Kantabryske hazze

Ut Wikipedy
Kantabryske hazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus castroviejoi
Palacios, 1976
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

De Kantabryske hazze (wittenskiplike namme: Lepus castroviejoi) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Mei njoggen oare hazzesoarten, wêrûnder de (gewoane) hazze (Lepus europaeus), makket dit bist diel út fan it ûnderskaai fan 'e echte hazzen (Eulagos). De Kantabryske hazze waard lang oansjoen foar de Ibearyske hazze (Lepus granatensis) en pas yn 1976 as selsstannige soarte erkend. Dit nachtdier komt foar yn in lyts diel fan noardlik Spanje. De IUCN klassifisearret de Kantabryske hazze as kwetsber.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kantabryske hazze is yn syn fersprieding beheind ta in langwerpige stripe yn 'e noardlike Spaanske autonome mienskippen Kantaabrje en Astuerje. Dat gebiet beslacht it Kantabrysk Berchtme fan 'e Serra dos Ancares oant de Sierra de Peña Labra. It areaal fan 'e Kantabryske hazze mjit sadwaande mar 230 km fan east nei west en mar 25–40 km fan noard nei súd.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Taksonomysk is de Kantabryske hazze nau besibbe oan 'e Korsikaanske hazze (Lepus corsicanus). It tinken is dat dy beide soarten yn it Let-Pleistoseen in mienskiplike foarâlder hiene. Sels waard de Kantabryske hazze lang oansjoen foar de Ibearyske hazze (Lepus granatensis). Dat hie te krijen mei hoefolle oft de beide soarten opinoar lykje en ek mei it lytse en dreech berikbere wengebiet fan 'e Kantabryske hazze. Pas yn 1976 waard dit bist troch de Spaanske biolooch Fernando Palacios wittenskiplik beskreaun as in aparte soarte.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kantabryske hazze hat trochinoar in kop-romplingte fan 45–65 sm, mei in sturtlingte fan 5–10 sm en in gewicht fan 2–31/2 kg. Dêrmei hâldt de Kantabryske hazze op it mêd fan lichemsgrutte de midden tusken de oare beide hazzesoarten dy't op it Ibearysk Skiereilân foarkomme: de gewoane hazze (Lepus europaeus) en de Ibearyske hazze (Lepus granatensis). De foarpoaten binne 10–20 sm lang en de folle krêftiger efterpoaten 20–30 sm. De earen hawwe in lingte fan 18–20 sm. De pels fan 'e Kantabryske hazze is kwa kleur in mingsel fan brún en swart, mei in hiel lyts bytsje wyt op 'e boppeste dielen fan it lichem. De bealch is hielendal wyt. Krekt as by de gewoane hazze is de boppekant fan 'e sturt swart en de ûnderkant wyt. De earen hawwe ornaris swarte puntsjes oan 'e úteinen.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kantabryske hazzen komme foar yn bercheftich gebiet oant in hichte fan 2.000 m. Winterdeis migrearje se nei leger leine gebieten om snie en kjeld te mijen. Se jouwe benammen de foarkar oan heide mei wat strewelleguod, lykas fan 'e jeneverbeibeam. Dêrnjonken bewenje se ek leafwâlden mei in mingde begroeiïng fan iken en bûken. It habitat fan 'e Kantabryske hazze is tige fragmintearre.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it hâlden en dragen fan Kantabryske hazzen is net folle bekend, útsein dat it yn haadsaak nachtdieren binne. De peartiid liket yn april en maaie te fallen. Oer de fuortplanting is fierder gjin ynformaasje beskikber, al soe oannommen wurde kinne dat dy net safolle ferskilt fan besibbe hazzesoarten lykas de gewoane hazze (Lepus europaeus). Oer it dieet fan 'e Kantabryske hazze is likemin folle bekend, hoewol't er perfoarst in herbivoar is. It is waarnommen dat er gerzen fret.

Natuerlike fijannen binne foar de Kantabryske hazze nei alle gedachten de foks (Vulpes vulpes), de Ibearyske ûndersoarte fan 'e wolf (Canis lupus) en gruttere rôffûgels, lykas de keningsearn (Aquila chrysaetos). It is mooglik dat de Ibearyske lynks (Lynx pardinus) histoarysk ek yn dat rychje thúshearde, mar hjoed de dei oerlaapje de ferspriedingsgebieten fan 'e beide bedrige soarten inoar net (mear).

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kantabryske hazze hat de IUCN-status fan "kwetsber", de leechste fan trije klassifikaasjes fan bedrige bistesoarten. De wichtichste bedriging fan dizze soarte is bejaging troch de minske. Dy is oermjittich yn in grut diel fan it tige beheinde ferspriedingsgebiet. Dêrnjonken wurdt de Kantabryske hazze ek bedrige troch feroarings oan syn biotoop dy't nei alle gedachten feroarsake wurde troch klimaatferoaring.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.