'e neite fan berchstreamkes. De begroeiïng kin dêre foar it meastepart bestean út sypressen (Cupressus), sichtesypressen (Cryptomeria japonica), iken (Quercus) of stieniken (Lithocarpus). Bûten de briedtiid om giet de koperfazant ek om fretten út bûten de bosken, op greiden en ikkers.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e koperfazant rikt fan 'e subtropen yn it suden oant fier yn it winterdeis wrede noarden fan Japan, mar it is in stânfûgel, dy't ek by honk bliuwt yn it gefal dat der in djip pak snie falt. Beide geslachten meitsje in langrutsen kû-û-lûd, en by de balts bringt de hoanne in skerp chwy-chwy-chwy fuort, folge troch in rûnom hearber klapperjen mei de wjukken.
Yn 'e peartiid, dy't foar de koperfazant yn it foarjier falt, fjochtsje de hoannen in ferheftige striid út om mei de hinnen pearje te meien. Oer de eigentlik balts is frijwol neat bekend. De briedtiid rint by dizze fûgel fan begjin april oant ein juny. De hin makket dêrby in nêst dat bestiet út in útskrabe dobke yn 'e grûn, belein mei wat plantegrien en ferburgen tusken tichte ûndergroei. It lechsel telt 6–12 krêmkleurige aaien. It brieden duorret 24 dagen. De piken binne nêstflechters, dy't binnen inkele oeren nei't se út it aai kommen binne, it nêst al ferlitte. Se wurde net fuorre troch de hin, mar ynstee mei op sleeptou nommen nei plakken dêr't se harsels fuorje kinne ûnder tafersjoch fan 'e mem.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koperfazanten hawwe foar it meastepart in herbivoar dieet. Hjerstmis bestiet dat benammen út fruchten lykas kastanjes fan skynkastanjes (Castanopsis) of de Japanske kastanje (Castanea crenata), ikels en beien. Njonken plantaardich guod litte koperfazanten lykwols ek lyts dierte net rinne; sa frette se ynsekten en oare lidpoatigen, slakken, wjirms en sels lytse reptyltsjes lykas hagedissen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koperfazant hat de IUCN-status fan "gefoelich", want hoewol't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt is der in dúdlike delgeande trend yn 'e populaasjegrutte gewaar te wurden. Yn 'e tweintichste iuw waard dizze fûgel sterk bejage, mar yn 'e 1970-er jierren kelderen de jierlikse oantallen sketten fûgels yn in pear jier tiid fan 800.000 nei 300.000. Yn 'e 1990-er jierren stabilisearre dat oantal him min ofte mear omtrint de 100.000 eksimplaren. Yn 'e 2010-er jierren begûnen de oantallen lykwols wer licht omleech te gean.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 5 (stân fan saken yn 2024) erkende ûndersoarten fan 'e koperfazant (Syrmaticus soemmerringii):
- S. s. ijimae (súdeastlik Kjûsjû)
- S. s. intermedius (noardeastlik en sintraal Sjikokû en súdwestlik Honsjû)
- S. s. scintillans (noardlik en sintraal Honsjû)
- S. s. soemmerringii (de nominaatûndersoarte, noardlik en sintraal Kjûsjû)
- S. s. subrufus (súdeastlik Honsjû en súdwestlik Sjikokû)
Yn 'e Japanske kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De koperfazant is yn Japan in bekende fûgel, dy't al teminsten sûnt de iere achtste iuw figurearret yn 'e Japansktalige poëzij. De ierste ferwizing nei dit bist komt foar yn in gedicht út 'e Hyakunin Isshu fan Kakinomoto no Hitomaro: "Ashibiki no yamadori no wo no shidari-wo no naga-nagashi yo wo hitori ka mo nemu?" ("Moat ik dan allinnich sliepe troch de lange hjerstnachten, sa lang as de slepende sturt fan 'e koperfazant wannear't er skaat wurdt fan syn hin?")
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|