Berkhout
Berkhout | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Koggelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.655 (1 jannewaris 2023) | |
Oerflak | 18,33 km², wêrfan: - lân 17,55 km² - wetter 0,78 km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 38 'NB, 4° 59 'EL | |
Kaart | ||
Berkhout is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Koggelân. Under Berkhout falt foar in grut part ek de buorskip De Hulk. It doarp hat 2.655 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De plaknamme komt yn 1387 foar as Berchout en yn 1745 as Berckhout. De namme soe ferwize nei de bjirken fan it doe tichteby lizzende bosk.
Tusken 1408 en 1795 foel it tegearre mei in grut part fan 'e gemeente ûnder Hoarn. De patroanhillige fan Berkhout is Sint-Joaris, dy't ek op it wapen fan it plak ôfbylde wurdt.
Berkhout krige yn 1795 beskate stedske rjochten en mocht dêrom de namme stede brûke; yn 't earstoan tegearre mei Wognum en letter sûnder Wognum, mar it wie gjin stêd om't it gjin folle stedsrjochten hie. Tusken 1803 en 1811 wie de stede op 'e nij by Hoarn foege. Dêrnei waard Berkhout wer as opfolger fan 'e stede Berkhout wer in aparte gemeente. Op 'e grins mei de gemeente Hoarn lei eartiids de Grutte Waalpolder, dy't foar in part ûnder Berkhout en foar in part ûnder Hoarn foel (hjoed-de-dei is dat in wenwyk yn 'e gemeente Hoarn).
Yn 'e nacht fan 8 novimber 1941 helle in Dútske jager in Britske bommesmiter Hampden Mk I del boppe in stik greide west fan it doarp. In monumint oan it Westein betinkt de fjouwer manlju fan it fleantúch dy't om it libben kamen.
Oant 1 jannewaris 1979 bleau Berkhout in selsstannige gemeente, dêr't ek de doarpen Spierdijk (foar in part), De Goorn, Zuidermeer en Bobeldijk en de buorskippenp Zuid-Spierdijk, Baarsdorpermeer, De Hulk, Westeinde, De Burgt en Oosteinde by hearden. Yn 1979 fusearre de gemeente Berkhout mei de gemeenten Avenhorn, Oudendijk en Ursem ta de gemeente Wester-Koggelân, dy't op 1 jannewaris 2007 wer mei de gemeente Obdam opgie yn 'e gemeente Koggelân.
Buorskippen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp Berkhout bestie oarspronklik út ferskate dielen mei yn 'e midden it echte doarp. De oare dielen mei bewenning wiene eartiids buorskippen, lykas it Westein en it Eastein. Troch de útwreiding fan it doarp ferdwûn it ferskil tusken it Westein en it doarp Berkhout en dêrmei waard it Westein in gewoane strjitte fan it doarp. Allinnich De Burgt bleau noch langer in plak, mar lang om let ferdwûn ek dy namme as plakoantsjutting. Yn 'e jierren 1970 waard de strjitte De Burg fan De De Burgt ûnderdiel fan De Goorn.
Om't de bewenning net sa bot oan 'e eastlike kant útwreide, bleau it Eastein as aparte plakoantsjutting bestean. It oarspronklike begjin fan it Eastein leit net fier fan it doarp Berkhout en wurdt fakentiden net mear ta de buorskip it Eastein rekkene.
Fierder wurdt de buorskip De Hulk foar in grut part by Berkhout rekkene. Ek it doarpke Bobeldijk wurdt faak by Berkhout rekkene.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jacob Clay (1882-1955), natuerkundige, logikus en filosoof
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
Plakken yn 'e gemeente Koggelân | ||
---|---|---|
Doarpen: Avenhorn • Berkhout • Bobeldijk • De Goorn (gemeentehûs) • Grosthuizen • Hensbroek • Obdam • Oudendijk • Rustenburg • Scharwoude • Spierdijk • Ursem • Wogmeer • Zuidermeer | ||
Buorskippen: Berkmeer • Baarsdorpermeer • De Hulk • Kathoek • Noord-Spierdijk • Noorddijk • Noordermeer • Obdammerdijk • Oosteinde Oostmijzen • Zuid-Spierdijk | ||
· · |