Springe nei ynhâld

Kings of Morning

Ut Wikipedy
Kings of Morning
algemiene gegevens
auteur Paul Kearney
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2012, Nottingham
oarspr. útjwr. Solaris Books
rige
rige The Macht
● foarich diel Corvus
● folgjend diel (lêste diel)
kodearring
ISBN 978-1 90 75 19 383

Kings of Morning is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Noardierske skriuwer Paul Kearney. De titel betsjut "Keningen fan 'e Moarntyd". It boek foarmet it trêde en lêste diel fan Kearney syn trilogy The Macht, en is as sadanich it ferfolch op Corvus. It is yn grutte halen in werfertelling fan 'e ferovering troch Aleksander de Grutte (hjir: Corvus) fan it Perzyske Ryk (hjir: it Asuryske Ryk). As ferhaal stiet Kings of Morning fierhinne op himsels en it kin dêrom skoan lêzen wurde sûnder de oare beide dielen fan 'e trilogy te lêzen. It boek waard yn 2012 publisearre troch de Britske útjouwerij Solaris Books.

Kings of Morning spilet sân jier nei it foargeande diel, Corvus, wêryn't de jonge fjildhear Corvus de hiele Harukush ferovere en him dêrmei kening makke fan 'e Macht, in folk dat "oan 'e râne fan 'e wrâld" (dat wol sizze: bûten it ûnbidige Asuryske Ryk) libbet. Mei alles dat er oant safier berikt hat, is Corvus lykwols noch net tefreden, en Kings of Morning iepenet as er in ynvaazje begjint fan it Asuryske Ryk mei in leger dat net inkeld bestiet út Machtyske hopliten, mar dat ek ruterij en bôgesjitters omfettet dy't etnyske Kefren binne, de hearskjende kaste fan it Asuryske Ryk. Yn 'e Slach oan 'e Haneikos bringt er de Asuriërs in gefoelige nederlaach ta, en nei dy oerwinning leit it lân foar Corvus en syn leger iepen oan it Korash-berchtme ta. Ien fan Corvus syn legeroersten is Rictus, no in âldman fan tsjin 'e sechstich, dy't krapoan fjirtich jier lyn de Tsientûzen oanfierde by harren weromtocht út it Asuryske Ryk (sjoch: The Ten Thousand). Hy hat mingde gefoelens oer de plannen fan Corvus, dy't wisberet liket om himsels ta hege kening fan it Asuryske Ryk te meitsjen.

Underwilens is it Asuryske Keninklik Hof, yn it fiere Ashur, mear dwaande mei ynterne yntriizjes as mei de ynvaazje fan Corvus, dy't beskôge wurdt as net mear as in regionaal probleem. De iennichste dy't begrypt dat de Macht in wiere bedriging wurde kinne as mei harren net fluch ôfweefd wurdt, is de hege kening sels, Ashurnan de Grutte, dy't al mear as fjirtich jier op 'e troan sit. Dy hat krekt as Rictus yn 'e Slach by Kunaksa fochten, dêr't de Macht ferslein lieken, mar him op it lêste momint dochs noch de oerwinning wisten te ûntstellen. De oare leden fan 'e Asuryske keninklike famylje hawwe lykwols gjin idee oer de earnst fan 'e sitewaasje. Ashurnan hat withoefolle bern by withoefolle froulju, mar der binne mar twa dy't der ta dogge: Kouros, de kroanprins, de soan fan keninginne Orsana, en Rakhsar, de op ien nei âldste, de soan fan Ashana, de iennichste frou fan wa't Ashurnan ea holden hat, mar dy't fergiftige is op oarder fan Orsana. Kouros en Rakhsar binne as wetter en fjoer en haatsje inoar yntins. Kouros is in troch syn iensumens en jeugdtrauma's ferwrongen geast dy't temûk fereale is op syn eigen healsuster Roshana, mar derfan dreamt om har foar Rakhsar syn eagen te ferkrêftsjen. Rakhsar is in kâlde, spytgnyskjende yntrigant dy't oer liken giet, wat de iennichste reden is dat hy en syn gefoelige suster Roshana sa lang oerlibbe hawwe nettsjinsteande al Orsana har krewearjen om harren út 'e wei te romjen.

