Obdam

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Obdam
Map - NL - Koggenland - Wijk 06 Obdam - Buurt 00 Obdam.svg
Flagge Wapen
Obdam vlag 1975.svg Obdam wapen 1816.svg
Sifers
Ynwennertal 5.943 (2021) [1]
Oerflak 11,21 km²
lân 10,79 km²
wetter 0,42 km²
Stêdekloft Grut-Alkmar
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Flag of North Holland.svg Noard-Hollân
Gemeente Opmeer vlag.svg Opmar
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 52° 40′ 28″ N, 4° 54′ 14″ E

Obdam (Frysk: Opdaam) [2] is in doarp en eardere gemeente yn West-Fryslân, yn Nederlânske provinsje Noard-Hollân. As gemeente bestie Obdam fan 1811 oant 2007, doe't it mei Wester-Koggelân opgie yn 'e nije gemeente Koggelân.

Obdam leit eastlik fan Heerhugowaard tusken de doarpen Opmeer en Hensbroek. Obdam is it grutste plak yn de gemeente Koggelân en leit yn de stêdekloft Grut-Alkmaar.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Obdam wurdt om 1120 hinne al neamd as 'Opdam', in oare namme wie 'Opperdam' en yn 1347 waard it plak as 'Updamme' beskreaun. De plaknamme ferwiist der nei dat Obdam oan of op in daam lei. Eartiids lei Obdam yn in tige wied feangebiet, lykas de droegmakke Wogmar.

It eardere gemeentehûs foar de brân fan 2019

Sûnt de 14e en 15e iuw wie it feangebiet in echte mar woarn en Obdam wie it earste plak dat it gebiet bedike mei in dwersdyk. Dy dwersdyk lei yn de 16e iuw tusken Obdam en Hensbroek. Plakken lykas Ursem wiene net sa wiis mei dy dyk, om't dy dêrtroch mear lêst fan 't wetter krigen. Ek Hensbroek krige mear wetteroerlêst en lang om let waard besletten in wetterrin te graven nei Heerhugowaard. Oan it ein fan dy wetterrin waard foar it oerstallige wetter in slús boud.

Yneartsen dielden de doarpen Obam en Hensbroek sûnt 1535 in mienskiplike mûne, mar nei 1544 hiene de doarpen elts harren eigen mûne. De Wogmar wie yn 1608 hielendal droechmakke.

Stedsrjochten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1414 foel Obdam ûnder de 'stede Spanbroek', in dield stedsrjocht wêrûnder ek de doarpen Opmeer en Hensbroek foelen. Dy privileezjes waarden yn 1426 wer ynlutsen, mar yn 1456 joech Filips de Goede in mienskiplik stedsrjocht oan Obdam en Hensbroek. Obdam-Hensbroek soe lykwols nea in echte stêd wurde en it stedsrjocht wie in suver juridyske konstruksje.

De stede foel yn 1544 wer yn twaën, mar yn 1811 waarden Obdam en Hensbroek wer foar in jiermannich gearfoege waarden ta ien gemeente, oant Obdam en Hensbroek yn 1817 wer twa selsstannige gemeenten waarden. Lan om let waarden de gemeenten yn 1978 wer gearfoege ta ien gemeente Obdam. It eardere gemeentehûs stiet yn Obdam en is in ryksmonumint. Yn 2019 waard it gemeentehûs troch brân foar in part ferneatige, mar in restauraasje folge.[3]

Polder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wiidske lânskip fan de polder by Obdam

Njonken in doarp is Obdam ek in polder, dy't eins bestiet út ferskillende droechmakke markes en dobben. De dobben ûntstiene eartiids by dyktrochbraken. Ien fan de wichtichste diken yn it poldergebiet is de Obdammerdyk, dy't westlik en noardlik fan it doarp leit. It bewenne diel wurdt oantsjut as it buorskip Obdammerdyk. De dyk foarmet ûnderdiel fan in grutte dyk, dy't it gebiet beskerme tsjin it wetter fan û.o. de Berkmar. De dobbe De Weel is ien fan de dobben dy't net droechmakke binne en tsjintwurdich in natoer- en rekreaasjegebiet. Noardlik fan Obdam leit de polder en it buorskip Berkmar, dat offisjeel ek by Obdam heart.

Lang bleau Obdam in boeredoarp mei yn it sintrum deftige hûzen en gebouwen. It begjin fan de 20e iuw brocht lykwols grutte feroarings doe't in soad túnkers nei it gebiet kamen om grienten te ferbouwen. It tal feeboeren naam ôf en dêrmei waard it doarp ek oars. Doe't yn de jierren 1960 en 1970 it doarp útwreide waard mei nijbou naam it tal túnkers wer ôf. Fan it iepen karakter fan it doarp is net in soad oerbleaun.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken in tal gebouwen yn it sintrum is benammen de Sint-Fiktortsjerke út 1892 fan Andrianus Bleijs it besjen wurdich. De tsjerke waard yn 2008 keazen as de 'Moaiste tsjerke fan Noard-Hollân'. Ek de wipwettermûne oan de Braken, krekt bûten it doarp, is it besjen wurdich. De mûne waard boud yn 1670. Oare mûnen bûten it doarp mar yn it doarpsgebiet binne de Berkmarmûne en de Obdammermûne.

Yn de buorskip De Kaach stiet westlik fan it doarp oan de Nieuweweg de 'Kaagmolen', in poldermûne út 1654.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Nij Frisia, maart 2015, side 20
  3. NH Nieuws, 1 desimber 2020