Springe nei ynhâld

Kawennáhere Devery Jacobs

Ut Wikipedy
Kawennáhere Devery Jacobs
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeKawennáhere Devery Jacobs
nasjonaliteit Kanadeesk
berne8 augustus 1993
berteplakKahnawake (Kebek)
etnisiteit Mohâk
jierren aktyf2007 – no
offisjele webside
Kawennáhere Devery Jacobs yn 'e IMDb

Kawennáhere Devery Jacobs, ek wol koartwei Devery Jacobs neamd (Kahnawake, 8 augustus 1993), is in Kanadeesk tillefyzje-, film- en toanielaktrise fan Yndiaansk komôf. Foar har optreden yn 'e film Rhymes for Young Ghouls (2013) waard se nominearre foar in Canadian Screen Award yn 'e kategory bêste aktrise. Yn 2023 en 2024 waard se twaris nominearre foar de Amerikaanske Critics' Choice Television Award foar bêste aktrise yn in komeedzjesearje.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jacobs waard yn 1993 berne yn it Kahnawake Mohâk Territoarium, in Yndianereservaat yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Kebek. Etnysk heart hja ta de Mohâk (Mohawk), in subgroep fan 'e Irokezen. Lykas in grut diel fan 'e jongerein yn 'e reservaten yn Kanada en de Feriene Steaten hie se in drege jonkheid, wêryn't se ferskate kearen yn oanrekking kaam mei justysje. Uteinlik bedarre se by in korreksjoneel ynterfinsjeprogramma oan it John Abbott Kolleezje, in Ingelsktalige hegeskoalle yn Saint-Anne-de-Bellevue.

Kawennáhere Devery Jacobs yn 2017.

Har earste wurk as aktrise hie Jacobs yn 2007 yn 'e tillefyzjesearje The Dead Zone, in ferfilming fan in boek fan horror- en fantasy-auteur Stephen King. Se krige in beskate bekendheid mei har rol as Claudia Auditore yn 'e minysearje Assassin's Creed: Lineage, út 2009. Fierders spile se yn it begjin fan har karriêre noch yn ferskate oare searjes, de film South of the Moon (2008) en de koarte film The Blanketing (2013).

Foar har rol as Aila, de liedster fan in drugsbinde, yn 'e film Rhymes for Young Ghouls waard se yn 2013 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto nominearre foar in Canadian Screen Award (de wichtichste filmpriis fan Kanada) yn 'e kategory bêste aktrise. Dat betsjutte foar Jacobs de definitive trochbraak. Fan 2013 oant 2015 fertolke se ien fan 'e haadrollen yn 'e searje Mohawk Girls. Teffens wurke se yn 2014 mei oan 'e fideoclip foar it nûmer Sisters fan 'e band A Tribe Called Red.

Yn 2019 spile Jacobs yn it twadde seizoen fan 'e dramasearje American Gods de jonge Yndiaanske studinte Sam Black Crow, in Sjeroky, dy't in twigeast is. Yn in fraachpetear sei Jacobs dêroer dat skriuwer Neil Gaiman, op waans romansearje de tillefyzjesearje basearre waard, der by de makkers fan 'e searje sterk op oanstien hie om Jacobs yn 'e rol fan Black Crow te casten. Se murk lykwols op dat sy harsels identifisearret as lesbysk en net as in twigeast "want ik bin in Mohâk en by ús bestiet dat net".

Kawennáhere Devery Jacobs yn 2024 op it filmfestival South by Southwest yn Austin.

Yn 2019 hie Jacobs ek in weromkearende rol as Lilith Bathory yn 'e earste beide seizoenen fan 'e Netflix-searje The Order. Fan 2021 oant 2023 hie se as Elora Danan ien fan 'e haadrollen yn 'e mannichfâld bekroande komeedzjesearje Reservation Dogs, oer in kloft Yndiaanske jongerein dy't opgroeid yn in Yndianereservaat op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Oklahoma. Foar de rol fan Danan waard Jacobs twa jier efterinoar (2023 en 2024) nominearre foar de Critics' Choice Television Award yn 'e kategory bêste aktrise yn in komeedzjesearje. Yn it twadde seizoen wie Jacobs behalven as aktrise ek as senarioskriuwster by Reservation Dogs belutsen. Yn it trêde seizoen wie se regisseur fan 'e ôflevering Wahoo!

Yn 'e mande mei Lamar Johnson wûn Jacobs yn 2024 by de Canadian Screen Awards de Radius Award (ien fan 'e spesjale prizen). Datselde jiers liende se as stimaktrise har stim oan it Inûyt-personaazje Alasie yn 'e tekenfilmsearje Ark: The Animated Series.

Jacobs wennet op 't heden yn New York. Hja is lesbysk en hat in relaasje mei de Kanadeeske filmmakster D.W. Waterson. Tegearre hawwe se ek in eigen produksjemaatskippij oprjochte, mei de namme Night is Y.

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
2007The Dead ZoneMoniqueminysearje
2009Assassin's Creed: LineageClaudia Auditoreminysearje
2012Exploding SunNourhantillefyzjefilm
2013–2015Mohawk GirlsLollipopfêste rol
2019CardinalSam Duchenegastrol
2019–2020The OrderLilith Bathoryweromkearende rol
2019–2021American GodsSam Black Crow  weromkearende rol
2021Rutherford FallsJess Wellsweromkearende rol
2021The 73rd Primetime Emmy Awards  harselsas presintatrise; tillefyzjespecial
2021–2023Reservation DogsElora Dananfêste rol; ek senarioskriuwster en regisseur
2023What If...?Kahhorias stimaktrise; gastrol yn 2 ôfl.
2024EchoBonnieminysearje
2024Ark: The Animated SeriesAlasieas stimaktrise; fêste rol
films
2008South of the MoonAlexa Dumont
2013The BlanketingSeniyakoarte film
2013Rhymes for Young GhoulsAila
2015A Big Black ShortJesskoarte film
2016The Sun at MidnightLia
2016The Land of Rock and GoldAndrea
2016Running EagleJudithkoarte film
2016Another WolfCopDaisy
2016Level 16Vivien
2016Stolenn.f.t.regisseur
2018The LieBritney Ismali
2019Blood QuantumJames
2019Rustic Oraclede âldere Ivy
2021BootleggerMani
2021We Burn Like ThisChrissy B
2022Spirit RangersWind Eagle
2022This PlaceKawenniióhstha
2023BackspotRileyek produsinte
202?Oh. What. Fun.
fideospultsjes
2016The Walking Dead: MichonneSamas stimaktrise

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.