Op 'e jûn dat it nijs fan 'e nederlaach yn 'e Slach oan 'e Haneikos it Keninklik Hof yn Ashur berikt, wurdt de jonge kokenslaaf Kurun troch Auroc, de kokenmaster, foar it earst útkeazen om te helpen by de betsjinning fan it miel oan 'e keninklike famylje en harren gasten. Kurun is in jonge fan in jier as trettjin, dy't as pjut by wize fan 'e betelling fan belestings dy't oars net opbrocht wurde koene, troch syn âlden oan 'e belesting-iners meijûn is (in hiel normaal ferskynsel yn it Asuryske Ryk). Hy is opgroeid as slaaf oan it Hof, mar hat likegoed noch net leard om syn nijsgjirrigens en oermoedigens te bedimjen. Dat, as er mei it iten út 'e kokens omheech stjoerd wurdt en wachtsje moat oant de hege kening-en-dy it miel bepluze hawwe, dwaalt er ôf yn 'e keninklike tunen op 'e top fan 'e siggoerat.

As er lykwols te ticht yn 'e buert fan 'e iters komt, wurdt er opmurken troch de Honai, de Asuryske karsoldaten dy't de liifwacht fan 'e hege kening foarmje. Dy sjogge yn him in slûpmoardner of op syn minst in spion, en Kurun wurdt finzen nommen en hurdhannich ûnderfrege, en neitiid wurdt er yn syn sel troch ien fan 'e Honai ferkrêfte. Wer letter wurdt er foar prins Kouros sels brocht, dy't him leaut as er seit dat er gjin kwea yn 't sin hie, mar him likegoed kastrearret, om't syn healbroer Rakhsar him poerrazen makke hat en Kouros syn lulkens ôfreägearje moat. De wûne wurdt tichtskroeid en neitiid lit Kouros de bewusteleaze Kurun by wize fan gekoanstekkerij besoargje by syn healsuster Roshana, dy't it ommers al fan bern ôf oan foar de moade hat om ferwûne bisten te fersoarjgen oant se opbetterje. Wat Kouros net wit, is dat er dêrmei in rige foarfallen yn wurking set dy't ûnûntkomber ta syn eigen ûndergong liede sille.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst Corvus mei syn troepen it Korash-berchtme oertsjocht, en Ashurnan de algemiene tsjinstplicht útroppe lit en sa in leger fan hûnderttûzenen gearbringt, smeit Orsana plannen om, sadree't kening Ashurnan mei syn leger ôfset is om 'e Macht te befjochtsjen, Rakhsar en Roshana fermoardzje te litten. Rakhsar is him dêrfan bewust, mar hy hat prikken yn it wurk steld om op 'e tiid de paleis-siggoerat te ûntflechtsjen. Op in nacht pykt er mei Roshana en in trijetal fan har fertroude slaven út. Syn suster stiet derop dat de heal dwyljende Kurun ek meibrocht wurdt, en Rakhsar moat har op dat mêd úteinlik har sin jaan. Hy hat in kontaktpersoan dy't de flechtlingen tsjin betelling troch de legere ferdjippings fan 'e siggoerat (dêr't inkeld slaven komme) nei bûten ta liede sil. It blykt Kurun syn âlde master Auroc te wêzen, mar as dy harren nei de haadyngong fan 'e siggoerat liede wol, kin Kurun him net stilhâlde en wiist er Rakhsar derop dat nimmen troch de haadyngong ûntkomme kin, om't dy dei en nacht strang bewekke wurdt. De prins beseft dan dat der ferrie yn it spul is, en stekt Auroc daliks dea. It is Kurun dy't it selskip fia selden brûkte gongen nei in sydyngong fan 'e siggoerat liedt, dêr't se by it wikseljen fan 'e wacht fuortglûpe kinne.

Wiken letter is Corvus mei syn troepen it Korash-berchtme oerstutsen, wylst Ashurnan mei syn oanwaaksende striidmacht oer it Magronberchtme tein is. Beide legers befine har dan yn it saneamde Middenryk, in flakte tusken de bergen, dy't de nôtskuorre fan it Asuryske Ryk is. Dêr marsjearje se almar neier opinoar ta. Midden op dy flakte is krapoan fjirtich jier lyn de Slach by Kunaksa útfochten, dêr't sawol Rictus as Ashurnan oan dielnaam, en it sjocht dernei út dat net fier fan Kunaksa no op 'e nij slach levere wurde sil tusken de Macht en de Asuriërs. Rictus besiket it entûsjasme fan 'e jonge Corvus wat te bedimjen, mar Corvus kin sa min stilsitte dat er der geregeldwei sels op út riidt mei patrûljes fan syn Kefren-ruterij. Underwilens binne ek Rakhsar en Roshana de Magron oerstutsen, wêrby't inkele slaven omkommen binne yn in lawine. Sadwaande bestiet harren selskip no noch mar út fjouwer persoanen: sysels, Kurun en in reuseftige slaaf dy't Ushau hjit. Rakhsar hat yn it Middenryk in lângoed yn 'e neite fan 'e stêd Arimya dat him by syn berte skonken is, mar dêr't er noch nea west hat. Dêr sette de wurge en heal sike flechtlingen op ta. As se dêr oankomme, blykt it lânhûs folslein ferlitten en alhiel fertutearze te wêzen, mar it jout harren in skûlplak dêr't se in skoftke bekomme kinne.

Alteast, dat tinke se. Want Orsana, dy't oeral yn it Asuryske Ryk eagen en earen hat, en Kouros, dy't syn eigen minsken ek nei syn hate healbroer sykje lit, witte ek fan it bestean fan it lângoed by Arimya, hoewol't se net ferwachte hiene dat Rakhsar sa dom wêze soe om him dêr te fertoanen. Sadwaande duorret it in stikmannich dagen ear't Kouros fanwegen komme kin as him te witten dien wurdt dat Rakhsar en Roshana by Arimya sjoen binne. Tsjin dy tiid beseft Rakhsar dat er te sleau west hat. As hy en syn selskipslju lykwols fuort sille, blykt it lângoed besingele te wêzen troch Kouros en syn ûnderhearrigen. Se besykje troch de besingeling te brekken, mar dat slagget inkeld Rakhsar, wylst Ushau dea rekket yn 'e gefjochten, Kurun delstutsen en foar dea efterlitten wurdt, en Roshana finzen nommen wurdt. As Rakhsar trochried, soed er ûntkomme kinne, mar hy giet werom om te sjen oft er Roshana rêde kin, ek al sjocht er yn 'e fierte noch mear troepen oankommen, dy't op it ljocht fan 'e fakkels fan Kouros syn mannen ôf komme.

Troch te driigjen dat er de neakene en boeide Roshana troch syn mannen ferkrêftsje en fermoardzje litte sil, wit Kouros Rakhsar te twingen om him oer te jaan, wêrnei't er him kâldwei mei in grut mês yn 'e búk stekt. Dêrnei oarderet er syn mannen dochs noch om Roshana te ferkrêftsjen en fermoardzjen, wylst de stjerrende Rakhsar tasjen moat. Ear't dat befel lykwols útfierd wurde kin, arrivearje de troepen dy't Rakhsar earder al fan fierrens oankommen seach. It binne Kefren mei de pylken al op 'e bôgepiis, dy't oanfierd wurde troch in lytseftige man dy't der net útsjocht as in Kefre. Kouros mient dat er mei in ofsier fan 'e Honai fan syn heit te krijen hat, mar de man jout neat om syn sizzen en as er himsels foarstelt as "Corvus, kening fan 'e Macht", duorret it in pear tellen ear't de skokte Kouros beseft wat dat betsjut. Yn dat skoftke wurdt Corvus de neakene Roshana gewaar, en de mannen om har hinne, en jout er syn eigen soldaten befel om te sjitten. Kouros syn mannen wurde dan ôfslachte en de kroanprins sels rêdt it faaie libben der inkeld ôf troch fuort te draven sa hurd as er kin.

As alle fijannen útskeakele binne, stiget Corvus ôf en knibbelet del by de stjerrende Rakhsar, dy't him mei syn lêste siken freget om foar syn suster te soargjen. Corvus lit alle lju dy't noch libje, wêrûnder Roshana en Kurun, meinimme om út te sykjen wat der krekt geande wie. Sadwaande wurdt Kurun wekker yn it Machtyske legerkamp, dêr't er fersoarge wurdt troch Roshana oant er opbettere is. Sy wurde dêr tegearre fêstholden as 'gasten' fan kening Corvus. De âlde Rictus fielt him oanlutsen ta Roshana om't se him syn tragysk ferstoarne frou Aise (sjoch: Corvus) tebinnenbringt. Nei't hy in pear koppen tsjininoar oan slein hat, wurde Kurun en Roshana troch de Machtyske soldaten ek wier as gasten behannele en op alle manearen let en set.

Underwilens is fan 'e ferkenners dy't Ashurnan foar de opmars fan syn ûnbidige legermacht útstjoert al in pear wiken lang net ien weromkeard. Dat komt om't Corvus syn troepen harren oanhâldend yn mûklagen lokje. It Asuryske leger tsjocht sadwaande 'blyn' op nei it westen, en stjit op in dei sûnder warskôging op it leger fan Corvus, dat dwers oer harren line fan opmars yn kriichsoarder opsteld stiet. Ashurnan lit daliks oanfalle, om't er benaud is dat it Machtyske leger fuortglûpe sil, mar dêrmei spilet er Corvus just yn 'e kaart. Dy syn leger telt nammentlik mar in 50.000 man, wylst it Asuryske leger út ferskate hûnderttûzenen soldaten bestiet. De Macht hawwe wol it foardiel dat sy allegearre treend binne as soldaten, wylst it Asuryske leger fierhinne opmakke is út oproppen boeren en ambachtslju. Mar likegoed soene de Macht derûnder strûpe troch de nûmerike oermacht fan 'e Asuriërs as it ta in geregelde fjildslach kaam. No smyt Ashurnan lykwols de iene ienheid nei de oare yn 'e striid sadree't se út syn tsientallen milen lange marskolonne it front berikke; dat stelt Corvus by steat om 'e Asuryske rezjiminten ien foar ien te ferslaan.

Dizze Slach by Gaugamesh rint út op in massale slachting as de Hûnekoppen, de Machtyske karsoldaten dy't ûnder lieding fan Rictus en syn freon Fornyx de midden fan 'e liny fan Corvus syn leger foarmje, ôfweve mei de iene nei de oare min belearde ienheid Asuryske tsjinstplichtigen. Lang om let set Ashurnan de Honai yn, syn eigen elitetroepen, dy't úteinlik troch de wjerstân fan 'e Hûnekoppen brekke en it Machtyske leger midstwa spjalte. Underwilens is lykwols Ashurnan syn Arakosiaanske ruterij op 'e lofterflank ferslein troch Corvus syn troepen, en as de Honai, dy't miene dat de striid wûn is, trochkringe oant efter de Machtyske liny, wurde se dêr oerfallen troch Corvus syn ruterij en reserve-fuotfolk. De Asuryske nederlaach wurdt kompleet as Corvus en syn troepen oant efter de Asuryske liny trochkringe ear't Ashurnan berjocht kriget oer de ramp dy't de Honai oerkommen is, mei as gefolch dat Corvus-en-dy de kommandopost fan Ashurnan oerfalle kinne. De hege kening sneuvelet yn 'e striid, mar kroanprins Kouros wit de dûns te ûntspringen troch op 'e nij te meitsjen dat er fuortkomt.

As nei de slach de deaden telt wurde, blykt dat fan 'e 3.000 Hûnekoppen mar 46 de striid oerlibbe hawwe. Under harren is Rictus, dy't in ferskaat oan net-fatale ferwûnings oprûn hat, mar net syn freon Fornyx, dy't sneuvele is. Wylst Rictus opbetteret, rekket er befreone mei de jonge eunuch Kurun en dy syn masteresse, prinsesse Roshana. Oan 'e Asuryske kant binne fan 'e 10.000 Honai noch 3.000 oer, wêrby't noch 6.000 man Arakosiaanske ruterij komme. De rest fan Ashurnan syn ûnbidige leger is sneuvele, ferwûne rekke of alle kanten út spatten. De skrik sit der by de tsjinstplichtige boeren en hantwurkslju no nammentlik goed yn, en se harkje net mear nei harren ofsieren, mar wolle inkeld noch nei hûs. Mei in leger fan noch gjin 10.000 man tsjocht Kouros oer it Magronberchte mei Asuria, it hertlân fan it Asuryske Ryk, dêr't de haadstêd Ashur leit. Hy lit him ta hege kening útroppe foar syn heit yn 't plak, mar de wiere machthawwer is syn mem Orsana. As Corvus in pear wiken letter ek de Magron oer tsjocht en belis slacht foar Ashur, lit er de ferdigeners fan 'e stêd witte dat er in oerjefte akseptearje wol: der hoecht nimmen mear te stjerren, útsein "de usurpator Kouros". Dyselde is wisberet om troch te fjochtsjen, mar dêr tinkt syn pragmatyske mem oars oer. Hja is net ree om har macht op te jaan en hopet fan efter Corvus syn troan trochregearje te kinnen. Dêrom twingt se har soan Kouros, dy't se as in mislearre stik ark beskôget, om himsels tekoart te dwaan.

Neitiid jout Orsana de stêd Ashur, en dêrmei it hiele Asuryske Ryk, oer oan Corvus. De Machtyske troepen tsjogge de stêd yn en Corvus lit him ta kening kroanje. Hy komt al syn ûnthjitten nei, en dat betsjut dat alle funksjonarissen yn harren posysje befêstige wurde. Ek Orsana, dy't er alle eare bewiist, behâldt har posysje as haad fan 'e harem, en se wit it sels safier te krijen dat se de nije hege kening riejaan mei. Neitiid trout Corvus (net op rie fan Orsana) mei prinsesse Roshana. Foar it folk is dêrmei de âlde oarder werombrocht: der is wer in hege kening, en om't Roshana de dochter fan Ashurnan is, sil neitiid in pakesizzer fan Ashurnan op 'e troan komme. Rictus, lykwols, dy't him sûnt de Slach by Gaugamesh foar it earst in âldman fielt, beskôget syn eigen rol as útspile. Hy is gjin soldaat mear en hast al syn wapenbruorren binne dea. Corvus wol him oanhâlde as riedshear, mar dêr fielt er neat foar. In oaren dy't oer en tefolle is, is Kurun, dy't ûnder syn flecht mei Rakhsar en Roshana fereale rekke is op 'e prinsesse. Dy hat lykwols gjin each foar him, en liket tige gelokkich mei har brêgeman Corvus. Jûns, wylst de brulloft noch geande is, ferlit Rictus de keninklike siggoerat om werom te kearen nei de Harukush, dêr't syn dochters en pakesizzers wenje yn Andunnon. Kurun giet mei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: