Springe nei ynhâld

John te Loo

Ut Wikipedy
John te Loo
politikus
John te Loo yn 1986
John te Loo yn 1986
echte nammeGijsbert Johan te Loo
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum10 septimber 1928
berteplakHarns
stjerdatum31 maart 2017
stjerplakLjouwert
etnisiteit Frysk
partijPvdA
boargemaster fan Gasselte
amtsperioade1958-1969
boargemaster fan Borger
amtsperioade1969-1972
boargemaster fan Wynskoat
amtsperioade1972-1979
foargongerAuke de Boer
opfolgerTies Koek
boargemaster fan Skiedam
amtsperioade1979-1983
boargemaster fan Ljouwert
amtsperioade1983-1993
foargongerJohannes Brandsma
opfolgerHaijo Apotheker
boargemaster fan Feandam (wnd.)
amtsperioade1993-1994
boargemaster fan Eibergen (wnd.)
amtsperioade1995
boargemaster fan Reiderlân (wnd.)
amtsperioade1997
boargemaster fan Harns (wnd.)
amtsperioade1998
foargongerBerend Jansema
opfolgerChris Arlman

Gijsbert Johan (John) te Loo (Harns, 10 septimber 1928Ljouwert, 31 maart 2017) wie n Nederlânske politikus fan de PvdA.

Te Loo keas nei syn gymnasiumoplieding yn Kampen foar in amtlike karriêre. Yn 'e jûnsoeren folge er de stúdzje rjochten oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Doe't er 30 jier wie waard er yn 1958 beneamd ta boargemaster fan Gasselte en wie doe de jongste boargemaster fan Nederlân. Begjin 1969 studearre er ôf en fuort dêrnei waard er beneamd ta boargemaster fan Borger. Nei Borger folgen efterelkoar de beneamingen ta boargemaster yn Winschoten (1972), Schiedam (1979) en Ljouwert (1983). [1]

Te Loo by de ûntbleating fan it stânbyld fan François Haverschmidt yn Ljouwert

Nei it beëinigjen fan syn karriêre yn Ljouwert waard er noch ferskate kearen frege as waarnimmend boargemaster: yn Feandam (1993/1994), Eibergen (1995), Reiderlân (twadde helte fan 1997) en as ôfsluting yn syn berteplak Harns (1998).[1]

Neist boargemaster wie er ûnder mear plakferfangend-riedshear by it Gerjochtshof Ljouwert en lid fan de Centrale Raad voor Strafrechtstoepassing. [1]Ek wie er de earste presidint-kommissaris fan de Ried fan Kommissarissen fan Afvalsturing Friesland N.V. (hannelsnamme Omrin), de ôffalferwurker fan de 31 Fryske gemeenten.

Te Loo wie eareboarger fan de stêd Ljouwert. By gelegenheid fan syn ôfskied as boargemaster fan Ljouwert yn 1993 krige er Het Metrum van de voetstap oanbean. Fersen fan skriuwers dy't yn Ljouwert wenne of wurke hawwe, binne gravearre yn hurdstiennen tablo's ferspraat oer de binnenstêd. Yn 2003 waard de poëzyrûte útwreide oant yn totaal 23 gedichten.[2]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 Velde, Henk te In gesprek met oud-burgemeester Mr. G.J. te Loo in: op 't Spoor, 16e jiergong nr. 2 maaie 2007, Historische Vereniging Gasselte
  2. Het metrum van de voetstap. Poëzyrûte Ljouwert