Springe nei ynhâld

Joaris (hillige)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Joris (hillige))
Joaris
   hillige
Sint-Joaris en de draak.
Sint-Joaris en de draak.
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 270-280
berteplak Kappadoasje
stjerdatum 23 april 303
stjerplak Lydda, Nikomeedje
wurkpaad
berop Militêr
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
Eastersk-Otterdokse Tsjerke
Oriïntaalsk-Otterdokse Tsjerken
Anglikaanske Tsjerke
hjeldei 23 april (R.-K.)
23 april en 6 maaie (East.-Ott.)
attributen Joariskrús, lâns, hynder, draak
patroan fan (û.o.) Ingelân, Georgje, Portugal, Servje, Byzantynske Ryk, Litouwen, Moskou, Barseloana

Joaris (Latyn: Georgius; Gryksk Γεώργιος Geó̱rgios, Koptysk: Ⲅⲉⲟⲣⲅⲓⲟⲥ Georgios; nei alle gedachten yn 'e 3e iuw yn Kappadoasje berne; ferstoarn op 23 April 303 yn Lod/Israel of Nikomeedje) is in legendaryske kristlike martler, dy't neffens de oerlevering oan it begjin fan 'e kristenferfolging ûnder Diokletianus (284–305) de martlersdea ferstoar. Yn 'e otterdokse tsjerken wurdt de hillige as aartshillige fereare.

De histoaryske ynformaasje oer Joaris bliuwt ûnwis. Fanwegen it mooglik legindaryske karakter waard Joaris troch de Roomsk-Katolike Tsjerke yn 1969 fan 'e roomske hilligekalinder skrast, mar yn 1975 wer tafoege. De ferearing fan Joaris as hillige begûn hiel betiid en al yn 'e 4e iuw waarden tsjerken oan him wijd. Sadwaande is der net in soad reden om te twifeljen dat der ea in histoaryske Joaris libbe hat.

Joaris wurdt rekkene ta de Fjirtjin Needhelpers en is boppedat ien fan 'e populêrste hilligen fan it kristendom. Hy is patroanhillige fan meardere lannen, stêden en ridderoarders. Joaris helpt by in grut tal saken. Hy kin oanroppen wurde tsjin de gryp, pest, lepra en melaatskens, syfilis, hûdkrupses; earsyktes. Ek soe de help fan Joaris foar better waar en by gekoanstekkerij, ûngemakken en oarlochsgefaar frege wurde kinne. De namme Joaris is noch altiten ien fan 'e populêrste nammen yn Jeropa.

Sint-Joaris is fan in grut tal lannen en plakken patroanhillige. Yn Fryslân is Joaris de patroanhillige fan 'e doarpen Easterbierrum en Britswert.

It martlerskip fan Joaris
Michiel Coxie (1499–1592).

Neffens de hagiograaf Symeon Metaphrastes (Konstantinopel, † 28 novimber 987) waard Joaris berne yn Kapadoasje. Syn âlders wiene fan adel en kristenen. Nei de dea fan syn heit teach Joaris nei Palestina, dêr't syn mem wei kaam en noch besit hie dat foar Joaris ornearre wie. Yn it Romeinske leger liet er sjen dat er wol wat doarde en al gau klom er op ta in hege posysje. Doe't Deokletianus opdracht joech ta de ferfolging fan kristenen, joech Joaris syn ûnderskiedings werom en woed er him by de keizer bekleie oer de wredens fan 'e ferfolgings. Hy waard lykwols fuort oppakt en yn 'e finzenis besochten se him fan it kristendom ôf te bringen. Moaie ûnthjitten brochten Joaris net fan 'e wiis en op it útstel om oan 'e goaden te offerjen gyng er likemin yn, sadat de keizer opdracht joech om him troch de stêd te fieren en him te ûnthalzjen.[1]

De âldste tekst fan 'e hillige Joaris is te finen by de tsjerkfaar Eusebius fan Sesaréa († 339/340), dy't tynge docht fan syn dea en ek de datum dêrfan neamt. Al gau dêrnei ûnstiene der legindes, dy't ferslach diene fan ferskate foarfallen en data, mar as kearn jimmeroan ferhellen oer de wredens fan syn martlersskip en it oerwinnen fan 'e tamtaasje troch it leauwe. In fariaasje op 'e martlersdea fan Joaris is it binen fan Joaris op in rêd mei pylken dy't oan beide kanten sniene. Ek soe Joaris yn in tsjettel mei gleone oalje smiten wêze en waard er twongen gif yn te nimmen. Oare eleminten yn ferskate boarnen en lettere tafoegings binne it kristlike ideaal fan earmoede (Joaris dy't as ridder syn lân oan earmen jout) en it ferneatigjen fan ôfgoaden fan heidenske timpels.

Yn de islaam stiet Joaris bekend as Circis (of Cercis) en wurdt er beskôge as in profeet dy't it kristendom ferspriede.

Tombe fan Joaris yn it Israelyske Lod.

Al gau nei de dea fan 'e hillige waard syn grêf yn Diospolis, it eartiidske Lydda en tsjintwurdige Lod by Tel Aviv, in sintrum fan ferearing. De fan Noard-Afrika ôfkomstige aartsdiaken Teodosium ynformearre yn syn reisferslach oer Diospolis as it plak fan it martlersskip fan Joaris. In net by namme bekende pylger út it Noard-Italjaanske Piacenza skriuwt om 570 hinne itselde. In troch de Ierske abt Adamnanus († 704) fan it eilânkleaster Iona beskreaune pylgersreis fan de Gallyske biskop Arculf, dy't om 680 hinne nei Palestina reizge, makket wiidweidiger melding fan in pear oriëntaalske Joarislegindes.

Joaris en it Monster
Gustave Surand, 1888

Yn it Westen waard Joaris tige populêr yn 'e tiid fan de krústochten. Mei namen ek it tal legindes ta, dêr't it folk sljocht op wie. Joaris soe yn 1099 de krúsfarders by Antiochje (it tsjintwurdige Turkske Antakya) holpen ha troch op in wyt hynder de moslims te ferslaan. Sa waard Joaris in soldaat fan Kristus en in hillige fan ridderoarders, lykas de tsjin 'e ein fan 'e 12e iuw stifte Dútske Oarder en de Timpeliers. Yn it lêste tiidrek fan 'e midsiuwen waard Joaris ek patroanhillige fan stêden en hearskers.

De hillige wurdt foar it earst yn de tiid fan de krústochten yn de 12e iuw as drakedeader opfierd, benammen troch de Legenda aurea fan Jakobus de Voragine. De drakeleginde fan Joaris fan Kappadoasje hat ferskate oerienkomsten mei riddermearkes. Joaris rêdt in keninklike jongfaam fan in draak, dy't libbe yn in mar by de Lybyske stêd Silena (tsjintwurdich Qabīlat Sīlīn) en offers easke fan 'e stêd. Ek de Golf fan Sint-Joaris by Beirût soe in ferwizing wêze nei it plak dêr't it gefjocht mei de draak plakfûn hie. Joaris ferwûnet de draak slim mei syn lâns en de net mear gefaarlike draak wurdt dan mei nei de stêd nommen. Yn ferskate ferzjes fan 'e leginde wurde it grutte tal minsken neamd dat harren doopje liet. Neffens de katolike teolooch Hubertus Halbfas troude Joaris net mei de dochter fan 'e kening om't it yn 'e leginde om de doop te dwaan wie; wylst it gefjocht mei de draak de striid tsjin it kwea symbolearje moast.

It symboal fan Joaris yn 'e heraldyk is it Joariskrús. It reade krús op in wite eftergrûn komt op in soad wapens en flaggen foar, lykas ek op de flagge fan Easterbierrum. Faak wurdt er ôfbylde as ridder mei in lâns, dy't in draak deaded, of hy wurdt mei de palmtûke fan it martlersskip útbylde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Georg (Heiliger)

  1. Heilligenlevens, Alban Butler