Springe nei ynhâld

Korsikaanske hazze

Ut Wikipedy
Korsikaanske hazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus corsicanus
De Winton, 1898
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet
     lânseigen ferspriedingsgebiet
     yntrodusearre troch de minske as eksoat

De Korsikaanske hazze (wittenskiplike namme: Lepus corsicanus), soms ek wol de Apennynske hazze of de Italjaanske hazze neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). De namme fan dit bist is wat misliedend, mei't it op Korsika troch de minske yntrodusearre is. It eigentlike, lânseigen ferspriedingsgebiet wurdt foarme troch Sisylje en dielen fan 'e midden en it suden fan it Apennynske Skiereilân. Mei û.o. de (gewoane) hazze (Lepus europaeus) wurdt de Korsikaanske hazze ta it ûnderskaai fan 'e echte hazzen (Eulagus) rekkene. De IUCN klassifisearret de Korsikaanske hazze as kwetsber.

De Korsikaanske hazze waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1898, troch de Ingelske soölooch William Edward de Winton. Dyselde brûkte dêrfoar eksimplaren fan Korsika, en sadwaande kaam dizze hazzesoarte bekend te stean as de Korsikaanske hazze. De Winton gie derfan út dat it in selsstannige soarte wie, mar letter waard de Korsikaanske hazze gauris beskôge as in ûndersoarte fan 'e gewoane hazze (Lepus europaeus) of waarden sawol de Korsikaanske as de gewoane hazze sjoen as ûndersoarten fan 'e Kaapske hazze (Lepus capensis).

Tsjintwurdich wurdt de Korsikaanske hazze wer erkend as in selsstannige soarte, mei't bestudearring fan syn mitogondriaal DNA útwiisd hat dat er foar it neist in aparte ôfstamming fertsjintwurdiget, dy't him fan 'e gewoane hazze losmakke hat doe't er dêr yn 'e lêste iistiid fan isolearre rekke yn eigen, troch gletsjers omsletten taflechtsoarden. In oar teken dat de Korsikaanske hazze gjin ûndersoarte fan 'e gewoane hazze is, wurdt foarme troch it feit dat der gjin krusings tusken de beide soarten foarkomme yn kriten dêr't de ferspriedingsgebieten inoar oerlaapje.

De Korsikaanske hazze is lânseigen op it Italjaanske eilân Sisylje yn 'e Middellânske See (útsein de súdkust), en teffens yn dielen fan it Apennynske Skiereilân (de Lears fan Itaalje), dêr't de fersprieding tige fragmintearre is. It giet dêrby om parten fan 'e Italjaanske regio's Latium, de Abrúzzen, Umbrje en súdlik Toskane yn it sintrale diel fan it skiereilân en om Kalaabrje (de 'tean' fan 'e Lears) en dielen fan Kampaanje, Basilikata, Apûlje en Kalaabrje yn it suden. De Korsikaanske hazze komt ek foar op it Frânske eilân Korsika, mar it is no dúdlik dat it bist dêr in eksoat is. It waard dêr, wierskynlik as jachtwyld, troch de minske yntrodusearre, nei alle gedachten earne yn 'e perioade fan 'e fjirtjinde oant de santjinde iuw.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Korsikaanske hazze liket sterk op 'e gewoane hazze (Lepus europaeus), mar is justjes lytser. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 44,1–61,2 sm, mei in sturtlingte fan 6,6–11,2 sm en in gewicht fan 1,8–3,8 kg. De efterpoaten mjitte 11,4–13,5 sm en de earen 9,0–12,6 sm, en dêrmei binne dy allebeide yn ferhâlding langer as de korrespondearjende lichemsdielen by de gewoane hazze. De pels fan 'e Korsikaanske hazze is fierhinne brún, mei in krêmkleurige bealch. it ûnderhier is griis ynstee fan wyt, lykas by de gewoane hazze.

De Korsikaanske hazze komt benammen foar yn gebieten mei net folle begroeiïng, mar inkeld wat strewelleguod hjir en dêr. Foar de rest kin it biotoop flakte, steppe, greidlân, heuvels of berchtme wêze. Yn it berchmassyf fan 'e fulkaan de Etna, op Sisylje, komme Korsikaanske hazze foar oant in hichte fan 2.400 m.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it hâlden en dragen fan 'e Korsikaanske hazze is net folle bekend. Der wurdt oannommen dat fuortplantingssyklus fan dit bist net folle ôfwykt fan dy fan 'e gewoane hazze (Lepus europaeus). Itselde jildt foar wat de Korsikaanske hazze fret.

De Korsikaanske hazze hat de IUCN-status fan "kwetsber", wat de leechste fan 'e trije gradaasjes fan bedrige is. Dat komt om't de populaasje yn it hiele ferspriedingsgebiet liket te belúnjen. Oarsaken dêrfoar binne habitatferlies troch útwreiding fan minsklike aktiviteiten, oerbejaging en konkurrinsje mei yntrodusearre populaasjes fan 'e wylde knyn (Oryctolagus cuniculus) en fan 'e gewoane hazze (Lepus europaeus). It bêste fergiet it de Korsikaanske hazze op Sisylje, dêr't er noch frij algemien foarkomt. Op Korsika, lykwols, is er no seldsum en hawwe der sûnt it begjin fan 'e ienentweintichste iuw noch mar in pear waarnimmings west.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.