Koper (kleur)
koper | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #B87333 | |
RGBª (r, g, b) | (184, 115, 51) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 32, 72, 28) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Koper is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún. It kin omskreaun wurde as in readich ljochtbrún. De kleur ûntlient syn namme oan it metaal koper, dat in soartgelikense kleur hat. As kleuroantsjutting wurdt 'koper' al brûkt sûnt teminsten 1594, doe't it foar it earst yn 'e Ingelske foarm copper optekene waard.
Kleurtechnyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is koper in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan 'e trije primêre kleuren read, grien en blau. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in tertiêre kleur, dy't yn prinsipe produsearre wurde moatte soe troch de trije primêre kleuren syaan, maginta en giel te mingen. Ornaris brûkt men lykwols swart ynstee fan syaan, om't dat yn 'e praktyk bettere resultaten jout.
Besibbe tinten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Inkele nau besibbe kleurfarianten binne:
koper | #B87333 | |
feal koper | #DA8A67 | |
kopergrien | #43B3AE | |
koperread | #CB6D51 | |
koperrôze | #996666 | |
peinjekoper | #AD6F69 |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |