Springe nei ynhâld

Weel en Braken

Ut Wikipedy
Weel en Braken
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Koggelân
plak Obdam
adresBraken 11
koördinaten52° 40' N 4° 54' E
bysûnderheden
type mûneWipmûne
flecht19,50 m
boujier1632
oare ynformaasje
eignerStifting De Westfryske Mûnen
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer31212
Webside
De mûne op de side fan it Westfrysk Genoatskip
Kaart
Weel en Braken (Noard-Hollân)
Weel en Braken

Weel en Braken is de namme fan in wip- en poldermûne yn it Noard-Hollânske Obdam. De mûne bemealle foarhinne de polder mei deselde namme.

De mûne waard om en de by yn 1632 boud en tegearre mei in oare wipmûne makke Weel en Braken de goed 76 hektare grutte polder yn 'e 17e iuw drûch. Yn 'e 18e iuw waard de boppemûne ferwidere en krige de tsjintwurdige mûne in fizel om djipper te meallen.

Oant 1966 hold Weel en Braken de polder drûch. Dêrnei waard it wurk oernommen troch in pear elektrysk oandreaune pompkes. In pear jier letter nei de ruilferkaveling mei peilferleging yn 1970 rekke de mûne syn bemeallingsfunksje hielendal kwyt. Yn 1972 waard de mûne oan 'e gemeente Obdam ferkocht en sûnt de restauraasje fan 1972-1973 draaide de mûne wer regelmjittich.

De mûne moast yn 2008 fanwegen de minne steat fan it wjukkekrús stilset wurde. Yn 2012 binne nije roede stutsen. De mûne hat in flecht fan 19,50 meter.

Eigner is tsjintwurdich de Stifting De Westfryske Mûnen (Stichting De Westfriese Molens).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: